Ingvild Deila (Skien, 18 jannewaris 1987) is in Noarske aktrise. Se is bekend om har rollen yn sawol ûnôfhinklike films mei leech budzjet as grutskalige kaskreakers.

Se ferskynde earst yn film troch har rol as Mina yn FISH (2013); dit waard folge troch rollen yn 7 films, allegear yn 2014. Dat late ta har rol yn de Marvel Cinematic Universe as in World Hub wittenskipper yn Oslo yn Avengers: Age of Ultron (2015). Delia spile ek Princess Leia yn Rogue One (2016). Omdat de film him ôfspilet foar Star Wars: Episode IV - A New Hope út 1977, waard in mei in troch de kompjûter makke byld fan in jonge Carrie Fisher oer it gesicht fan Deila lein. Argyfbylden fan Fisher dy't "Hope" seit waarden brûkt om it personaazje in stim te jaan.

Filmografy Jier Titel Role Opmerkingen2013FISH Mina2014The Kindness of Strangers 2014Indestructible Jenny Adams2014The Gulf of Narcolepsy 2014Hopeless Cleptomantic 2014The Writer's Daughter 2014This Is Not Happening Anna2014HillsSubi2015Run 2015 Avengers: Age of Ultron World Hub Tech2015Cropped Helga 2015 Killer Bird Andreea 2015 Lady Mercy De dame 2016 Hippopotamus Ruby Ann Watts 2016Endless Summer Annie2016The Date Anna2016Punch Bag Naomi 2016 Rogue One Princess Leia Motion capture 2017 The Inner Morgana 2019 Escape from Brazil Eva

Keppeling om utens IMDb-profyl

Kategory:Noarsk filmakteur Kategory:Noarsk toanielakteur Kategory:Persoan berne yn 1987