Jacqueline Börner (Wysmar, 30 maart 1965) is in earder Dútsk reedrydster. Berne yn it doetiidske East-Dútslân kaam sy oant 1990 út foar East-Dútslân.

Sy die fjouwer kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround en fiif kear oan it Europeesk kampioenskip. Sy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen.

Yn de simmer fan 1990 waard se wilens in training op de fyts oanriden troch in auto. Oardel jier letter kaam se pas werom yn it reedriden mei in 6e plak by it EK allround fan 1992 op It Hearrenfean. In moanne letter liet se sjen folslein wersteld te wêzen doe't se by de Olympyske Winterspullen yn Tignes-Albertville kampioene waard op de 1500 meter. Se wûn mei mar 0,05 sekonden foarsprong op sulveren medaljewinner Gunda Niemann-Kleemann. Yn 1997 stopte Börner mei reedriden op heech nivo, sy boaske yn 2004 mei har eardere trainer Thomas Schubert.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 40,92 maart 1996 Olympic Oval, Calgary1000 meter1.20,5520 maart 1987 Medeo, Alma-Ata1500 meter2.04,5411 febrewaris 1990 Olympic Oval, Calgary3 km4.19,8610 febrewaris 1990 Olympic Oval, Calgary5 km7.31,5111 febrewaris 1990 Olympic Oval, Calgary

Resultaten jier EKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 19875e198811e 19895e199019926eNet finisht1500 m, 3 km, 8ste

Kategory:Dútsk reedrider Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1965