The Lost World: Jurassic Park, soms oantsjut as Jurassic Park II, is in Amerikaanske horror- en science fiction-aksjefilm út 1997 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Jeff Goldblum en Julianne Moore. De film waard loskes basearre op 'e roman The Lost World, fan auteur Michael Crichton. De titel betsjut "De Ferlerne Wrâld: Sjuerapark", wêrfan't it lêste part ferwiist nei iit Sjuera, in geologysk tiidrek doe't de dinosauriërs de wrâld behearsken. The Lost World: Jurassic Park is it twadde diel út 'e Jurassic Park-filmsearje.
It ferhaal folget wittenskipper dr. Ian Malcolm, dy't jitris troch sakeman John Hammond foar syn karke spand wurdt om ûndersyk te dwaan nei in eilân dat bewenne wurdt troch wer ta libben brochte dinosauriërs. Malcolm wol net, mar as er foar it ferstân kriget dat syn freondinne Sarah Harding dêr al hinne tein is, jout er belies. Ienris op it eilân docht net inkeld bliken dat syn teenagedochter Kelly as ferstekling mei de ekspedysje dêrhinne reizge is, mar ek dat Hammond syn eardere bedriuw InGen in kliber lju stjoerd hat om dinosauriërs te fangen foar in dinosaurusdieretún op it Amerikaanske fêstelân. The Lost World: Jurassic Park krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in reuseftige kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre in Oscar, in Grammy en in Satellite Award. In trêde diel út de Jurassic Park-rige ferskynde yn 2001 ûnder de titel Jurassic Park III.
Plot Fjouwer jier nei de foarfallen op Isla Nublar geane de leden fan in rike Britske húshâlding mei harren jacht foar anker foar de kust fan in oar Kostarikaanske eilân, Isla Sorna. Se binne har der folslein ûnbewust fan dat op dat eilân dinosauriërs libje dy't miljoenen jierren lyn útstoarn binne, mar troch InGen, it bedriuw fan sakeman en miljonêr John Hammond, mei in kombinaasje fan kloanen en genetyske manipulaasje wer ta libben brocht binne. As it tsienjierrige dochterke fan it gesin op ferkenning út giet, wurdt se oanfallen troch in kloft Compsognathis. Se rekket lokkigernôch mar licht ferwûne, mei't har heit en de bemanning fan it jacht op har gjalpen ôf komme en har rêde ear't se opfretten wurde kin.
Yn 'e Feriene Steaten nûget in yn 'e minnichte rekke John Hammond de wiskundige dr. Ian Malcolm by him thús út. Malcolm is publyklik yn ûngenede fallen nei't er foar de media oer út 'e skoalle klapt is oangeande de foarfallen op Isla Nublar: mei't InGen it hiele fiasko behimmele hat en ûntstriidt dat der libbene dinosauriërs besteane, wurdt Malcolm nammentlik troch nimmen leaud. Fan gefolgen is syn reputaasje as serieuze wittenskipper no folslein nei de barrebysjes. It docht bliken dat de ried fan bestjoer fan InGen it nije ynsidint op Isla Sorna oangrypt hat om Hammond út 'e funksje as algemien direkteur te setten. De nije algemien direkteur is Hammond syn ynklauwerige, yntrigearjende omkesizzer Peter Ludlow.
Hammond fertelt Malcolm dat Isla Nublar inkeld "de etalaazje" fan InGen wie, in toeristyske attraksje, wylst it wiere wurk fan it kloanen en wer ta libben bringen fan 'e dinosauriërs op Isla Sorna plakfûn, in folle grutter eilân dat fierder út 'e kust fan Midden-Amearika leit. Nei't Isla Sorna lykwols troch in orkaan troffen waard, dy't de fasiliteiten dêre foar in grut part ferwoastge, ûntsnapten de dinosauriërs. Sûnt hawwe se yn 'e wyldernis witten te oerlibjen en is der op it eilân in stabyl ekosysteem ûntstien. Sûnt de jammerdearlike foarfallen op Isla Nublar is Hammond derfan oertsjûge rekke dat de minske de dinosauriërs gewurde litte moat. Mei't Ludlow lykwols fan doel is om 'e bisten op Isla Sorna te eksploitearjen om der sels better fan te wurden, wol Hammond in lyts team fan wittenskippers nei Isla Sorna stjoere om 'e dinosauriërs te bestudearjen en dokumintearjen, sadat er de publike opiny efter him krije kin yn syn krewearjen om Ludlow tsjin te hâlden.
It team dat Hammond dêrta gearstald hat, bestiet út fjouwer minsken: in net by namme neamde paleöntolooch, de profesjonele fotograaf Nick van Owen, de ekspêr op it mêd fan fjildapparatuer Eddie Carr, en, sa hopet Hammond, Malcolm sels. Malcolm wol dêr neat fan witte, en as Hammond him fertelt dat de paleöntolooch nimmen oars is as syn freondinne dr. Sarah Harding, wol er har direkt opskilje om har de dielname oan Hammond syn healwize opstigings te ûntpraten. Hammond seit lykwols dat Sarah al op it eilân is, om't se derop stie om foar it team út te reizgjen sadat se de dinosauriërs yn folslein ûnoantaaste steat observearje koe. Dan wol Malcolm ynienen wól nei Isla Sorna, en wol sa gau mooglik, mar net om te dwaan wat Hammond fan him wol, mar om Sarah te rêden. Malcolm moetet Carr en Van Owen, dy't de lêste hân lizze oan 'e tarieding fan 'e ekspedysje. Syn swarte teenagedochter Kelly komt dêr ek om ôfskie te nimmen. Malcolm hie oars op har passe moatten om't har mem op fakânsje nei Parys is, mar no hat er in oare oppas foar har regele, eat dêr't it fanke net botte entûsjast oer is.
Nei't se halje-trawalje mei in grutte harmoanikabus fol taris en in pear auto's dy't heech op 'e tsjillen lizze yn in transportfleantúch nei Kosta Rika reizjge binne, wurde se dêrwei op in fearboat oerfearn nei Isla Sorna. Der geane yn dy kontreien minne ferhalen oer it eilân, û.m. oer fiskers dy't der te deunby kamen en ferdwûn binne, dat de fearman hat gjin nocht om op it eilân te wachtsjen. Ynstee wol er in flink ein út 'e kust foar anker gean, en dan kinne de leden fan 'e ekspedysje him berikke mei harren satellyttillefoan. Op it eilân oankommen fine Malcolm, Van Owen en Carr al rillegau Sarah werom, middenmank in keppel stegosauriërs. Hja hat de tiid fan har libben en wol hielendal net rêden wurde. Werom by de bus ûntdekt Malcolm, ta syn argewaasje, dat syn dochter Kelly har yn 'e bus ferstoppe hat en as ferstekling meireizge is nei Isla Sorna. Krekt as Malcolm besiket de fearman te skiljen om alle leden fan 'e groep fan it eilân te heljen, as se dat no wolle of net, sjogge se in stikmannich helikopters oerfleanen mei swier materieel derûnder: Ludlow is op it eilân arrivearre mei in team fan hierlingen, oanfolle mei paleöntolooch dr. Robert Burke en grutwyldjagers Roland Tembo en Ajay Sidhu.
Malcolm-en-dy bespionearje it team fan InGen en beseffe dat it, ûnder lieding fan Tembo, dwaande is om dinosauriërs te fangen om se oer te bringen nei in dieretún op it Amerikaanske fêstelân. Van Owen bringt út dat Hammond him foar krekt sa'n mooglikheid meistjoerd hat. Hy hie earder ferteld dat er in diel fan it jier foar de aktivistyske miljeubeskermingsorganisaasje Greenpeace wurket, mar sabeare allinne mar om't 80% fan 'e Greenpeace-leden frou is. No docht bliken dat er wol deeglik sels ek út oertsjûging aktivist is, en dat er boppedat ûnderfining hat mei sabotaazje-aksjes.
Tembo hat as betelling foar syn tsjinsten it rjocht opeaske om in Tyrannosaurus rex te bejeien en sjitten. Dy nachts geane hy en syn maat Ajay derop út en ûntdekke it nêst fan in Tyrannosaurus rex-pearke, mei in jong deryn. Se slepe it jong mei nei in plak dêr't se it oan it tsjoar sette om in mûklaach foar de âlder-bisten te foarmjen. Underwilens kringe Van Owen en Sarah ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster it kamp fan it InGen-team binnen, dêr't se alle finzen dinosauriërs frijlitte. De bisten rjochtsje by harren ûntsnapping in ravaazje oan yn it kamp en ferniele frijwol alle fiertugen en apparatuer fan it team. Tembo en Ajay litte de mûklaach foar wat it is en geane op it leven yn it kamp ôf. Underweis werom nei de bus ûntdekke Van Owen en Sarah it Tyrannosaurus rex-jong, dat se losmeitsje en meinimme om't it troch de rûge behanneling fan Tembo-en-dy in brutsen poat oprûn hat.
By de bus hat Carr yn 'e tuskentiid in observaasjeplatfoarm yn in beam takele. As se sjogge wat Van Owen en Sarah meinommen hawwe, lûke ek Malcolm en Kelly har dêr werom. Van Owen en Sarah spalkje de brutsen poat fan it jong, mar de âlder-bisten folgje ûnderwilens it rookspoar fan harren jong nei de bus ta. Fan it observaasjeplatfoarm ôf sjogge Malcolm-en-dy de beide Tyrannosaurus rexen oankommen, dat Malcolm giet werom nei de bus om Sarah en Van Owen te warskôgjen. Hy arrivearret te let, want hoewol't se it jong oan 'e âlder-bisten weromjouwe, sette dy útein mei it ferneatigjen fan 'e bus troch dy oer in heech klif te triuwen. Nei de oanfal hinget it efterein fan 'e harmoanikabus oer de klifsrâne hinne en Sarah falt op in hier nei troch it efterrút te pletter, wylst Malcolm en Van Owen harren libbens weagje om har te rêden.
Carr hastiget him werom nei it kamp, dêr't er syn maten yn 'e bus in tou tasmyt troch it stikkene foarrút hinne, wylst er de lêste noch net ferwoastge auto mei in liere oan 'e bus ferbynt en brûkt om it bombidige ding wer by it klif op te skuorren. De Tyrannosaurus rexen komme lykwols werom, skuorre it dak fan 'e auto en frette Carr op. De bus, mei auto en al, ferdwynt oer de râne fan it klif en falt te pletter yn 'e djipte, mar sakket dêrby wûnder boppe wûnder om it tou hinne dêr't Malcolm, Sarah en Van Owen oan hingje. Neitiid wurde se by it klif op holpen troch Tembo en it InGen-team, dy't oan 'e hân fan 'e stikkene hingslotten fan 'e koaien dêr't se de fongen dinosauriërs yn opsletten hiene, konkludearre hawwe dat sy net de iennichsten op it eilân binne. Kelly, dy't troch Tembo-en-dy earder lykme-allinne op it observaasjeplatfoarm oantroffen wie, wurdt weriene mei har heit.
As de dage oan 'e loft is, wurdt dúdlik dat de beide teams gearwurkje moatte no't alle gereid en fiertugen ferneatige binne. Se moatte op 'e iene of oare manear fan it eilân sjen te kommen, mar dêrfoar moatte se earst kontakt mei de bûtenwrâld sjen te meitsjen. Ludlow fertelt dat der noch kommunikaasje-apparatuer yn 'e âlde basis fan InGen yn it binnenlân fan it eilân wêze moat, dy't it sels nei al dy jierren noch dwaan moatte soe. In probleem is wol dat yn it binnenlân krekt de gefaarlikste rôfdieren húsmanje. Om't se lykwols gjin bettere kar hawwe, beslute se as groep nei de âlde basis te rinnen. As se healwei de dei in skoftke hohâlde om te bekommen, dwaalt Tembo syn ûnderbefelhawwer Dieter Stark fan 'e groep ôf as er eefkes te pisjen giet. Hy moetet de Compsognathus wer dy't er earder út klearebare wreedaardigens mei in stroomstjitwapen gnjirde hat, mar diskear hat it 30 sm hege bistke in kliber freonen meinommen. Stark besiket út te naaien, mar bringt himsels almar djipper yn 'e swierrichheden en wurdt úteinlik troch de Compsognathus útinoar skuord en ferslynd. As syn ôfwêzigens opmurken wurdt, geane Tembo en in hierling dy't Carter hjit, nei him op 'e siik, mar se fine inkeld, yn Tembo syn wurden, "de stikjes fan him dy't se net lekker fûnen".
Nei't de groep dy jûns in provisoarysk kamp opslein hat, wurde se oerfallen troch de beide folwoeksen Tyrannosaurus rexen. (Sarah hie al foarsein dat de minsken, troch it jong te ferpleatsen, it territoarium fan 'e bisten folle grutter makke hiene.) Carter wurdt troch ien fan 'e Tyrannosaurus rex fertrape, en de measte oaren flechtsje in grot yn, dêr't de mânske bisten har net te pakken krije kinne as se by de yngong wei bliuwe. Der krûpt dr. Robert Burke lykwols in slange by de klean yn, en fan skrik tinkt er der net goed om en bliuw by de yngong wei. In Tyrannosaurus rex kriget him te pakken en fret him op. As de beide bisten har ôfjûn hawwe, jout Malcolm, dy't efterbleaun wie, him wer by de groep. Wylst it InGen-team yn panyk by nacht in fjild mei mânselheech gers yn flechtet, folgje hy, Van Owen, Sarah en Kelly harren yn in stadiger tempo. Ajay besiket de oaren te warskôgjen foar de Velociraptors,* tige gefaarlike yntelliginte dinosauriërs dy't justjes grutter binne as in folwoeksen minske en yn ridels jeie, mei't dy ek yn it gers tahâlde. Se wolle lykwols net nei him harkje, en de measten wurde troch de Velociraptors deade en opfretten.