Andor is in Amerikaanske tillefyzjesearje dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Andor is in spin-off en prequel fan 'e film Rogue One: A Star Wars Story út 2016, dy't sels in prequel wie fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. De titel ferwiist nei de haadpersoan, Cassian Andor, in ofsier by en spion foar it Rebelleferbûn, dat yn 'e Galaktyske Boargeroarloch ferwikkele is mei it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. De searje folget Andor yn 'e fiif jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Rogue One. It earste seizoen fan Andor kaam yn it neijier fan 2022 beskikber fia de streamingtsjinst Disney+. De ferwachting is dat it twadde en lêste seizoen yn it neijier fan 2024 útkomme sil.

Untstean Yn novimber 2017 makke Bob Iger, de algemien direkteur fan The Walt Disney Company, bekend dat Disney en syn dochterûndernimming Lucasfilm dwaande wiene mei de ûntwikkeling fan ferskate live-actiontillefyzjesearjes. Dy soene útbrocht wurde fia de nije streamingtsjinst Disney+. Ien fan dy tillefyzjesearjes wie, sa die in jier letter bliken, in prequel fan 'e Star Wars-film Rogue One: A Star Wars Story (2016), dy't sels wer in prequel wie fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. De searje moast it eftergrûnferhaal fertelle fan it personaazje Cassian Andor, in ofsier by it Rebelleferbûn dy't ek aktyf is as spion.

Produksje Andor waard yn 't earstoan ûntwikkele troch Jared Busch, foar't Tony Gilroy it wurk fan him oernaam. Kate Hazell en David Meanti wiene as tillefyzjeprodusinten by it projekt belutsen foar filmstudio Lucasfilm. Yn 'e mande mei Sanne Wohlenberg, Kathleen Kennedy, Toby Haynes, Michelle Rejwan en haadrolspiler Diego Luna hie Gilroy as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Haynes, Susanna White en Benjamin Caron regissearren elts in stikmannich ôfleverings, wylst de senario's skreaun waarden troch Tony Gilroy, Dan Gilroy, Stephen Schiff en Beau Wllimon. It earste seizoen fan 'e searje bestie út fjouwer min ofte mear op harsels steande 'blokken' fan trije ôfleverings.

De opnamen foar Andor fûnen plak yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Dêrnjonken waard op lokaasje filme yn oare dielen fan Buckinghamshire en op ferskate plakken yn Lancashire, Dorset, Derbyshire en Londen yn Ingelân en yn Perthshire en by de Cruachandaam yn Skotlân. De kamerarezjy waard fersoarge troch Adriano Goldman, Frank Lamm, Damián García en Jonathan Freeman. De titelmuzyk en de soundtrack fan Andor wiene it wurk fan komponist Nicholas Britell. De distribúsje fan 'e searje waard fersoarge troch Disney Platform Distribution. Andor waard, fan septimber 2022 ôf, útslutend beskikber makke fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney. It earste seizoen fan 'e searje omfieme 12 ôfleverings mei in spyldoer fan 38 oant 57 minuten it stik.

De opnamen fan in twadde seizoen, dat ek 12 ôfleverings hawwe sil, setten op 21 novimber 2022 útein. Dy sille nei ferwachting duorje oant yn augustus 2023. It twadde seizoen sil ek wer út fjouwer 'blokken' fan elts trije ôfleverings bestean, wêrby't elts 'blok' de searje in jier tichter by it begjin fan 'e film Rogue One: A Star Wars Story bringt. Regisseurs sille Ariel Kleiman, Janus Metz en Alonso Ruizpalacios wêze, wêrby't Kleiman twa 'blokken' fan trije ôfleverings foar har rekken nimt en de oare beide elts ien 'blok'. Oannommen dat de postproduksje fan it twadde seizoen, krekt as dy fan it earste, likernôch in jier yn beslach nimt, kin it twadde seizoen fan Andor yn it neijier fan 2024 ferwachte wurde. Der is al bekendmakke dat it twadde seizoen naadleas oanslute sil op Rogue One, wêryn't it personaazje fan Cassian Andor omkomt; der sille dus gjin fierdere seizoenen fan 'e searje makke wurde.

Utgongspunt fan 'e plot Fiif jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e films Rogue One: A Star Wars Story (2016) en Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) is Cassian Andor in dief dy't troch it Stjerrestelsel doarmet nei't syn thúsplaneet, Kenari, ferwoastge is by in mislearre eksperiminteel mynbouprojekt fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. It earste seizoen fan Andor folget syn ûntwikkeling fan in synyske krimineel dy't neat fan it ferset tsjin 'e Keizerlike autoriteiten hawwe moat, ta de herststochtlikste fersetsman fan it Rebelleferbûn, dy't ree is om syn libben op te offerjen om it Stjerrestelsel te rêden. It twadde seizoen folget Andor by mear aventoeren en ferbynt seizoen 1 mei de sitewaasje oan it begjin fan 'e film Rogue One.

Rolferdieling Haadrollen personaazje                     akteur/aktrise Cassian Andor Diego Luna Syril Karn Kyle Soller Bix Caleen Adria Arjona Maarva Andor Fiona Shaw Luthen Rael Stellan Skarsgård Dedra Meero Denise Gough Mon Mothma Genevieve O'Reilly Vel Sartha Faye Marsay Cinta Kaz Varada Sethu Kleya Marki Elizabeth Dulau

Weromkearende byrollen personaazje akteur/aktrise de jonge Cassian Andor Antonio Viña Brasso Joplin Sibtain Timm Karlo James McArdle kommissaris Hyne Rupert Vansittart sersjant Linus Mosk Alex Ferns Clem Andor Gary Beadle Eedy Karn Kathryn Hunter Perrin Fertha Alastair Mackenzie majoar Partagaz Anton Lesser Karis Nemik Alex Lawther luitenant Gorn Sule Rimi Arvel Skeen Ebon Moss-Bachrach Taramyn Barcona Gershwyn Eustache jr. kommandant Jayhold Beehaz Stanley Townsend Tay Kolma Ben Miles Kino Loy Andy Serkis Ruescott Melshi Duncan Pow Saw Gerrera Forest Whitaker Davo Sculdun Richard Dillane

Seizoenen seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk11221 septimber 202223 novimber 2022Disney+212noch net bekendnoch net bekend

Untfangst en resultaat Fan 'e tillefyzjekritisy krige Andor oer it algemien hiel positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de searje in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 580 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "As in rou aventoer ferteld út it grûnperspektyf wei ûnder it bewâld fan it Galaktysk Ryk is Andor in útsûnderlik folwoeksen en polityk ûnderdiel fan 'e Star Wars-saga, en ien fan 'e bêsten oant no ta." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Andor in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 31 resinsjes.

Andor waard yn 2023 nominearre foar de Golden Globe foar bêste tillefyzje-akteur yn in dramasearje (Diego Luna) en teffens foar de Critics' Choice Awards foar bêste dramasearje en bêste akteur yn in dramasearje (Diego Luna).

Keppelings om utens Offisjele webside fan Andor De titelmuzyk fan Andor op YouTube Ynformaasje oer Andor yn 'e Internet Movie Database

Kategory:Star Wars-telefyzjesearje Kategory:Amerikaanske science fiction-searje Kategory:Amerikaanske aventoeresearje Kategory:Amerikaanske aksjesearje Kategory:Amerikaanske fantasysearje Kategory:Science fiction-aventoeresearje Kategory:Science fiction-aksjesearje Kategory:Science fiction-fantasysearje Kategory:Ingelsktalige telefyzjesearje Kategory:Fiktyftalige telefyzjesearje Kategory:Telefyzjesearje út 2022 Kategory:Telefyzjesearje fan Lucasfilm Kategory:Telefyzjesearje oer romtefeart Kategory:Telefyzjesearje oer bûtenierdske wêzens Kategory:Telefyzjesearje oer robots Kategory:Telefyzjesearje oer tsjoenderij Kategory:Telefyzjesearje oer in dief Kategory:Telefyzjesearje oer in spion Kategory:Telefyzjesearje oer in opstân Kategory:Telefyzjesearje oer in oarloch