Anna fan Bretanje (Frânsk: Anne de Bretagne; Bretonsk: Anna Breizh; Nantes, 25 of 26 jannewaris 1477 – Blois, 9 jannewaris 1514) wie fan 1488 oant har dea hartoginne fan it (yn namme) doe noch ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje. Hoewol't se der alles oan die dat yn har macht lei om 'e selsstannigens fan har heitelân te hanthavenjen, kaam Bretanje yn har tiid stevich yn 'e hannen fan it Keninkryk Frankryk, dat it hartochdom yn 1532 anneksearje soe. Njonken har regear suo jure oer Bretanje, wie Anna keninginne-gemalinne fan Frankryk, earst as de oarehelte fan Karel VIII en letter fan Loadewyk XII. Sy is de iennichste frou dy't twaris keninginne-gemalinne fan Frankryk west hat. Teffens wie se ûndere de Italjaanske Oarloggen keninginne-gemalinne fan Napels en hartoginne-gemalinne fan Milaan. Yn Bretanje stiet Anna noch altyd yn heech oansjen as ien dy't it lân om 'e nocht tsjin 'e Frânsen besocht te ferdigenjen. Yn it tiidrek fan 'e tweintichste iuw waard se sadwaande in boechbyld fan it Bretonske nasjonalisme.

Libben Jonkheid Anna waard berne op 25 of 26 jannewaris 1477 yn it Kastiel fan 'e Hartoggen fan Bretanje yn Nantes, yn wat no it Frânske departemint Loire-Atlantique is. Hja wie it âldste bern fan hartoch Frâns II fan Bretanje en dy syn twadde frou Margareta fan Foix. In âlder healbruorke, Jan, wie yn 1463 58 dagen nei de berte kommen te ferstjerren. Anna hie in jongere suster, Isabeau, dy't yn 1478 berne waard mar yn 1490 mei tolve jier ferstoar. Har mem ferstoar yn 1486, doe't Anna njoggen jier wie, en har heit kaam yn 1488 om by in fal fan syn hynder, doe't se alve jier wie.

It wurdt wierskynlik achte dat Anna lêzen en skriuwen learde yn it Frânsk en faaks ek in bytsje yn it Latyn. Oars as wat wol oer har beweard wurdt, hie se gjin kunde fan it Gryksk of Hebriuwsk en spriek noch ferstie se it Bretonsk, de nasjonale taal fan har heitelân. Mei troch it ier fuortfallen fan har âlden, mar ek neffens wat foar lju fan har stân yn dy tiid wizânsje wie, waard Anna grutbrocht troch in gûvernante, Françoise fan Dinan, frouwe fan Châteaubriant en troch har houlik grevinne fan Laval. Dêrnjonken hie Anna ferskate privee-learaars, ûnder wa har butler en hofdichter Jean Meschinot, dy't har nei alle gedachten les joech yn dûnsjen, sjongen en muzyk.

Erfdochter Anna har heit Frâns II wie hartoch wurden as opfolger fan syn omkes Jan V en Arthur III, dy't gjinien fan beiden manlike neikommelingen hiene. Frâns II wie sadwaande de lêste manlike telch út it slachte Dreux-Montfort. Dat er sels ek gjin soannen produsearre, wie, yn in tiid dat froulju net yn tel wiene, foar it ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje in regelrjochte ramp, temear om't it Keninkryk Frankryk Bretanje as in soarte fan ôffalige provinsje seach dy't weromwûn wurde moast. Om fia Anna de erfopfolging fan syn laach feilich te stellen, liet Frâns II syn dochter op 10 febrewaris 1486 formeel as syn erfgenamte erkenne troch de Steaten fan Bretanje. Sy waard dêrtroch offisjeel syn erfdochter, wat har ta in tige oantreklike houlikspartij makke.

Frâns II, en nei syn dea Anna har fâden, besochten dêrfan gebrûk te meitsjen troch sa'n geunstich mooglike man foar har te sykjen, dy't sterk genôch wêze soe om 'e Frânsen bûten Bretanje te hâlden. Yn 1480, doe't se trije jier wie, waard se keppele oan Edwert V fan Ingelân, de prins fan Wales en erfgenamt fan kening Edwert IV fan Ingelân. Mar koart nei de dea fan Edwert IV ferdwûn Edwert V spoarleas; men nimt oan dat er út 'e wei romme is, mooglik yn opdracht fan syn omke en regint, Richard III.

Oare hege eallju oan wa't Anna efterinoar fersein waard, wiene keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk, Alain I fan Albret, Loadewyk, hartoch fan Orléans (in neef en rivaal fan 'e Frânske kening Karel VIII), Jan IV fan Châlon-Arlay, prins fan Oranje, en Edwert Stafford, 3e hartoch fan Buckingham. Eltse kear kaam der lykwols wol wat tusken; sa fûn Anna Alain fan Albret ôfstjitlik en wegere se in houlik mei him yn omtinken te nimmen, en waard de Ingelske kening Hindrik VII troch de eksekuteurs-testamintêr fan Hindrik Percy, 4e greve fan Noardumberlân, omkocht om in houlik te beävensearjen tusken Buckingham en Percy syn dochter Eleönoara.

Oarloggen mei Frankryk en troansbestiging Yn 1488 sleat Frâns II yn wat neitiid bekend kommen is te stean as de Dwaze Oarloch (la Guerre Folle) in militêr bûnsgenoatskip mei oare fijannen fan Frankryk, te witten: keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk, kening Ferdinand II fan Aragon en kening Hindrik VII fan Ingelân. Ferskate Frânske eallju, eardere bûnsgenoaten fan Frâns II út 'e Liga foar it Miene Goed, joegen har by him. It leger fan 'e Bretonnen en harren bûnsgenoaten waard lykwols op 28 july 1488 troch de Frânsen ferpletterjend ferslein yn 'e Slach by Saint-Aubin-du-Cormier. Op 10 augustus wie Frâns II sadwaande twongen om it fernederjende Ferdrach fan Verger te ûndertekenjen. Dêryn waard, njonken oare Bretonske konsesjes, fêstlein dat Frâns II fan dat stuit ôf foar in houlik fan syn dochters ferlet hie fan goedkarring fan 'e Frânske Kroan.

Minder as in moanne letter, op 9 septimber, kaam Frâns II te ferstjerren by in ûngemak, as gefoch wêrfan't Bretanje yn in nije krisis stoart waard. Dy soe útrinne op noch ien lêste Frânsk-Bretonske Oarloch. Doe't er nei syn fal fan it hynder yn it stjerren lei, liet Frâns syn dochter Anna ûnthjitte dat se har nea deljaan soe ûnder in Frânske oerhearsking fan Bretanje. Ek stelde er syn fertrouling Jan IV fan Rieux, de maarskalk fan Bretanje, oan as Anna har fâd. Nei't se de Bretonske haadstêd Nantes ûntflechte wie omreden fan 'e twaspjalt mank har riejouwers oer hoe't it no mei har houlik moast, waard Anna op 10 febrewaris 1489 yn Rennes ta hartoginne suo jure fan Bretanje kroane.

Mei trettjin jier troude Anna op 19 desimber 1490 mei keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk. De houliksplechtichheid fûn plak yn 'e Katedraal fan Rennes. Maksimiliaan wie dêr fansels net yn eigen persoan by oanwêzich, om't it foar him fierstente tiidrôvjend en gefaarlik wie en reizgje hielendal ôf nei Bretanje. Ynstee wie it in houlik by folmacht. De Frânske Kroan wie net om goedkarring frege, wat ynbrek makke op it Ferdrach fan Verger. Los dêrfan soe der ek nea goedkarring foar sa'n houlik jûn wêze om't Maksimiliaan in swarde fijân fan Frankryk wie, en it houlik mei Anna him yn 'e praktyk hearsker oer Bretanje meitsje soe. It houlik waard dêrom yn Parys beskôge as in earnstige provokaasje. Noch helte minder wie foar Bretanje it feit dat it houlik sa'n minne timing hie: Maksimiliaan wie drok beset mei in problematyske troanopfolging yn it Keninkryk Hongarije, en syn Spaanske bûnsgenoaten Ferdinand II fan Aragon en Isabella fan Kastylje hiene de hannen fol oan 'e ferovering fan it Emiraat Granada.

Hoewol't sawol it Keninkryk Kastylje as it Keninkryk Ingelân troepekontinginten nei Bretanje stjoerden om it Bretonske leger mei fuort te sterkjen, hie net ien fan beide lannen op dat stuit ferlet fan in iepen oarloch mei Frankryk. Doe't yn 'e maityd fan 1491 in Frânsk leger ûnder Loadewyk II fan La Trémoille Bretanje binnenfoel, koene de Bretonnen dan ek net folle oars dwaan as tebekwike. Oan 'e ein fan 'e simmer sloech La Trémoille belis foar Rennes, dat Anna har residinsje wie, en nei twa moannen koe de stêd it net langer hâlde. Op 15 novimber joech Rennes him oer en ried de Frânske kening Karel VIII de stêd binnen. De beide kanten yn 'e oarloch kamen it Ferdrach fan Rennes oerien, wêrmei't de oarloch einige yn wat Anna krekt besocht hie foar te kommen: de folsleine oerhearsking fan Bretanje troch de Frânsen.

Houlik mei Karel VIII Karel VIII wegere Anna har houlik mei Maksimiliaan I te erkennen en liet it annulearje, mei as argumint dat it nea konsummearre wie (wat doedestiden neffens it kanonyk rjocht fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke grûn foar ûntbining fan in houlik wie). Nei't se alle útstelde houliken mei Frânske eallju ôfwiisd hie, waard Anna op 17 novimber 1491 fersein oan kening Karel VIII sels. Doe waard se, eskortearre troch it Bretonske leger (om sjen te litten dat se sabeare frijwillich mei it houlik ynstimde), nei Langeais brocht. Anna tekene formeel protest oan tsjin 'e gong fan saken: se sei dat it houlik mei Karel VIII bigamy wie om't se al troud wie; se sei dat it foarnommen houlik net trochgean koe om't Karel sels al formeel fersein wie oan Maksimiliaan syn dochter Margareta fan Savoaye; en se sei dat it foarnommen houlik yllegaal wie om't de breid ûnwillich wie, sadat it delkaam op ferkrêfting. Neat holp, en de houliksplechtichheid dy't har ta de gemalinne fan Karel VIII makke, waard op 6 desimber by moarnsdage yn it Kastiel fan Langeais holden.

It houlik wie eins feitlik yllegaal oant paus Innosintius VIII it, yn ruil foar oansjenlike konsesjes fan Karel VIII, op 15 febrewaris 1492 falidearre. Tagelyk annulearre de paus doe ek formeel it houlik fan Anna mei Maksimiliaan, dêr't Karel sels it rjocht net ta hie om te dwaan. En hy joech in spesjale ûntheffing foar it houlik fan Anna mei Karel, dy't nedich wie om't se eins te nau oaninoar besibbe wiene om trouwe te meien. Oangeande Bretanje wie yn it houlikskontrakt fêstlein dat de houlikspartner dy't it langst libje soe, it bestjoer oer it hartochdom behâlde soe. Der wie lykwols ek yn fêstlein dat, mocht Karel VIII sûnder manlike erfgenamten komme te ferstjerren, Anna mei syn opfolger wertrouwe moast. Sa joech de Frânske Kroan himsels in reserve-opsje om dochs ta de anneksaasje fan Bretanje te kommen.

Op 8 febrewaris 1492 waard Anna by in plechtichheid yn 'e Katedraal fan Saint-Denis yn Saint-Denis, benoarden Parys, troch André d'Espinay, de aartsbiskop fan Bordeaux, kroane ta keninginne-gemalinne fan Frankryk. Dat wie lykwols mar in formaliteit, mei't se as keninginne fan Karel VIII alhiel gjin macht yn Frankryk hie. Wannear't Karel fuort wie, lykas doe't er yn 'e Italjaanske Oarloggen focht, wie net Anna fan Bretanje, mar syn âldere suster Anna fan Franryk regintesse foar him yn 't plak. Karel naam, sa't doedestiden wenst wie, ek it regear oer it gebiet fan syn frou oer, dat yn Bretanje hie Anna ek neat mear te sizzen. Karel ferbea har sels om 'e titel "hartoginne fan Bretanje" te brûken, wat ta oanhâldend en heechoprinnend spul tusken harren late. Ek yn 'e priveesfear wie de ferhâlding tusken Anna en Karel min. Dat begûn al trochdat Anna, doe't se trouwe moast, demonstratyf twa bêden meinaam: ien foar harsels en ien fan har brêgeman. Se wennen mar komselden op itselde plak, mar nettsjinsteande dat wie Anna it meastepart fan 'e tiid swier en brocht se yn harren sânjierrich houlik sân bern te wrâld, dy't lykwols allegearre deaberne waarden of mar koart libben. Anna wenne yn dy jierren yn 'e keninklike kastielen fan Amboise, Loches en Plessis, en as har man yn Itaalje focht, hold se ta yn Lyon, Grenoble of Moulins.

Wer hartoginne fan Bretanje Doe't Karel VIII fan Frankryk op 4 april 1498 in ûngemak krige en stoar, wie Anna fan Bretanje 21 jier en hie se gjin libbene bern. Se kearde werom nei Bretanje, dêr't se sels it regear oer har hartochdom opnaam. Har earste dieden wiene om 'e trouwe Filips fan Montauban wer kânselier te meitsjen, en Jan IV fan Châlon-Arlay, prins fan Oranje, oan te stellen as erflik luitenant-generaal fan Bretanje. Ek rôp se de Steaten fan Bretanje gear en joech se opdracht ta it slaan fan in gouden munt mei har eigen likenis derop. Om har hinne sammele se in ferneamd fermidden fan dichters, keunstners en muzikanten, ûnder wa Publio Fausto Andrelini, Jean Marot, Johannes Ockeghem, Antoine de Févin, Loyset Compère en Jean Mouton.

Houlik mei Loadewyk XII