The Lone Ranger is in Amerikaanske komyske western-superheldefilm út 2013 ûnder rezjy fan Gore Verbinski, mei yn 'e haadrollen Armie Hammer en Johnny Depp. De titel betsjut "De Ienlike Ranger". De film waard basearre op 'e superheld de Lone Ranger, dy't al yn 1938 op it wite doek en sûnt 1949 ek op 'e tillefyzje heldedieden ferrjochte tsjin 'e eftergrûn fan it Wylde Westen. It ferhaal folget de Lone Ranger en syn helper, de Yndiaan Tonto, by harren krewearjen om 'e moardners fan in groep Texas Rangers foar it gerjocht te bringen. Se ûntdekke dat korrupsje wiid ferspraat is en dat ferskate op harsels steande ynsidinten te krijen hawwe mei de oanlis fan 'e spoarwegen. The Lone Ranger krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, en flopte yn 'e bioskopen. Nettsjinsteande dat waard de film nominearre foar twa Oscars.

Plot De film set útein mei in ramtferhaal dat yn 1933 spilet. In jonge fan in jier as njoggen dy't Will hjit, besiket yn San Francisco in merke. Hy is sljocht nei ferhalen oer de legindaryske Lone Ranger en hat himsels as syn idoal ferklaait, oan it masker ta dat de boppeste helte fan syn gesicht bedekt. Yn in sneue en troch alle oare merkebesikers foarbyrûne útstalling mei fitrines oer de fergiene gloarje fan it Wylde Westen ûntdekt er tusken opsette eksimplaren fan 'e Amerikaanske bizon en de grizzlybear in tafriel dat wijd is oan 'e "nommele wylde", d.w.s. de Yndiaan. Will kriget de skrik fan syn libben as bliken docht dat de tentoanstelde Yndiaan gjin waaksen byld is mar in libbene âldman, de Komantsje Tonto, dy't yn syn jonkheid noch mei de Lone Ranger opriden hat. Dyselde begjint Will it wiere ferhaal fan 'e Lone Ranger te fertellen.

Yn 1869 keart abbekaat John Reid nei it ôfrûnjen fan syn rjochtestúdzje yn it Easten en it opdwaan fan wurkûnderfining yn syn berop werom nei syn berteplak Colby, yn 'e Amerikaanske steat Teksas. Hy reizget dêrhinne op 'e Transcontinental Railroad, wêrfan't de oanlis Colby ûnderweis nei de Amerikaanske westkust krekt passearre is. Reid beskôget de oanlis fan it spoar as in kearpunt yn it bringen fan beskaving en oarder nei it Wylde Westen. Latham Cole, de wurknimmer fan 'e Transcontinental Railroad Company dy't it tafersjoch oer it wurk oan it spoar hat, tinkt der krekt sa oer. Sadwaande lit er, om dat heuchlike feit te fieren, de sochte bandyt en Yndianedeader Butch Cavendish nei Colby ferfiere, om dyselde dêr op te hingjen by wize fan in symboalyske ôfrekken mei it ûnbeskaafde ferline.

Cavendish wurdt nei Colby ta brocht yn deselde trein dêr't ek Reid yn reizget. Hy wurdt mei in oare finzene, de Komantsje-Yndiaan Tonto, fêstholden yn in frachtwagon. Op it treinstasjon wurdt er opwachte troch Texas Ranger Dan Reid, de âldere broer fan John, en dy syn fiif maten. Tonto merkt lykwols op hoe't Cavendish ien fan 'e flierplanken fan 'e wagon lospeuteret en dêrûnder in revolver wei hellet. Cavendish deadet syn beide bewekkers, wylst syn binde op hynders de trein byhellet en oan board klimt om in treinberôving út te fieren. John Reid besiket harren tsjin te hâlden, mar ta eintsjebeslút wurdt er oermastere en mei keatlings fêstset oan Tonto. De bindeleden fermoardzje de treinmasinist en de stoker, en stelle de lokomotyf yn op folle faasje foar't se harren mei de befrijde Cavendish ôfjouwe. Reid en Tonto witte, nettsjinsteande it feit dat se inoar allegeduerigen tsjinwurkje, los te kommen. Dêrnei meitsje se de passazjierswagons los fan 'e lokomotyf. Sadwaande is it inkeld de lokomotyf en koalewagon dy't oer de kop slane as de trein de ein fan 'e spoarline berikt.

Reid en Tonto oerlibje it ûngemak. Neitiid wol Tonto fan ruten spylje, mar Reid rekkenet him yn en slút him op yn 'e sel yn it kantoar fan 'e pleatslike sheriff. Dan Reid en syn mannen risselwearje foar de efterfolging fan Cavendish en syn binde, en Dan beëdiget John as Texas Ranger sadat er him by syn posse jaan kin. Mei Dan en John geane fiif oare Texas Rangers en de faker al as net dronken spoarsiker Collins. Dy liedt it selskip nei in kleau mei steile kanten, dêr't it selskip yn in mûklaach fan 'e binde fan Cavendish rint. De bruorren Reid en de oare fiif Texas Rangers wurde delsketten en inkeld Dan Reid oerlibbet langernôch om syn moardner Cavendish yn 'e eagen te sjen. Ut wraak, om't er troch tadwaan fan Dan al in jier lang finzen sitten hat, iepenet Cavendish de boarstkas fan 'e deadlik ferwûne man en snijt syn hert derút, dat er dêrnei rau opyt.

Underwilens is Tonto út 'e sel ûntsnapt. Hy folget de posse om't hy Cavendish weromfine en deadzje wol; dat wie de reden dat er himsels finzen nimme en mei Cavendish yn deselde wagon pleatse litten hie. As er de Texas Rangers dea weromfynt, begraaft er harren. In wyt geasthynder, dat Tonto daliks as sadanich weromken, komt del en giet nei it noch iepenlizzende grêf fan John Reid ta. Tonto besikt it hynder nei it grêf fan Dan Reid ta te bringen, mar it hynder wit wat er wol en giet werom nei John Reid dy't er út 'e dea opwekket as in "geastrinner". Neitiid fertelt Tonto oan Reid dat er no net mear mei geweld deade wurde kin, om't er ommers al dea is. Reid is dêr skeptysk oer. Tonto jout him ek in masker om oer de boppeste helte fan syn gesicht te dragen, dat er út it lear fan it fest fan syn broer Dan snien hat, mei twa kûgelgatten foar de eagen. Dy momkape hat Reid ferlet fan, sa leit Tonto út, om't syn fijannen miene dat er dea is en om't it it bêste is om dat sa te hâlden. Hy fertelt ek dat de posse út acht man bestie, mar dat er mar sân grêven hoegen hat te graven: de spoarsiker Collins hat harren ferret en yn 'e mûklaach lokke. Ta einbeslút jout Tonto oan Reid in sulveren kûgel dy't er er smeid hat fan 'e stjerynsynjes fan 'e ombrochte Texas Rangers. Dêr moat Reid Cavendish mei deadzje, mei't Tonto derfan oertsjûge is dat de man in mytysk wêzen mei boppenatuerlike krêften is dat in wendigo hjit.

Op 'e siik nei de binde fan Cavendish besykje Reid en Tonto it bordeel fan hoeremadam Red Harrington, wêrfan't Reid wit dat Collins der koartby west hat. Red is in tsjeppe readhierrige frou mei in skonkproteze dy't se meitsje litten hat fan beskildere ivoar. Fan binnen befettet dy in gewear, wêrfan't de loop ûnder de útklapbere hakke fan har skoech sit. Se suggerearret dat se har skonk kwytrekke is oan of troch tadwaan fan Cavendish, dy't neffens har in foarleafde foar it iten fan minskefleis opdien hat. Fan Red komme Reid en Tonto oan 'e weet dat Reid syn broer Dan en Collins yn har gelegenheid slaanderij krigen oer in klomp sulvererts dêr't in flok op rêste soe.

Sûnt Reid mei de posse ôfset is de wyldernis yn, is der oarloch útbrutsen tusken de blanke kolonisten en de Komantsjen. Dan syn widdo Rebecca, dy't Reid syn faam wie foar't er ôfsette om rjochten te studearjen en op wa't er noch altyd temûk fereale is, wennet mei har soan Danny op in lyts boerespultsje op 'e romte. Reid set dêr mei Tonto hinne, mar se komme te let: de pleats stiet al yn ljochte lôge en fan Rebecca en Danny is gjin spoar. Tonto stelt fuortendaliks fêst dat de oerfal gjin Yndianewurk west hat, en hy kriget gelyk as se noch trije efterbleaune leden fan 'e binde fan Cavendish oer it mad komme. Reid en Tonto reitsje opsletten yn in baarnende skuorre, mar kinne oan 'e dea ûntkomme as bliken docht dat it wite geasthynder oer dakken fan gebouwen drave kin. Twa fan 'e bindeleden wurde by fersin troch Reid deade, mar de trêde, Frank, in jongeman mei in foarleafde foar frouljusklean, wit te ûntkommen. Reid beseft dat der hielendal gjin echt konflikt tusken blanken en Yndianen is, mar dat Cavendish-en-dy alle oerfallen begien hawwe. Se wolle dúdlik in echte oarloch útlokje, mar Reid kin mar net begripe wêrom.

Underwilens bringt Frank de warskôging oan Cavendish oer dat der noch ien fan 'e Texas Rangers libbet, dy't syn beide maten deade hat. Rebecca, dy't mei Danny troch Cavendish finzen nommen en ûntfierd is, nimt fuortendaliks oan dat it har man Dan wêze moat. Cavendish kriget syn nocht fan har geëamel en oarderet Collins om har en de jonge mei te nimmen út it sicht en harren dan te deadzjen. Dat giet Collins lykwols te fier, dat hy sjit in pear kear yn 'e loft en hjit Rebecca om har soan mei te nimmen en út te naaien. Ear't se dat dwaan kin, ferskynt spoarbaas Latham Cole lykwols op it toaniel, dy't Collins dea sjit en Rebecca en Danny rêdt.

Cole hie earder de Komantsjen derfan bewissige dat er him by de oanlis fan syn spoarline oan alle ferdraggen hâlde soe dy't de blanken mei harren sletten hiene. No't de Komantsjen lykwols begûn binne mei oerfallen op kolonisten, ornearret er dat sy de ferdraggen brutsen hawwe, dat no hoecht hy him der ek net mear oan te hâlden. Sadwaande lit er no de spoarline rjocht troch oer Yndiaansk lân oanlizze. Hy lit boppedat in ôfdieling fan 'e Amerikaanske kavalery û.l.f. kaptein Jay Fuller oantsjen om mei de Komantsjen ôf te weven troch harren as folk út te rûgjen.

Underwilens binne Reid en Tonto it spoar fan Cavendish syn mannen de woastyn yn folge, dêr't se in temûk oanleine sydspoarline ûntdekke foar't se finzen nommen wurde troch in troep Komantsjen. As Reid witte wol wêrom't dyselden Tonto as in fijân behannelje, fertelt opperhaad Grutte Bear him oer it ferline fan syn maat. Tonto groeide op as lid fan in Komantsjetroep en fûn as opslûpen jonge op in dei in pear blanke manlju dy't fan útputting de dea nei-oan wiene. Hy brocht harren nei syn kamp ta, dêr't se fersoarge waarden. Doe't se wer wat opbettere wiene, ûntdieken de blanken sulver yn 'e rivier by it kamp. Yn ruil foar in goedkeap bûshorloazje fan ien fan 'e beide liet Tonto harren sjen wêr't de rivier ûntsprong en wêr't it sulver wei kaam.

It die bliken dat dêr in reuseftige sulverier wie. De mannen namen safolle sulver mei as se mar op harren hynders lade koene, mar sprieken ôf om letter werom te kommen om der in myn te fêstigjen. Om te bewissigjen dat de lokaasje fan it sulver geheim bleau, fermoarden se lykwols alle bewenners fan it kamp; inkeld Tonto ûntkaam, dy't op dat stuit op in geheim plak fan sines mei syn nije bûshorloazje siet te boartsjen. Om't er net libje koe mei syn skuldgefoelens doe't er syn kamp útmoarde weromfûn, besleat er dat de beide blanke mannen wol boasaardige wendigo's wêze moasten, dy't it kamp ek útmoarde hawwe soene as er harren de sulverier net sjen litten hie. Sûnt dy tiid hat er syn libben wijd oan it bejeien fan 'e beide wendigo's. De oare Komantsjen beskôgje him as sljochtsinnich, mei't Grutte Bear wit dat in blanke gjin wendigo hoecht te wêzen om sokke tsjoede dingen te dwaan. Reid kriget foar it ferstân dat Cavendish ien fan 'e mannen wêze moat dy't al dy jierren tebek Tonto syn kamp útmoarde hawwe.

Op befel fan opperhaad Grutte Bear wurde Reid en Tonto oan 'e hals ta begroeven. Sa wurde se efterlitten as de Komantsjen de wyk nimme moatte foar in hommelse oanfal op harren kamp troch de kavalery fan kaptein Fuller. Neitiid wit Reid himsels te befrijen mei help fan it wite geasthynder. Hy stiet yn bestân om Tonto efter te litten, mar beseft dat er de Yndiaan nedich is om him nei de sulverier te lieden. Op it plak dêr't de rivier ûntspringt, blykt no in aktive sulvermyn te wêzen, dy't bewurke wurdt troch Sineeske mynwurkers yn opdracht fan Cavendish. Nei't se op orizjinele wize mei Cavendish syn mannen ôfweefd hawwe, witte Reid en Tonto de bindelieder sels finzen te nimmen. Tonto stiet der by Reid op oan om 'e wendigo dea te sjitten mei de sulveren kûgel dy't er makke hat, mar Reid wegeret en hâldt fol dat sels in smjunt as Cavendish rjocht hat op in earlike berjochting. As Tonto it hêft yn eigen hannen nimt en Cavendish dan sels mar deasjitte sil, slacht Reid him del mei in skeppe. Dêrnei docht er syn masker ôf, nimt Cavendish mei en set ôf nei de beskaafde wrâld.