Alan Stivell (útspr.: [aˈlõn stiːˈvɛlː], likernôch: "ah-lân stii-velle"; echte namme: Alan Cochevelou; Riom, 6 jannewaris 1944) is in Frânsk sjonger en muzikant. Syn sjenre is de Keltyske muzyk en hy sjongt almeast yn it Bretonsk. Stivell bespilet û.m. de Keltyske harpe, de doedelsek en de bombard. Hy stiet bekend as in modernisator fan 'e folksmuzyk fan Bretanje en is in stânhêfte ferdigener fan 'e Bretonske kultuer.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Alan Stivell waard yn 1944 berne as Alan Cochevelou yn Riom, yn 'e regio Auvernje fan súdlik sintraal Frankryk. Syn heit, Georges Cochevelou (of Jord Cochevelou yn it Bretonsk) wie in amtner fan etnysk Bretonsk komôf dy't ek grut muzikaal talint hie en de Keltyske harpe, wêrfan't it bouproses ferlern gien wie, wist te rekonstruëarjen. Syn mem Fanny-Julienne Dobroushkess wie in Joadinne wa har famylje út Litouwen kaam. Hoewol't Stivell opgroeide yn Parys, rekke er besleifere fan 'e Bretonske folksmuzyk en de Keltyske kultuer, en fan syn teenagejierren ôf wied er gauris yn Bretanje te finen.

Stivell begûn yn 1953, doe't er njoggen jier wie, de Keltyske harpe te bespyljen ûnder tafersjoch fan syn heit en fan 'e konsertharpiste Denise Megevand. Syn heit brocht him ek de Bretonske taal by, Keltyske mytology, keunst en skiednis, Bretonske dûnsen en it bespyljen fan 'e doedelsek en de bombard. (Dat lêste is in tradisjoneel Bretonsk muzykynstrumint dat besibbe is oan 'e hobo.) Al mei alve jier begûn Stivell konserten te jaan. Hy bestudearre tradisjonele Bretonske, Ingelske, Ierske, Skotske en Welske folksmuzyk en learde ek de tromme, de Ierske fluit en de tinfluit te bespyljen. As lid fan 'e Bleimor Fluitband died er mei oan en wûn er ferskate kompetysjes yn Bretonske folksmuzyk.

Karriêre De earste muzykopname fan Stivell waard yn 1959 fêstlein, doe't er as solo-harpist en as backing-harpist te hearren wie op 'e platen Breiz Ma Bro ("Bretanje Myn Lân") en Mouez Breiz ("Stim fan Bretanje"). Yn 1960 ferskynde syn earste solowurk: Musique gaelique, dat as single útbrocht waard. Om dy tiid hinne betocht er ek syn artystenamme "Stivell", dat "fontein" betsjut yn it Bretonsk. Dêrmei woed er sawol ferwize nei de oplibbing fan 'e Bretonske kultuer as nei syn echte famyljenamme, "Cochevelou", dy't in Frânsktalige ferbastering is fan it Bretonske kozh stivelloú, "de âlde fonteinen". Yn 1964 publisearre er syn earste LP, mei as titel Telenn Geltiek. Fan 1966 ôf trede er op as sjonger en muzikant. Yn 1968 krige er foar it earst bekendheid bûten Frankryk, doe't er yn Londen optrede mei de Moody Blues.

Stivell wie in foarrinder fan 'e modernisearring fan 'e Bretonske en Keltyske folksmuzyk dy't bekend stiet as Keltyske rock. Yn 1970 hied er mei it liet Broceliande en it album Reflets syn earste echte hits. Hy rekke nau ferbûn mei de oplibbing fan 'e Bretonske kultuer dy't him ek yn dy jierren foardie, benammen nei't er yn 1971 it folslein ynstrumintale album Renaissance de la Harpe celtique útbrocht. Dêrmei wûn er de prestizjeuze priis fan 'e Académie Charles Cros. Stivell syn eklektyske omgong mei muzyk wie doedestiden wat nijs en waard as riskant sjoen, mar hy waard al rillegau tige populêr. Fan 'e live-registraasje À l'Olympia, fan syn optreden yn 'e konserthal Olympia yn Parys op 28 febrewaris 1972, giene mear as 1,5 miljoen eksimplaren oer de toanbank. Behalven yn Frankryk waard er ek populêr yn Kebek.

Yn 1976 publisearre Stivell it album Trema'n Inis: Vers l'île, in yntime oade oan syn koartby ferstoarne heit, dy't er opdroech oan alle Bretonske dichters fan 'e tweintichste iuw. Op syn album Symphonie Celtique: Tir Na N-Og, út 1979, fermong er foar it earst Bretonske folksmuzyk mei eleminten fan rockmuzyk, orkestrale symfonyen en wrâldmuzyk lykas de sang fan 'e Berberske sjonger Djourha en it spyljen fan 'e Yndiaaske sitarist Narendra Bataju. Yn 'e 1980-er jierren sakke de oplibbing fan Keltyske folksmuzyk wat wei, en Stivell syn stjer ferbleekte navenant. Nettsjinsteande dat wied er tsjin dy tiid in fêstige namme mei in trouwe skare fans. Hy gie op in ynternasjonaal toernee en wurke gear mei ferneamde popartysten, lykas Kate Bush.

Yn 'e 1990-er jierren gie Stivell fierder op it ynsleine paad. Foar syn album Again naam er muzyk op mei de Frânske sjonger Laurent Voulzy, de Ierske artyst Shane MacGowan en de Senegaleeske muzikant Doudou N'Diaye Rose. Again waard tige populêr yn Frankryk en stie dêr oan 'e widze fan in nije oplibbing fan 'e Keltyske folksmuzyk. Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren fermong Stivell mear rockeleminten troch syn muzyk. Yn dy snuorje wurke er foar syn album 1 Douar / 1 Earth gear mei û.o. Paddy Moloney fan The Chieftains, Jim Kerr fan 'e Simple Minds en fierders mei Khaled en Youssou N'Dour.

Yn 1998 hie it raptrio Manau mei La Tribu de Dana ien fan 'e bêstferkeapjende Frânske hits aller tiden. Dêrfoar brûkten se muzyk dy't tige liek op Stivell syn Tri Martolod. Hy klage Manau oan foar plagiaat. It trio hold út dat der genôch ferskil wie, mar de rjochter gie dêr net yn mei en Stivell stiet no te boek as skriuwer fan in diel fan La Tribu de Dana. Yn 2004 skreau Stivell y.g.m. Jean-Noël Verdier it boek Telenn, la Harpe bretonne ("Telenn, de Bretonske Harp"), ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan it Bretonske harprevival. Yn 2006 fermong er de Bretonske folksmuzyk foar it album Explore mei elektrorock, raga, hiphop en oare urban-muzykstilen. De lieten op dat album wiene skreaun yn in mingsel fan Bretonsk, Frânsk en Ingelsk. Yn 2015 brocht Stivell syn 20e studio-album út, mei as titel AMzer: Seasons.

Diskografy Studio-albums 1964 – Telenn Geltiek / Harpe celtique 1970 – Reflets / Reflections 1971 – Renaissance de la Harpe celtique 1973 – Chemins de Terre 1974 – E Langonned 1976 – Trema'n inis: Vers l'Île 1977 – Raok Dilestra: Avant d'accoster 1978 – Un dewezh 'barzh 'gêr: Journée à la maison 1979 – Symphonie Celtique: Tir Na N-Og 1981 – Terre des vivants: Bed an dud vew 1983 – Legend / Légende / Mojenn 1985 – Harps of the New Age / Harpes du Nouvel Âge / Telenn a' Skuilh-dour 1991 – The Mist of Avalon 1993 – Again 1995 – Brian Boru 1998 – 1 Douar / 1 Earth 1999 – Back to Breizh 2002 – Au-delà des mots / En tu-hont d'ar c'homzoù / Beyond Words 2006 – Explore 2009 – Emerald 2015 – AMzer: Seasons

Live-albums 1972 – À l'Olympia 1975 – E Dulenn / À Dublin 1979 – International Tour: Tro ar Bed N.B.: Hoewol't À l'Olympia en E Dulenn live-registraasjes fan konserten binne, besteane dy albums hielendal út nije, nea earder útbrochte nûmers.

Kompilaasje-albums 1975 – Grand Succès d'Alan Stivell 1997 – 70/95 Zoom 1997 – Routes 1999 – Vers l'île 2012 – Ar Pep Gwellañ 2013 – 40th Anniversary Olympia 2012

Keppelings om utens Offisjele webside fan Alan Stivell Alan Stivell yn 'e Internet Movie Database (IMDb)

Kategory:Frânsk sjonger Kategory:Frânsk muzikant Kategory:Frânsk harpist Kategory:Frânsk doedelsekspiler Kategory:Frânsk folksmuzykartyst Kategory:Sjonger yn it Bretonsk Kategory:Skriuwer yn it Bretonsk Kategory:Bretonsk persoan Kategory:Frânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Litousk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1944