De Stienpoarte (Nederlânsk: Steenpoort) is in eardere poarte yn de âlde stedsmuorre fan de Oeriselske haadstêd Swol. De poarte stiet oan de ein fan de Steenstraat (Stienstrjitte) en dêr is noch mar in bytsje oer fan de poarte.
De poarte waard yn 1488 boud en waard wijd oan Sint-Joaris. Der koe yn kriichstiid in besettingsmacht fan tsien manlju yn de toer. Yn 1846 waard de toer ôfbrutsen en it oerbliuwsel waard letter restaurearre.
250px|thumb|left|De Stienpoarte yn 1600
Kategory:Poarte yn Nederlân Kategory:Bouwurk yn Swol Kategory:Bouwurk út 1488 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1846