Stasjon Hegesân-Sappemeer (Hgz) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Hegesân yn de provinsje Grinslân. It stasjon waard iepene yn 1868 oan de Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns).
Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Hegesân-Sappemeer wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw. It wie ien fan de tsien stasjons dy 't ea yn dy klasse boud waard. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode.
It stasjon waard yn 1989 ôfbrútsen en ferfongen troch in stasjonsgebou ûntwurpen troch arsjitekt Rob Steenhuis. Nei sluting fan it loket hat de NS it gebou noch in skoft oan ferskate bedriuwen ferhierd. Tsjintwurdich stiet it slim fertutearze gebou leech.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 620100Stoptrein (Arriva)Grins – Hegesân-Sappemeer – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns – Weener – LierFerbining wurd sûnt 2015 rieden troch in trein ferfangende bus om't de Friezebrêge stikken is.RS 637500Stoptrein (Arriva)Grins – Hegesân-Sappemeer – Súdbroek – Wynskoat – Bad Nijeskâns Yn 'e moarnsspits begjint ien rit yn Bad Nijeskâns.RS 737800Stoptrein (Arriva)Grins – Hegesân-Sappemeer – Súdbroek – Feandam
Kategory:Bouwurk yn Midden-Grinslân Hegesan-Sappemeer Kategory:Bouwurk út 1865 Kategory:Bouwurk út 1989