Stasjon Dimter (Dv) is it stasjon fan de Nederlânske stêd Dimter yn de provinsje Oerisel, en waard iepene yn 1865 oan de Steatsline A (Arnhim - Ljouwert).

Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Dimter wie in in leech en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. It stasjon foldie dêrmei oan de strange bepalingen fan de Fêstingswet.

De fêstingwet waard yn 1874 oanpast, en it 1e stasjonsgebou út 1864 waard yn 1914 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar nijbou. It nije stasjonsgbou is in ûntwerp fan arsjitekt Henri Menalda van Schouwenburg. In asymmetryske gebou, mei sterk ferskillende geveldielen. Links it eigentlike stasjon rjochts in goederenloads. De haadyngong is yn de rjochterhoeke, by in skeane sydgevel. Opfallend oan it stasjon binne de mannichte oan oarspronklike skaaimerken, lykas de tegeltablo's en de houten banken.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster140/240IC 77Intercity(NS InternationalDB Fernverkehr)Amsterdam Sintraal – Hilfertsom – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Bad Bentheim – Rheine – Osnabrück Hbf – Hannover Hbf – Wolfsburg Hbf – Stendal – Berlin-Spandau – Berlin Hbf – Berlin OstbahnhofRydt om 'e twa oeren, stoppet om 'e fjouwer oere te Bünde en twa oeren letter om 'e fjouwer oere te Bad Oeynhausen. Net alle treinen hâlde halt yn Apeldoarn.1500Intercity(NS)Amsterdam Sintraal – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – DimterRydt op wurkdagen yn de spits fan en nei Dimter. Yn de dal oeren is dat 1x de 2 oeren. 1600 Intercity (NS) Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst 1700 Intercity (NS) De Haach Sintraal – Gouda – Utert Sintraal – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst3600 Intercity (NS) Roosendaal – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Sutfen – Dimter – Swol 7000 Sprinter (NS) Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst

Kategory:Bouwurk yn Dimter‎ Dimter Dimter Dimter