Rol Lesfleantüch / lofttaksy Makker N.V. Koolhoven Earste flecht 1931 Yn tsjinst 1931 Tal makke 20 Brûkers Nederlânske Loftmacht, KLM, Royal Air Force De Koolhoven F.K.43 wie in Nederlânske lytse fjouwersits iendekker passazjiersfleantúch mei ien motor makke troch N.V. Koolhoven. It tastel hie plak foar fjouwer persoanen, de piloat meirekkene, en wie in direkte opfolger fan de Koolhoven F.K.41.

Skiednis De Koolhoven F.K.43 waard ûntwurpen foar de Amerikaanske multymiljonêr Van Lear Black. Yn 1930 krige Koolhoven de opdracht en begûn mei de bou fan it tastel. Yn augustus foel Van Lear Black lykwols oerboard fan syn jacht en ferdronk.

It wie in frij suksesfol ûntwerp mei goede fleankwaliteiten. De KLM kocht tolve tastellen en brûkte se as fleanende taksy en foar de oplieding fan piloaten. Twa dêrfan waarden boud troch Aviolanda.

By it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch waarden fjouwer F.K.43s foardere troch de Keninklike Loftmacht. Ien dêrfan ûntsnapte oan de ûndergong troch nei Ingelân te fleanen, dêr't it troch de Royal Air Force yn gebrûk naam waard as ferbiningsfleantúch.

Nei de oarloch waarden noch acht tastellen, oandreaun troch in Armstrong Siddeley Genet Major radiaalmotor fan 165 pk (123 kW) troch Fokker produsearre (de tastellen waarden "Fokhovens" neamd ). Hazewinkel, 1989, s.44 Mar ien fan dy swier modifisearre tastellen hat it oant no ta oerlibbe.

Spesifikaasjes (F.K.43)

Parameters fan de Koolhoven FK-43: Le Dernier Survivant Hazewinkel, 1989, s.43 Algemiene gegevens Bemanning: 1 Kapasiteit: 2–3 passazjiers Lingte: 8,30 m Spanwiidte: 11 m Fleugeloerflak: 17 m² Gewicht leech: 605 kg Maks. gewicht: 1100 kg Motor: 1 × de Havilland Gipsy Major 4-sylinder omkearde luchtkuolle linemotor, 97 kW (130 hk)

Prestaasjes Maks. faasje: 210 km/o op seenivo Krúsfaasje: 190 km/o (80% fermogen) Fleanberik: 720 km Tsjinstplafond: 4.100 m (13,500 ft) Klimfaasje: 3,3 m/s

Kategory:Nederlânske ferkearsfleanmasine Kategory:Nederlânske lesfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1931