Longmire wie in súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't seis seizoenen rûn, fan 2012 oant 2017, en dy't behalven yn 'e Feriene Steaten ek yn in grut tal oare lannen en territoaria útstjoerd is. It is in plysjesearje dy't ta it sjenre fan 'e neo-western rekkene wurde kin. De titel ferwiist nei de haadpersoan, Walt Longmire. Yn 'e searje wurdt dyselde folge, wylst er as sheriff op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Wyoming ûndersyk docht nei alderhanne misdieden. Dêrby wurdt er bystien troch syn helpsheriffs, freonen en dochter. Hoewol't Longmire tige populêr wie, besleat tillefyzjestjoerder A&E Network yn 2014 om de searje nei trije seizoenen stop te setten. Produsint Warner Horizon Television bea de searje doe oan oare tillefyzjenetwurken oan. Streamingtsjinst Netflix hapte ta en kocht seizoen 4 oant en mei 6 oan. Ek de earste trije seizoenen binne no fia Netflix te sjen.

Produksje Longmire waard basearre op 'e romansearje The Walt Longmire Mysteries fan Craig Johnson. De pilotôflevering, dy't skreaun waard troch John Coveny en Hunt Baldwin en regissearre troch Christopher Chulack, waard op 14 desimber 2010 troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk A&E Network besteld. Op 26 augustus 2011 besleat A&E om in earste seizoen fan tsien ôfleverings oan te keapjen. Coveny, Baldwin en Chulack wiene yn 'e mande mei Greer Shephard en Michael M. Robin ek as útfierende produsinten by de searje belutsen foar de tillefyzjestudio's Warner Horizon Television, The Shephard-Robin Company en Two Boomerangs Productions. De tillefyzjedistribúsje waard fersoarge troch Warner Bros. Television Distribution.

Hoewol't Longmire neffens it tydskrift Variety de "orizjinele dramasearje mei de heechste sjochsifers" op A&E wie en neffens Deadline Hollywood "de bêst besjoene orizjinele searje út 'e skiednis fan A&E", besleat it tillefyzjenetwurk likegoed op 28 augustus 2014, nei it trêde seizoen, om mei de searje op te hâlden. Neffens de geroften soe dat beslút nommen wêze om't Longmire fral âldere sjoggers oanspriek, dy't "in ûnoantreklike doelgroep foarmen foar advertearders". Produsint Warner Horizon Television seach lykwols noch wol brea yn 'e searje en bea Longmire oan oare tillefyzjenetwurken oan. In fearnsjier letter waard oer de oankeap fan in fjirde seizoen oerienstimming berikt mei streamingtsjinst Netflix. Letter bestelde Netflix ek in fyfde (2016) en in sechsde seizoen (2017). Uteinlik waarden er fan Longmire 6 seizoenen en yn totaal 63 ôfleverings makke, de measten fan 42 minuten, mar inkele dûbele ôfleverings mei in spyldoer fan 71 minuten.

Plot Utgongspunt Walt Longmire (Robert Taylor) is de sheriff fan it fiktive Absaroka County yn 'e Amerikaanske steat Wyoming. Dat is in plattelânsgebiet yn it foarlân fan 'e Rocky Mountains, dat omjûn wurdt troch it allike fiktive Cumberland County, in fiktyf Yndianereservaat fan 'e Sjajinnen en de steat Montana. Longmire is in widner dy't koartby de frou ferlern is oan in deadlike sykte. Hy hat ien bern, syn dochter Cady (Cassidy Freeman), dy't abbekate is. Syn langjierrige en bêste freon is de Sjajinske kafee-eigner Henry Standing Bear (Lou Diamond Phillips).

By syn ûndersiken nei misdriuwen wurdt Longmire bystien troch syn trije helpsheriffs. Fan harren ûnderhâldt Branch Connally (Bailey Chase) in romantyske relaasje mei Cady Longmire. Hy komt út in rike pleatslike famylje en longeret derop om sels sheriff te wurden. Victoria "Vic" Moretti (Katee Sackhoff) is in eardere resjersjeur út it grutstedske Philadelphia, dy't nei Wyoming ferfearn is nei in ynsidint mei in oerhearrige. Archie "Ferg" Ferguson (Adam Bartley), ta einbeslút, is in knoffelige, wat obese jongeman, dy't de minste ûnderfining fan allegear hat, mar oprjocht is en hurd wurket.

Longmire hat geregeldwei te krijen mei oare plysjes. As sheriff hat er nammentlik inkeld foech yn syn eigen county, en ek it Yndianereservaat hat in eigen plysjetsjinst dy't binnen de reservaatsgrinzen alle wetshanthavening beävensearret, útsein moarden, dy't yn reservaten ûnder it foech fan 'e federale resjerzje FBI falle. Sadwaande moat Longmire gauris gearwurkje mei Mathias (Zahn McClarnon), de kommissaris fan 'e reservaatsplysje, en mei sheriff Jim Wilkins (Tom Wopat) fan Cumberland County.

Seizoen 1 Cady sit yn noed om har heit, mei't Longmire noch altyd ompakt mei de dea fan har mem. Fanwegen de oankommende ferkiezings foar it amt fan sheriff draacht Longmire syn measte ferantwurdlikheden as plysjeman tydlik oer oan syn helpsheriffs Branch en Ferg. Dat rint mis as Branch him ek ferkiesber stelt en der wriuwing op it plysjeburo ûntstiet. Bykommende komplikaasje is dat Branch temûk in romantyske relaasje mei Cady ûnderhâldt. Vic moat ûnderwilens noch altyd wenne oan 'e gong fan saken op it plattelân fan Wyoming, dêr't se noch mar in healjier earder hinne ferfearn is út 'e grutte stêd Philadelphia. Se seit dat se nei it Westen kommen is omreden fan it wurk fan har man Sean Keegan (Michael Mosley), dy't in liedende funksje by in ierdgasmaatskippij beklaait, mar der binne oanwizings dat der wat oars efter de ferhuzing sit.

Yn willekeurich ynfoege flashbacks is te sjen hoe't Longmire en syn bêste freon Henry Standing Bear los faninoar nei Denver reizgje, yn Colorado, dêr't Longmire immen oanfalt yn in drugspân. Resjersjeur Fales fan it Denver Police Department (Charles S. Dutton) komt yn Absaroka County om mei Longmire en Cady te praten oer de dea fan Cady har mem. Cady is skokt as se ûntdekt dat har mem fermoarde is, ynstee fan, sa't har ferteld wie, beswykt is oan 'e kanker dêr't se oan litte. Fales fertelt Longmire dat se de fertochte fan 'e moard oantroffen hawwe yn in ûndjip grêf. Longmire ûntstriidt dat er foar eigen rjochter spile hat en de man tenei kommen is, mar Fales fermoedet dat as Longmire de man net fermoarde hat, syn maat Henry de put grif foar him opknapt hat.

Seizoen 2 Vic wurdt opsocht troch Ed Gorski (Lee Tergesen), in pinsjonearre plysjeman út Philadelphia, dy't ferhaal helje wol foar de dea fan syn eardere partner. Dyselde hat selsmoard dien nei't Vic syn belutsenens oan it ljocht brocht by in korrupsjeskandaal. Gorski jout har dêr de skuld fan en begjint har te stalken. Vic, dy't lang om let benaud wurdt dat Gorski har echt wat oandwaan sil, freget Henry om help om't se har baas derbûten hâlde wol. Henry spilet de ynformaasje lykwols troch oan Longmire, dy't Gorski warskôget dat er opsokkebalje moat. As er dat net docht, wurdt er op in stuit hielendal yninoar slein. De fertochte fan 'e mishanneling is de Sjajinske hierling Hector (Jeffrey De Serrano), wa't Longmire lykwols de hân boppe de holle hâldt.

Henry bychtet oan Longmire op dat hy Hector earder ynhierd hie om Miller Beck te fermoardzjen, de dieder fan 'e moard op Longmire syn frou. Hector fertelt lykwols dat hy Beck net ombrocht hat, mar him allinne in bêst wan bruien jûn hat. Dêrby hat er him de tosken út 'e mûle slein en dy by wize fan 'jachttrofee' meinommen. Resjersjeur Fales en syn meiwurkers treffe dy tosken letter yn it kafee fan Henry oan en arrestearje him. Underwilens wint Longmire de ferkiezing en wurdt foar in nije termyn ta sheriff fan Absaroka County beneamd. Cady hat auto wurdt sabotearre en letter wurdt se, mooglik mei opsetsin, oanriden. Se bedarret yn it sikehûs. It ûndersyk dat Branch dêrnei docht, liedt ta in konfrontaasje mei leden fan 'e pleatslike Sjajinnestamme, wêrby't er slim ferwûne rekket. It seizoen einiget mei in cliffhanger as it Branch noch krekt slagget om Longmire om help te beljen.

Seizoen 3 Wylst Branch opbetteret fan syn skotwûne, rekket er derfan oertsjûge dat er delsketten is troch David Ridges (David Midthunder), in Sjajinne dy't earder selsmoard dien hawwe soe en kremearre wêze soe. Longmire leaut him net, en fan gefolgen set Branch wer op eigen manneboet mei in ûndersyk útein. Henry wurdt yn it tichthûs mishannele troch oare Yndianen ûnder lieding fan Malachi Strand (Graham Greene), de eardere kommissaris fan 'e reservaatsplysje. Dyselde mient dat Henry bydroegen hat oan syn arrestaasje troch Longmire om't de beide mannen, sa't elk wit, de bêste freonen binne. As Malachi it foar Henry suver ûnmooglik makket om in abbekaat te krijen, beslút Cady him te ferdigenjen. Sy soarget derfoar dat Henry op boarchtocht frijkomt, wêrnei't er oan it wurk giet om syn ûnskuld te bewizen.

Malachi komt ek op frije fuotten en fynt in baan as haad befeiliging foar Jacob Nighthorse (A Martinez), in foaroansteande Sjajinske ûndernimmer dy't krewearret om yn it reservaat in kasino te bouwen. Sawol Branch as Henry ûntdekke dingen dy't derop wize dat Nighthorse by harren saken belutsen is, wylst Ridges in kaaifiguer liket te wêzen. Longmire begjint te fermoedzjen dat Nighthorse wat mei de moard op syn frou te krijen hân hat. Hy rekket der ek fan oertsjûge dat Branch in obsesje ûntwikkele hat foar Ridges. Dêrom set er syn helpsheriff tydlik op non-aktyf en draacht him oer oan 'e soargen fan syn heit Barlow Connally (Gerald McRaney). Longmire en Henry ûntdekke dat it Ridges wie dy't Miller Beck fermoarde hat. Longmire komt Ridges oer it mad op syn ûnderdûkadres, mar is twongen om 'e man by in gefjocht út selsferdigening dea te sjitten. As er konfrontearre wurdt mei bewizen dat Ridges, en net Henry, Miller Beck fermoarde hat, is resjersjeur Fales twongen om alle oanklachten tsjin Henry út te lûken. Branch befreget syn heit, dy't tajout dat hy dejinge is dy't Nighthorse betelle hat om Ridges yn te hieren om Longmire syn frou te fermoardzjen, yn 'e hoop dat Branch dêrtroch sheriff wurde kinne soe foar Longmire yn it plak. It seizoen einiget mei it lûd fan it ôfgean fan in fjoerwapen.

Seizoen 4 Nei't se in ûntrêstgjende boadskip op syn kompjûter oantroffen hawwe, begjinne Longmire, Vic en Ferg in syktocht nei Branch. Longmire fynt him dea werom yn in rivier. It hat der alle skyn fan dat er himsels mei in jachtgewear tekoart dien hat. Nei't er lykwols oanwizings fynt dy't derop tsjutte dat immen mei it gewear knoeid hat, wegeret Longmire om it in gefal fan selsmoard te neamen. Ynstee begjint er te fermoedzjen dat Nighthorse derefter sit. Letter bychtet in dronken Barlow Connally lykwols op dat hy syn eigen soan deasketten hat. Longmire begjint om him hinne te sjen nei in nije helpsheriff, om Branch te ferfangen. Hy nimt Zach Heflin (Barry Sloane) oan. Monte Ford (Stephen Louis Grush), in oare gadingmakker foar de baan, dy't ôfwiisd is, begjint Zach te stalken en te narjen.

Longmire en syn helpsheriffs ûndersykje de ferkrêfting fan 'e jonge Sjajinske frou Gabriella Langton (Julia Jones) troch in groep oaljewurkers, mar kinne neat dwaan troch in mesk yn 'e wet. It misdriuw hat nammentlik plakfûn yn it reservaat, dêr't de sheriff gjin foech hat, wylst de reservaatsplysje gjin foech hat om net-Yndianen te ferfolgjen, wat se ek útheve, en de FBI allinne foech hat oer gefallen fan moard. Henry docht him neitiid foar as Hector om as figilante it rjocht yn eigen hân te nimmen. As de ferkrêfters dea weromfûn wurde, besykje sawol Longmire as de kollega's fan 'e mannen de dieder te finen, dy't fermoedlik Gabriella of Hector is. Longmire is ûnderwilens in romantyske relaasje begûn mei psychologe Donna Monaghan (Ally Walker). By har thús wurde se oanfallen. Longmire rekket ferwûne en wurdt foar dea efterlitten, wylst Donna ûntfierd wurdt.

Seizoen 5 In opbetterjende Longmire stelt in yngeand ûndersyk yn nei de ûntfiering fan Donna. Hy fynt har werom, mar net de dieder. Se sette harren relaasje noch in skoft fuort, mar breidzje der dan in ein oan. Wylst Longmire en Vic, dy't ûnderwilens skieden is, almar mear nei-inoar ta groeie, ûntdekt Vic dat se swier rekke is. Se wit lykwols net oft de heit no har âld-frijer Eamonn O'Neill (Josh Cooke) is, of Travis Murphy (Derek Phillips), in maat fan Branch mei wa't se in dronken onenightstand belibbe hat.