Bart Veldkamp (De Haach, 22 novimber 1967) is in earder Nederlânsk-Belgysk reedrider en reedrydtrainer. Veldkamp skreau him yn 1995 yn as ynwenner fan Belgje, sadat er fan 1996 ôf útkomme koe as reedrider foar Belgje, om sa it Nederlânske kwalifikaasje gebliksem te omsilen.Ljouwerter Krante, 27-7-1995, Belg Bart Veldkamp gaat niet andersom rijden. Yn 1997 bemachtige Veldkamp ek de Belgyske nasjonaliteit krekt op'e tiid foar de Winterspullen fan 1998.
Hy die fjirtjin kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fyftjin kear oan it Europeesk kampioenskip allround en fiif kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1992, 1994, 1998, 2002 en 2006). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear Europeesk kampioen allround en ien kear Olympysk kampioen. Hy waard ek ien kear Belgysk allround kampioen. Yn 1997 ried er as wedstriidrider de Alvestêdetocht fan 1997 út. Nei de spullen fan 2006 hold Veldkamp op mei it reedriden op heech nivo. Hy waard dernei analist by de NOS. En fan 2007 oant en mei 2016 wie Veldkamp aktyf as reedrydtrainer. Sûnt in oantal jier is Veldkamp iismaster op de natoeriisbaan Nornett stadion, yn it Noarske Alta.
Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 37,5515 jannewaris 2000 Vikingskipet, Hamar1000 meter1.12,8020 novimber 2005 Utah Olympic Oval, Salt Lake City1500 meter1.49,004 maart 2001 Olympic Oval, Calgary3 km3.47,565 febrewaris 2006 Oval Lingotto, Turyn5 km6.23,642 maart 2001 Olympic Oval, Calgary10 km13.27,4822 febrewaris 2002 Utah Olympic Oval, Salt Lake City
Resultaten jier NKAllround NKOfstannen EKAllround WKAllround WKOfstannen OlympyskeSpullen Ridend foar Nederlân1987 10 km, 19e 1988 5 km, 10 km, 4e 1989500 m, 24ste1500 m, 11e5 km, 4e10 km, 4e 10e 19906e500 m, 23ste1500 m, 24ste5 km, 10 km, 19911500 m, 5 km, 10 km, 19921500 m, 7e5 km, 10 km, 5e29ste 1500 m, 5e5 km, 5e10 km, 1993500 m, Net finisht1500 m, 8ste5 km, 10 km, 4e4e 19941500 m, 13e5 km, 10 km, 4e 8ste 5 km, 5e10 km, 19951000 m, Net finisht1500 m, 7e5 km, 6e jier BKAllround EKAllround WKAllround WKOfstannen OlympyskeSpullenRidend foar Belgje1996 4e9e5 km, 4e10 km, 1997 18e6e5 km, 4e10 km, 4e1998 4e4e1500 m, 18e5 km, 10 km, 5e1500 m, 17e5 km, 10 km, 4e1999 4e5e5 km, 10 km, 5e2000 5e4e5 km, 6e10 km, 4e2001 5 km, 18e10 km, 8ste2002 13e9e 5 km, 8ste10 km, 9e2003 14e 5 km, 18e10 km, 10e2004 22ste 5 km 18e2005 12e11e5 km, 9e10 km, 10e2006 20ste 5 km, 13e10 km, 14e
Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Belgysk reedrider Kategory:Belgysk Olympysk dielnimmer Kategory:Nederlânsk sportferslachjouwer Kategory:Nederlânsk reedrydtrainer Kategory:Belgysk reedrydtrainer Kategory:Alvestêdetochtrider Kategory:NOS-wurknimmer Kategory:Persoan berne yn 1967