De Wijndragerstoren is in wâltoer yn de âlde stedsmuorre fan de Oeriselske haadstêd Swol. De toer steit eastlik fan de Vistoren oan it wetter fan de Thorbeckegrêft oan ien kant en de Broeretsjerkeplein oan oatre kant.
Nei alle gedachten wie de stedsmuorre oan de kant fan de Thorbeckegrêft ree om 1500 hinne. De toer moat fan 1475-1500 komme. It dak hie ynearsten in spitsigere foarm. Omreden nije belegeringstaktiken besleat it stedsbestjoer fan Swol en befêstigje in leger dak. Yn 2017 waard it dak ferfongen.https://www.ad.nl/zwolle/aanpak-dak-wijndragerstoren~af02627d3/
Yntiid fan frede tsjinne de toer as wente fan in troch de stêd oanstelde wyndrager en wie it gilde fan de wyndragers dêre fêstigehttps://www.voetsspecialiteiten.nl/assortiment/merk/wijndragers/161. Dêr komt de namme fan de toer dus wei. Ek wie de wyndrager de bestjinner fan de stedskraanhttps://www.ensie.nl/van-dale/kraankind.
Hjoed-de-dei is der hoareka yn de toer fêstige.
300px|thumb|left|De Wijndragerstoren oan de Thorbeckegrêft.
Kategory:Toer yn Nederlân Kategory:Bouwurk yn Swol Kategory:Bouwurk út 1500 Kategory:Ryksmonumint yn Oerisel