Captain America: The First Avenger is in Amerikaanske histoaryske superheldefilm en oarlochsfilm út 2011 ûnder rezjy fan Joe Johnston, mei yn 'e haadrollen Chris Evans en Hugo Weaving. De titel betsjut: "Kaptein Amearika: De Earste Wreker", en ferwiist sawol nei de superheld Captain America as nei it superheldeteam de Avengers, beiden út 'e strips fan Marvel Comics. It ferhaal folget Steve Rogers, in lichaamlik fragile jongeman, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch by in topgeheim eksperimint transformearre wurdt ta de supersoldaat Captain America. Hy moat de geheime nazy-organisaasje Hydra tsjinkeare, dy't û.l.f. de ek mei boppeminsklike krêften bejeftige Reade Skedel stribbet nei oerhearsking fan 'e hiele wrâld. Captain America: The First Avenger krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film makket diel út fan Phase 1 fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget as sadanich op Thor. De folgjende film fan 'e rige is The Avengers, út 2012, mar it direkte ferfolch op Captain America: The First Avenger is Captain America: The Winter Soldier, út 2014.

Plot Yn 'e hjoeddeistige tiid ûntdekke wittenskippers earne yn it Noardpoalgebiet in âld, yn it iis ynferzen, reuseftich fleantúch.

Yn maart 1942 kringe luitenant-generaal Johann Schmidt, in ofsier dy't yn nazy-Dútslân oan it haad stiet fan 'e geheimsinnige organisaasje Hydra, en syn mannen yn 'e Noarske stêd Tønsberg yn in tsjerke binnen. Dêr stelle se de 'Tesseract', in mysterieus objekt dat ûnneamlik grutte godlike krêften befettet. Schmidt nimt it foarwerp mei werom nei syn geheime basis yn 'e Alpen, dêr't er it oerdraacht oan 'e briljalte wittenskipper dr. Arnim Zola. Dyselde ûntwikkelet in manear om nije wapens dy't basearre binne op 'e ûntlading fan enerzjy mei de Tesseract op te laden.

Underwilens besiket Steve Rogers, in behindige stek-yn-'e-bûs út New York, suver wanhopich om militêre tsjinst te nimmen yn it Amerikaanske Leger, om't er bittere graach syn lân tsjinje wol. Omreden fan syn ferskate sûnensswierrichheden wurdt er dêr lykwols kear op kear foar ôfwiisd. As er mei syn bêste freon, sersjant Bucky Barnes, in útstalling fan futuristyske technologyen besiket, dêr't it Leger in oanmeldingskantoar foar frijwilligers fêstige hat, beslút er it foar de sânde kear te besykjen. Mei't er Rogers syn petear mei Barnes ôfharke hat doe't Rogers útlei wêrom't er sa graach tsjinst nimme woe, soarget dr. Abraham Erskine derfoar dat er diskear oannommen wurdt.

Rogers wurdt yndield by de Strategyske Wittenskiplike Reserve (SSR), as ûnderdiel fan in topgeheim eksperimint om supersoldaten te kreëarjen. Dat eksperimint stiet ûnder lieding fan 'e Amerikaanske kolonel Chester Phillips, dy't bystien wurdt troch Erskine en de tsjeppe Britske ofsier Peggy Carter. Phillips is net bepaald ûnder de yndruk fan Rogers, mar Erskine bewissiget him derfan dat er mentaal de perfekte proefpersoan is en dat syn lichaamlike gebrekken wol oerbetterje sille as it eksperimint súksesfol is. Phillips leaut dêr neat fan en stelt Rogers op 'e proef troch in nephângranaat yn 'e groep rekruten te goaien. Wylst alle oaren fansiden springe en in sideplak opsykje, smyt Rogers him as iennichste boppe-op 'e granaat om syn maten te rêden. Dêrnei stimt Phillips yn mei Erskine syn kar.

De jûn foar it eksperimint komt dr. Erskine by Rogers en fertelt him dat, as it eksperimint súkses hat, hy it benammen opnimme moatte sil tsjin Johan Schmidt. Erskine is fan berte in Dútser, dy't neat mei it nazisme of Hitler te meitsjen hawwe woe. Ear't er de wyk naam nei de Feriene Steaten, waarden de resultaten fan syn jierren fan ûndersyk, mei dêrûnder it searum om fan in gewoane man in supersoldaat te meitsjen, yn beslach nommen troch Schmidt. Dy naam it searum sels yn, en waard dêrtroch in supersoldaat, mar it middel wie doe noch net ree foar gebrûk, sadat der ûnfoarsjoene bywurkings optreden dy't ûnomkearber wiene.

De oare deis ûndergiet Rogers it eksperimint troch ynjektearre te wurden mei it ferbettere searum fan Erskine en neitiid yn in soarte fan sarkofaach bestriele te wurden mei "fita-strielen". As er wer foar it ljocht komt, is er langer fan stal, mei folle mear spieren en in geweldich úthâldingsfermogen. Phillips is optein, mei't er fan doel is in hiele ienheid fan sokke supersoldaten oanmeitsje te litten. Heinz Kruger, in undercoveragint fan Schmidt, is lykwols yn 'e organisaasje fan Phillips ynfiltrearre troch him by it gefolch te jaan fan senator Brandt, dy't foar it Amerikaanske Kongres tafersjoch op it projekt hâldt. Kruger sjit Erskine dea, blaast in diel fan syn laboratoarium op en naait út mei de lêste reägearbuis mei it searum. Rogers giet him efternei en wit him nei in lange efterfolging te pakken te krijen, mar de reägearbuis tebrekt dêrby en Kruger docht selsmoard troch in syanidekapsule stikken te biten.

Mei Erskine dea en syn supersoldatesearum fuort, sjogge de Alliëarden tsjin jierren fan ûndersyk oan om 'e ferlern giene ynformaasje werom te winnen en itselde nivo fan ûntwikkeling wer te berikken. Phillips is bitter teloarsteld, mei't er fan miening is dat er mei mar ien supersoldaat neat kin. Hy wol Rogers yn in laboratoarium bestudearje litte om it searum werom te ûntwikkeljen, mar senator Brandt beslút Rogers ynstee yn te setten foar propagandadoelen. Hy betinkt foar Rogers it alter ego fan Captain America, in superheld dy't yn Hollywood-films en by optredens op it toaniel yn 'e hiele Feriene Steaten de nazys befjochtet en Hitler knock-out slacht.

Yn 1943, as er as Captain America op toernee is by de Amerikaanske troepen yn Itaalje lâns, heart Rogers min ofte mear by tafal dat de ienheid fan syn maat Bucky Barnes net weromkommen is nei in militêr treffen mei Schmidt en syn Hydra. Mei't er wegeret te leauwen dat syn freon dea is, lit er him troch Carter en de rike útfiner Howard Stark, de assistint fan Erskine, nei Eastenryk fleane, dêr't er mei in parasjute út it fleantúch springt. Rogers ynfiltrearret de fêsting fan Hydra, dêr't er ûntdekt dat Schmidt dêr kriichsfinzenen deawurkje lit as twangarbeiders. Hy befrijt de finzenen, ûnder wa syn maat Bucky. De finzenen meitsje guon fan 'e troch Zola ûntwurpen enerzjywapens bút en sette it yn 'e kant tsjin 'e soldaten fan Hydra. Schmidt sjocht al rillegau dat de striid ferlern is, en stelt in selsferneatigingsmeganisme yn wurking om 'e fêsting op te blazen. By in konfrontaasje mei Rogers foar't er útnaait, skuort er ynienen syn gesicht ôf, dat in masker blykt te wêzen. Dêrûnder sit in read, plassefoarmich antlit dêr't er de bynamme de Reade Skedel oan ûntlient. Schmidt en Zola ûntsnappe, wylst de hiele fêsting al yn 'e brân stiet. Rogers komt oan 'e ferkearde kant fan it fjoer fêst te sitten en moat in skynber ûnmooglike sprong weagje om te ûntsnappen.

Op 'e Amerikaanske basis hat Phillips Rogers al foar dea opjûn. Hy risselwearret krekt om Carter flink de mantel út te fegen foar har oandiel yn dit fiasko as Rogers mei de befrijde finzenen it kamp binnen marsjearret. Dan beseft Phillips einlings dat er mei Rogers goud yn 'e hannen hat. Hy lit 'Captain America' in eigen ienheid rekrutearje út 'e kriichsfinzenen dy't er befrijd hat. Rogers kiest Bucky, de blanke Amerikaan "Dum Dum" Dugan, de swarte Amerikaan Gabe Jones, de Japanske Amerikaan Jim Morita, de Ingelsman James Montgomery Falsworth en de Frânsman Jacques Dernier út. Mei dat team begjint er oanfallen út te fieren op oare bases fan Hydra, nei't er troch Stark tarist is mei in rûn skyld fan it tige seldsume mar ûnferwoastbere metaal 'fibranium'.

De folgjende jierren sabotearje Captain America en syn team alle aktiviteiten fan Hydra, ta argewaasje fan Schmidt. Underwilens begjinne Rogers en Carter fereale opinoar te reitsjen. Begjin 1945 docht it team in wraam op in trein fan Hydra. Hoewol't Captain America dêrby dr. Zola kriichsfinzen nimt, falt Bucky Barnes fan 'e trein yn in djippe berchkleau te pletter. By ûnderfreging troch kolonel Phillips slacht Zola troch en jout de lokaasje priis fan 'e lêste basis en tagelyk it haadkertier fan Hydra, yn 'e Alpen. Hy fertelt ek dat Schmidt him al in skoft neat mear gelegen lizze lit oan Hitler of syn oare oerhearrigen, en fan doel is om 'e hiele wrâld, Dútslân ynbegrepen, ûnder syn eigen hearskippij te bringen. Dêrta wol er massaferneatigingswapens ynsette tsjin 'e wichtichste haadstêden yn 'e wrâld, wêrûnder Washington, D.C. en Berlyn.

Om Schmidt tsjin te kearen ynfiltrearret Rogers, yn syn alter ego fan Captain America, lykme-allinne it haadkertier fan Hydra troch himsels finzen nimme te litten. As alle belangstelling fan Schmidt en syn trewanten op him rjochte is, kringt de rest fan it team de basis binnen. Wylst it team, Phillips en Carter de soldaten fan Hydra útskeakelje, ûntkomt Schmidt yn in reuseftich fleantúch dat tarist is mei stealthtechnology en oandreaun wurdt troch de Tesseract. Mei help fan Phillips en Carter, mei wa't er op it lêste momint in tút útwikselet, wit Captain America oan board fan it fleantúch te kommen. Hy wurdt gewaar dat Schmidt grutte Amerikaanske stêden as New York en Chicago ferneatigje wol en der ûntjout him in gefjocht tusken him en Schmidt. Dêrby rekket de húl fan 'e Tesseract stikken. Schmidt pakt it objekt mei bleate hannen beet, en wurdt yn in wjirmgat nei de romte sûcht dat dêrtroch iepengiet. De Tesseract baarnt troch de flier fan it fleantúch en falt yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan.

Mei't it fleantúch by it gefjocht te slim skansearre rekke is om te lânjen sûnder it risiko dat de bommen oan board ôfgeane, beslút Rogers dat er gjin oare kar hat as it yn see delstoarte te litten, deun by de Grienlânske kust. Fia in radioferbining siket er kontakt mei Carter om ôfskie te nimmen, wêrnei't er it fleantúch omleech stjoerd. Carter bliuwt yn triennen efter. Letter folget in Amerikaansk skip ûnder lieding fan Stark it enerzjyspoar fan 'e Tesseract en fynt it objekt werom. Hoewol't Stark befel jout om op deselde koers fierder te farren yn 'e hoop it fleantúch en Rogers werom te finen, slagget dat net.

Rogers wurdt wekker yn in sikehûskeamer dy't ynrjochte is 'e styl fan 'e 1940-er jierren. As er op 'e radio in ferslach fan in honkbalwedstryd heart dy't er yn 1941 sels besocht hat, wurdt er erchtinkend. Hy brekt út en ûntdekt dat er him befynt yn in fasiliteit fan 'e feilichheidstsjinst S.H.I.E.L.D., deunby Times Square yn New York. Mar it is net it New York dat er ken. S.H.I.E.L.D.-direkteur Nick Fury hellet him by en fertelt him dat er krapoan santich jier "sliept" hat (nei't men oannimme mei, beferzen yn it it fleantúch yn 'e poalsee lein hat). Yn in sêne dy't nei de ôftiteling folget, freget Fury de meiwurking fan Rogers by in misje mei wrâldwide impact.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise        Steve Rogers / Captain America Chris Evans Johann Schmidt / de Reade Skedel Hugo Weaving

byrollen personaazje akteur/aktrise Peggy Carter Hayley Atwell kolonel Chester Phillips Tommy Lee Jones dr. Arnim Zola Toby Jones Bucky Barnes Sebastian Stan Howard Stark Dominic Cooper dr. Abraham Erskine Stanley Tucci Timothy "Dum Dum" Dugan Neal McDonough Gabe Jones Derek Luke Jim Morita Kenneth Choi Jacques Dernier Bruno Ricci James Montgomery Falsworth J.J. Feild Heinz Kruger Richard Armitage senator Brandt Michael Brandon Nick Fury Samuel L. Jackson (cameo) Gilmore Hodge Lex Shrapnel Noarske koster David Bradley Lorraine (soldate dy't Captain America ferliede wol) Natalie Dormer Connie (fanke dêr't Bucky mei giet te dûnsjen) Jenna Coleman hantekeningfreechster Laura Haddock generaal Stan Lee (cameo)

Produksje en distribúsje Produksje