Jurassic Park III is in Amerikaanske science fiction-horrorfilm út 2001 ûnder rezjy fan Joe Johnston, mei yn 'e haadrollen Sam Neill, William H. Macy en Téa Leoni. It wie de trêde film út 'e Jurassic Park-filmsearje en teffens it earste diel út dy rige dat basearre wie op in orizjineel senario. It ferhaal folget paleöntolooch dr. Alan Grant, dy't ek ien fan 'e haadpersoanen yn 'e earste Jurassic Park-film wie. Diskear wurdt er troch in rûzjemeitsjend skieden pear foar harren karke spand om mei te wurkjen oan in syktocht nei harren teenagesoan, dy't fermist wurdt op Isla Sorna, in eilân dat bewenne wurdt troch dinosauriërs. Jurassic Park III krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie krekt as syn foargongers in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film besleat de earste Jurassic Park-trilogy. in folgjend diel yn 'e Jurassic Park-searje, mei as titel Jurassic World, kaam út yn 2015. Dêrmei sette de Jurassic World-trilogy útein.

Plot Twa Amerikanen, de tolvejierrige Eric Kirby en Ben Hildebrand, de frijer fan syn mem, geane te parasailen boppe de Stille Oseaan by in eilannegroep in ein út 'e kust fan Kosta Rika. It doel is om sa deun mooglik by Isla Sorna te kommen, sadat se de dinosauriërs sjen kinne dy't dêr libje. Isla Sorna is nammentlik Site B, it eilân dêr't de eksintrike miljonêr en sakeman John Hammond troch in kombinaasje fan kloanen en genetyske manipulaasje miljoenen jierren lyn útstoarne dinosauriërs wer ta libben brocht hat om se op in oar eilân, Isla Nublar, tichter foar de Kostarikaanske kust, te fertoanen yn in safarypark dat Jurassic Park hiet. Dy ûndernimming einige acht jier earder yn triennen (sjoch: Jurassic Park), en nei't letter de dinosauriërs op Isla Sorna ûntdutsen waarden (sjoch: The Lost World: Jurassic Park), krige dat eilân de status fan wyldreservaat en ferbean gebiet. De boat dêr't de parasailende Eric en Hildebrand mei in tou oan ferbûn binne, fart troch in mistbank hinne, wurdt dan omraak hinne en wer skuort, en as er wer ta de mist útkomt, is de bemanning ferdwûn. Foar't de boat op 'e rotsen fart, makket Hildebrand it tou los, wêrnei't hy en Eric besykje te lânjen op Isla Sorna.

Acht wiken letter docht paleöntolooch dr. Alan Grant yn Montana in nije ûntdekking oer de yntelliginsje fan Velociraptors,* dy't folle grutter blykt te wêzen as dat earder tocht waard. Se hiene nammentlik in resonearjende strôtbal, dy't harren it fermogen joech ta heechweardige kommunikaasje. Sa'n evolúsjonêre ûntwikkeling wiist der sterk op dat Velociraptors tige sosjale bisten wiene. Mei trochdat der no libbene dinosauriërs op 'e wrâld omrinne, hat Grant grutte muoite om finansiering foar syn opgravings gear te skraabjen. Hy giet op besite by syn kollega Ellie Sattler, dy't no troud is mei Mark, in liedingjaande by it Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken. Mei him hat se twa lytse bern, in poppe en it jonkje Charlie fan trije. Ellie sprekt Grant moed yn en seit dat er har altyd om help freegje kin. Werom by de opgraving brûkt Grant syn assistint Billy Brennan in 3D-printer om in Velociraptor-strôtbal nei te meitsjen. *) De Velociraptors út 'e Jurassic Park-filmsearje komme net oerien mei de leden fan it echte skaai fan dinosauriërs mei dy namme. Dy wiene ntl. in stik lytser en dêrmei ek oansjenlik minder gefaarlik. Koart foar't de earste film útkaam, waard by paleöntologysk ûndersyk lykwols de Utahraptor ûntdutsen, dy't wol deeglik yn hege mjitte oerien kaam mei de Velociraptor út 'e film. Fierders geane paleöntologen der troch nije ûntdekkings no fan út dat Velociraptors eins oerdutsen wiene mei fearren ynstee fan dat se keal wiene mei in skobbe hûd, lykas yn 'e film.

Dyselde deis wurdt Grant opsocht troch Paul en Amanda Kirby, in stienryk troud pear dat oanbiedt om syn paleöntologyske opgravings te finansieren. Yn ruil dêrfoar wolle se dat er as in soarte fan toergids mei giet as se mei it fleantúch leech oer Isla Sorna skeare, dêr't se troch Kirby syn kontakten yn it Kostarikaanske regear tastimming foar krigen hawwe. Grant hat dêr hielendal gjin sin oan, mar om't er syn opgraving út jildgebrek oer trije wiken opdoeke moat, stimt er mei tsjinnichheid ta. Dat, mei Billy stapt Grant yn it priveefleantúch fan 'e Kirbys, dêr't behalven Paul en Amanda Kirby ek piloat Nash, ko-piloat Udesky en in oare man, Cooper, yn sitte. Cooper hâldt út dat er mei de Kirbys befreone is fia harren tsjerke. As de flecht oer it eilân begjint, negearje Nash en Udesky formele warskôgings fan 'e Kostarikaanske oerheid, dy't oer de radio binnenkomme, dat se ferbean loftrom binnengeane. By de toer oer it eilân docht al rillegau bliken dat de Kirbys en de oare ynsittenden gjin inkele belangstelling hawwe foar wat Grant oer de dinosauriërs te fertellen hat. As der praat fan is om op it eilân te lânjen, en Grant him dêr sterk tsjin oankantet, slacht Cooper him bewusteleas.

As er wer bykomt, ûntdekt Grant dat it fleantúch yndie op Isla Sorna oan 'e grûn set is. It docht bliken dat Paul Kirby gjin miljonêr is mar in winkel yn kokens en tegels hat yn Enid (Oklahoma); hy en Amanda binne net troud mar skieden en Cooper is gjin fromme tsjerkegonger, mar in behurde hierling, krekt as Nash en Udesky. De trip nei Isla Sorna is gjin rekreätive lofttoer oer it eilân, mar in rêdingsaksje foar Eric, de tolvejierrige soan fan 'e Kirbys, en foar Amanda har freon Ben Hildebrand, dy't acht wiken lyn by it parasailen boppe Isla Sorna ferdwûn binne. De Kirbys hawwe wikenlang om 'e nocht besocht en krij help fan 'e oerheden fan 'e Feriene Steaten en Kosta Rika, oant se úteinlik besleaten om sels mar in rêdingsaksje op tou te setten. Paul Kirby woe der immen by hawwe dy't earder op Isla Sorna west hie, mar it is him ûnbekend dat der twa eilannen mei dinosauriërs binne, en dat Grant syn aventoer yn Jurassic Park (sjoch: Jurassic Park) plakfûn hat op Isla Nublar, en net op Isla Sorna. It hiele belûken fan Grant by de misje berêst sadwaande op in misfetting, mei't er like min fan Isla Sorna ôfwit as de Kirbys sels.

Koart nei't se lâne binne, komt in reuseftich bist (oan it lûd te hearren) de groep benei. Grant advisearret om fuortendaliks wer op te stiigjen, en de oaren wolle wol omlyk. Cooper, dy't te fier ôfdwaald is, wurdt op ûnmeilydsume wize efterlitten. As it tastel opstiigje sil, ferskynt in ferwûne Cooper op 'e lâningsbaan. Hy wurdt pakt en ferslynd troch in ûnbidige Spinosaurus aegypticus, dy't ek it fleantúch út 'e loft stompt. It tastel makket in needlâning yn it oerwâld oan 'e ein fan 'e lâningsbaan, wêrby't it folslein fernield rekket. De Spinosaurus aegypticus efterfolget wat it bist as syn proai sjocht, skuort Nash út it stikkene fleantúch en fret him op. Grant, Billy, Udesky en de Kirbys naaie út, mar komme in Tyrannosaurus rex tsjin, wêrfoar't se wer weromflechtsje moatte. Dêrtroch liede se beide reuseftige rôfdieren nei inoar ta, wat liedt ta in konfrontaasje wêrby't de Spinosaurus aegypticus de Tyrannosaurus rex deadet. Grant stelt neitiid fêst dat der op 'e list fan InGen, it bedriuw efter it wer ta libben wekjen fan 'e dinosauriërs, neffens him gjin Spinosaurus aegypticus stie. Hy is benijd wat der noch mear efterholden is.

Grant kundiget oan dat er linea recta nei de kust giet om te sjen dat er fan it eilân ôf komt. De oan ien wei troch ûnderling rûzjemeitsje Kirbys binne it dêr net mei iens. Udesky stelt in kompromis foar troch om Eric en Hildebrand te sykjen yn 'e rjochting dy't Grant útgiet. Dêr kin eltsenien mei libje. Underweis fine se troch klearebare tafal it parasail fan Eric en Hildebrand, dat yn 'e beammen heakjen bleaun is. Teffens fine se it lyk fan Ben Hildebrand, of wat dêr nei twa moannen yn in troch dinosauriërs bewenne tropysk reinwâld noch fan oer is. Hy is blykber omkommen doe't er nei syn lâning heech yn 'e beammen stykjen bleau en net loskomme koe. Billy, dy't sels graach parasaile mei, stelt fêst dat it parasail noch brûkber is en nimt it mei. In eintsje fierderop komme se by in stikmannich nêsten fan Velociraptors lâns, dêr't se gau-gau fan ruten spylje. Dêrnei sjogge se fan in hichte ôf yn 'e fierte de âlde, al acht jier ferlitten basis fan InGen op it eilân. Dêr geane se op oan.

Yn 'e slim fertutearze gebouwen docht de telekommunikaasje-apparatuer it net mear. In Velociraptor komt harren oer it mad en de groep kin mar kwealk ûntkomme troch it bist op te sluten. De Velociraptor ropt lykwols de oare leden fan syn troep te help, en mei syn allen efterfolgje se de minsken oer in stikje iepen flakte en dwers troch in keppel Corythosaurus en Parasaurolophus hinne nei it oerwâld. Dêr jeie de Velociraptors de groep útinoar, komme Udesky oer it mad en ferwûnje him slim, mar deadzje him net. As Amanda út in beam wei sjocht dat Udesky noch libbet, wylst de Velociraptors fuortgien binne, wol se him te help komme, mar it docht bliken dat de yntelliginte bisten in falstrik set hawwe mei Udesky as lokies. Amanda kin mar kwealk it faaie libben derôf rêde. Neitiid deadzje de Velociraptors Udesky echt.

Op in oar plak yn 'e bosk observearret Grant de ûnderlinge kommunikaasje fan 'e Velociraptors en komt ta de konklúzje dat de bisten earne om sykje. Sy wurde him gewaar en besingelje him, mar hy wurdt rêden troch in mysterieus figuer yn provisoaryske kamûflaazjeklean, dat inkele triengasgranaten tusken de Velociraptors smyt, sadat de bisten op 'e flecht slane. Grant syn rêder blykt de fernimstige Eric te wêzen, dy't acht wiken allinnich op Isla Sorna witten hat te oerlibjen troch de foarrieden yn 'e InGen-basis te plonderjen en beskûl te sykjen yn 'e lege tank fan in op 'e side lizzende tankwein.

De oare deis, nei't se in nacht yn 'e beammen trochbrocht hawwe, geane Billy en de Kirbys wer op 'en paad nei kust, derfan útgeande dat Grant dêr ek hinne gean sil as er noch libbet. Dat kloppet: Grant, dy't mei Eric yn 'e tankwein sliept hat, nimt de jonge op sleeptou en giet ek op 'e kust oan. Underweis yn it oerwâld heart Eric ynienen de ringtone fan syn heite satellyttillefoan. De beide groepen fine inoar sa wer, mar Paul Kirby seit dat er de satellyttillefoan útliend hie oan Nash, dy't opfretten is. As de ringtone ynienen folle tichterby klinkt, docht bliken dat it apparaat noch yn 'e Spinosaurus aegypticus sit, dy't harren fannijs efternei komt. De groep wit lykwols in observatoarium binnen te flechtsjen, mei muorren en doarren dy't tsjin it geweld fan 'e Spinosaurus aegypticus bestân binne. Wylst se wat bekomme, ûntdekt Grant dat Billy twa Velociraptor-aaien stellen hat, mei as doel om se te ferkeapjen en fan it jild de fierdere paleöntologyske opgravings yn Montana te finansieren. Hy wurdt poerlulk en feecht syn assistint flink de mantel út, mar as er de aaien fuortsmite wol, betinkt er him. It liket der sterk op dat de Velociraptors nei de aaien sykje, en Grant hopet de bisten mei de aaien ôfliede te kinnen as se de groep ûnferhope nochris yn it nau driuwe soene.

Oan 'e efterkant liedt út it observatoarium in draaitrep omleech in djippe rivierkleau yn. De groep giet dy kant út om oan 'e Spinosaurus aegypticus te ûntkommen. Sûnder euvelmoed geane se dêrby in reuseftige foliêre yn dêr't Pteranodons finzen sitte, grutte wjuktte reptilen út 'e tiid fan 'e dinosauriërs. Ien fan dy bisten falt de groep oan en fljocht fuort mei Eric, dy't er by syn nêst oan syn jongen opfuorje wol. Billy set der mei it parasail efteroan en wit de jonge te rêden, mar sels wurdt er nei syn delkommen yn 'e rivier troch de Pteranodons oanfallen en, sa liket it, opfretten. De rest fan 'e groep, no weriene mei Eric, wit út 'e foliêre te ûntkommen, mar Amanda slút de doar net goed ôf. Fierderop fine se in ferlitten boat op 'e rivier, wêrfan't se de motor oan 'e praat witte te krijen. Se litte har mei de boat fierder de rivier ôfsakje.