It keninkryk Sisylje wie in steat yn it suden fan it hjoeddeiske Itaalje.

De steat waard yn 1130 troch Rogier II fan Sisylje stifte en bestie oant 1816. Earder wie it it greefskip Sisylje, dat stifte wie yn 1071 nei de oermastering fan Súd-Itaalje troch de Normandjers. It keninkryk wie net beheid ta it eilân Sisylje, mar ek it suden fan Itaalje en Malta hearden by it keninkryk. It eilân sels wie ferdield yn de trije regio's Val di Mazara, Val Demone en Val di Noto.

Oant 1282 waard it keninkryk ek wol regnum Apuliae et Siciliae neamd. Yn dat jier soarge in rebelly, dy't bekend waard as de Sisyljaanske Fespers, foar de ôfsetting fan Karel fan Anjou, dy't oer Sisylje hearske. It hûs fan Anjou slagge der yn om de gebieten op it Italjaanske fêstelân te behâlden, dat lang om let it keninkryk Napels neamd waard, wylst it eilân in apart keninkryk waard ûnder de hearskippij fan in Katalaanske dynasty, dy't oer it keninkryk Aragon hearske.

Nei 1302 waard it eilân somtiden it keninkryk Trinacria neamd (trinacria besjut trijehoek). Fakentiden waard it keningskip takend oan in oare foarst lykas de kening fan Aragon, de kening fan Spanje of de keizer fan it Hillige Roomske Ryk.

Yn 1816 waard it keninkryk Sisylje gearfoege mei it keninkryk Napels yn it nije keninkryk fan de Twa Sisyljes. Troepen ûnder Giuseppe Garibaldi foelen yn 1861 it keninkryk oan en oermasteren it. Garibaldi droech it oer oan it Hûs fan Savoye om it mei oare steaten letter te ferienigjen yn it nije keninkryk Itaalje.

Keningen Hús Regear Kening OfbyldHûs fan Hauteville (1130–1198) 1130–1154 Roger II 100px Hûs fan Hauteville (1130–1198) 1154–1166 Willem I (Willem de Goddeleaze) 100px Hûs fan Hauteville (1130–1198) 1166-1189 Willem II (Willem de Goede) 135x135px Hûs fan Hauteville (1130–1198) 1189-1194 Tancred I (mienskiplik regear) 100px Hûs fan Hauteville (1130–1198) 1193 Roger III (mienskiplik regear) 100px Hûs fan Hauteville (1130–1198) 1194 Willem III 100px Hûs fan Hauteville (1130–1198) 1194–1198 Konstans I 100px Hûs fan Hohenstaufen 1194–1266 1194–1197 Hindrik I 100px Hûs fan Hohenstaufen 1194–1266 1198–1250 Freark I (mienskip regear) 100px Hûs fan Hohenstaufen 1194–1266 1212–1217 Hindrik II (mienskiplik regear) 100px Hûs fan Hohenstaufen 1194–1266 1250–1254 Koenraad I 100px Hûs fan Hohenstaufen 1194–1266 1254–1258 Koenradyn 100px Hûs fan Hohenstaufen 1194–1266 1258–1266 Manfred I 100px Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 1266–1282 Karel I 100px Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 1276–1285 Konstans II (mienskiplik regear) 100px Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 1282–1285 Piter I Piter de Grutte (mienskiplik regear) 100px Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 1285–1295 Jakobus I Jakobus de Rjochtfeardige 100px Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 1295–1337 Freark II 100px Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 1337-1342 Piter II 100px Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 1342–1355 Loadewyk I Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 1355–1377 Freark III (Freark de Ienfâldige) Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 1377–1401 Maria I (mienskiplik regear) 100px Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 1390–1409 Martinus I (mienskiplik regear) 100px Hûs fan Anjou-Sisylje 1266–1282 1409–1410 Martinus II 100px Hûs fan Trastámara 1412–1516 1412-1416 Ferdinand I (Ferdinand de Earlike) 100px Hûs fan Trastámara 1412–1516 1416–1458 Alfons I 100px Hûs fan Trastámara 1412–1516 1458–1468 Jehan I 100px Hûs fan Trastámara 1412–1516 1468-1516 Ferdinand II (Ferdinand de Katolyk) 100px Hûs fan Trastámara 1412–1516 1516–1555 Jehanne I (Jehanne de Sljochtsinnge) 100px Hûs fan Habsburg 1516-1700 1516–1554 Karel II 100px Hûs fan Habsburg 1516-1700 1554–1598 Filips I 100px Hûs fan Habsburg 1516-1700 1598–1621 Filips II 100px Hûs fan Habsburg 1516-1700 1621–1665 Filips III 100px Hûs fan Habsburg 1516-1700 1665–1700 Karel III 100px Hûs fan Bourbon 1700-1713 1700–1713 Filips IV 100px Hûs fan Savoy 1713–1720 1713–1720 Fiktor Amadéus 100px Hûs fan Habsburg 1720–1735 1720–1735 Karel IV 100px Hûs fan Bourbon 1735–1816 1735–1759 Karel V 100px Hûs fan Bourbon 1735–1816 1759–1816 Ferdinand III 100px

Kategory:Histoarysk lân yn Jeropa Kategory:Skiednis fan Itaalje Kategory:Skiednis fan Malta Kategory:Sisylje Kategory:Keninkryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1130 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1816