Ender's Game is in Amerikaanske militêre science fiction-oarlochsfilm út 2013 ûnder rezjy fan Gavin Hood, mei yn 'e haadrollen Asa Butterfield en Harrison Ford. De titel ferwiist nei de haadpersoan en betsjut "It Spultsje fan Ender". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1985 fan auteur Orson Scott Card. It ferhaal spilet yn in dystopyske takomst, fyftich jier nei't in ynvaazje fan 'e Ierde troch in ras fan bûtenierdske wêzens, de Formics, ôfslein is. Om in nije ynvaazje foar te kommen, falt de minskheid werom op 'e ynset fan bernesoldaten. De bysûnder talintearre jonge Andrew "Ender" Wiggin wurdt yn dat ramt útornearre foar in oplieding oan in militêre akademy dy't fêstige is yn in romtestasjon. Ender's Game krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen.
Plot Yn 'e takomst riedt de minskheid him ta op in oarloch mei in ras fan bûtenierdske wêzens dy't de Formics hjitte. Fyftich jier earder hawwe dy in wraam op 'e Ierde dien, wêrby't miljoenen minsken omkamen. De ynvaazje waard úteinlik tsjinkeard troch Mazer Rackham, dy't mei syn strieljager it memmeskip fan 'e Formics raamde en ferneatige. Neitiid is de oant dy tiid sa ferdielde minskheid gearklofte as in ienheid om foar te kommen dat sa'n ynvaazje ea wer barre kin. Mei't ornearre wurdt dat inkeld bern de linigens fan geast hawwe om te antisipearjen op wat de bûtenierdsen dwaan sille, falt de minskheid werom op it gebrûk fan bernesoldaten. Bejeftige bern wurde troch de Ynternasjonale Romtefloat by de âldelju wei helle en nei in militêre akademy stjoerd om traind te wurden om befelhawwers fan 'e float te wurden yn gefal fan in nije oarloch.
De alvejierrige kadet Andrew "Ender" Wiggin lûkt mei syn oanlis foar simulearre romtegefjochten de belangstelling fan rekrutearder kolonel Hyrum Graff en psychologe majoar Gwen Anderson. Sûnder him dêroer te ynformearjen ûnderwerpe se him oan ferskate psychologyske tests troch him yn ferskillende stressfolle sitewaasjes te pleatsen. De lêste fan dy tests beslacht it ferwiderjen fan it ymplantaat yn syn nekke, dêr't de ofsieren de kadetten mei yn 'e gaten hâlde, om te sjen hoe't er omgiet mei ôfwizing. Ender hat op dat stuit krekt op slûchslimme wize de arrogante kadet Stilson ferslein by in simulaasje, eat dat Stilson opfettet as falskspyljen. Op in stil plakje komt er Ender letter oer it mad, mar dy huft him del en as Stilson net ûnthjitte wol dat er him fierder gewurde litte sil, slacht him hielendal yninoar. De ferwidering fan syn ymplantaat liket foar Ender in reäksje op dy fjochtpartij te wêzen, en hy nimt oan dat er dêrom út 'e oplieding smiten wurdt.
Thús siket Ender treast foar syn fertriet oer de beëiniging fan syn oplieding en syn skuldgefoelens oer wat er Stilson oandien hat by syn âldere suster Valentine, mei wa't er in tige nauwe bân ûnderhâldt. Hy wurdt lykwols fierder narre troch syn âldere broer Peter, dy't jaloersk is op Ender om't hy sels as te gewelddiedich foar de militêre oplieding beskôge waard. Graff en Anderson komme del en fertelle Ender en syn âldelju dat it ferwiderjen fan it ymplantaat in test wie en dat er noch altyd ûnderdiel fan it programma is. Tsjin 'e wil fan Ender syn mem nimt Graff de jonge mei en bringt him nei in militêre akademy dy't fêstige is yn in romtestasjon yn in baan om 'e Ierde. Graff lûkt Ender mei opsetsin foar oer de oare kadetten, om't er de jonge isolearre hâlde wol. It gefolch fan 'e manipulaasje fan 'e kolonel is dat Ender in ferstjitling sûnder freonen wurdt.
De kadetten wurde yn seksjes pleatst en krije ûnderrjocht op alderlei mêd ynsafier't dat te meitsjen hat mei kriichskunde. Yn 'e saneamde "Striidkeamer", in grut bolfoarmich oanhingsel fan it romtestasjon dêr't gjin swiertekrêft is, wurde se troch it spyljen fan spultsjes traind yn oarlochfiering yn 'e romte. Ender toant dêr syn talint troch nije strategyen te betinken dy't âldere kadetten al dy tiid oer de holle sjoen hawwe. Hy is lykwols ek ien dy't him net maklik ûnder it gesach fan oaren deljout. Oan sersjant-ynstrukteur Dap freget er wêrom't er gjin e-mails fan syn âlden en suster ûntfangt. Sa komt er oan 'e weet dat alle kommunikaasje mei de kadetten ûnmooglik makke is, om't berjocht fan thús troch kolonel Graff mar as ôflieding sjoen wurdt fan 'e oplieding. As er dêroer trochfreget, wurdt er troch Dap bestraft, mar wint er fan syn seksjegenoaten it earste respekt. Letter, as er him omreden fan syn rjochtfeardichheidsgefoel oankantet tsjin narjen, makket er syn earste freonen, de kadetten Bean en Alai.
Graff pleatst Ender dêrop oer nei in oare seksje, it Salamanderleger, dat ûnder lieding stiet fan 'e arrogante kadet Bonzo Madrid. Dyselde beskôget Ender omreden fan syn leeftyd en gebrek oan lichemsgrutte daliks as ballêst dy't er sa gau mooglik sjen moat kwyt te reitsjen. Hy beslist dêrom dat Ender net mei de rest fan 'e seksje traine mei. It iennichste froulike lid fan it Salamanderleger, Petra Arkanian, slút lykwols freonskip mei Ender en begjint him yn harren frije tiid te trainen. As Bonzo dat gewaar wurdt, besiket er dêr it near op te lizzen, mar Ender, dy't him mei wurden wol oer kin, bepraat him om 'e saak gewurde te litten, mei't Ender earder troch in oare seksje akseptearre wurde sil (sa't Bonzo wol) as er better traind is. By in wedstryd tsjin it Loaihoarsleger yn 'e Striidkeamer driget it Salamanderleger in nederlaach te lijen. Ender, dy't fan Bonzo opdracht krigen hie om by de yngong te bliuwen en neat te dwaan, brekt syn ûnthjit om al Bonzo syn befellen op te folgjen en wit der tegearre mei Petra in oerwinning foar it Salamanderleger út te slepen. Neitiid lokwinsket eltsenien Bonzo mei syn slagge taktyk. Ynstee dat er dêr ynnommen mei is, rekket er breinroer fan fernedering en bedriget er Ender, by in petear ûnder fjouwer eagen, mei de dea as dy him ea wer sa foar gek set.
Oan syn eigen lot oerlitten, spilet Ender op syn tablet in fideospultsje yn in fantasywrâld, dat troch majoar Anderson ûntwurpen is by wize fan in psychologyske test. Yn ien sitewaasje betinkt Ender in folslein nije oplossing om in skynber ûnoplosber probleem te omsilen. Fierderop moetet er in Formic en dêrnei in simulearre foarm fan syn suster Valentine, dy't him meilokket de ruïne fan in ynstoart kastiel yn. Binnendoar ûntdekt er in oar byld fan Valentine, mar as er deunby komt, feroaret it yn in simulearre foarm fan Peter, dy't Ender besiket fêst te gripen. Dat makket him sa kjel dat er it spultsje beëiniget. Graff, dy't Ender oan ien wei troch yn 'e rekken hâldt, is poerlulk oer de gong fan saken mei it spultsje en ropt Anderson op it matsje. Sy leit him út dat it spultsje bedoeld is om in ynteraksje te wêzen mei it ferstân fan 'e spiler. Hoe't de bylden fan Valentine en Peter yn it spultsje bedarre binne, kin se net útlizze.
Graff befoarderet Ender ta de lieder fan syn eigen seksje, it Drakeleger, dat gearstald wurdt út biljante, mar dreech te hantearjen kadetten, dy't ûnder de juste lieder lykwols útblinke kinne soene. Under harren binne Bean en Alai, mar ek de narder Bernard. Hja wurde oan hieltyd dregere testen ûnderwurpen. As ien fan 'e kadetten, Fly Molo, syn ankel ferstûket, stjoert Graff Petra om him te ferfangen. By in wedstryd yn 'e Striidkeamer tsjin sawol it Salamanderleger as it Loaihoarsleger witte se troch Ender syn ynnovearjende ideeën fan in frijwol ûnwinbere posysje út dochs de oerwinning te beheljen. Graff is djip ûnder de yndruk. Bonzo is des duvels en falt Ender oan as er neitiid ûnder de dûs stiet. Ender, dy't goed fjochtsje kin trochdat er thús oan ien wei troch op syn kop sitten wurdt troch syn broer Peter, slacht fan him ôf. As Bonzo jitris op him ta komt, jout er him in set mei de fuotten. Bonzo falt efteroer, komt mei de holle ûngelokkich op 'e râne fan in opstapke telâne en rekket slim ferwûne.
Ender, dy't neitiid tramtearre wurdt troch skuldgefoelens, begeliedt Bonzo nei in spesjalisearre klinyk op it Ierdoerflak. As Graff him net gean litte wol, tsjinnet er syn ûntslach yn. Dêrop oertsjûget Graff Valentine derfan dat it fuortbestean fan 'e minskheid derfan ôfhinget oft Ender syn oplieding trochset of net. Valentine hellet Ender dêrnei oer om troch te gean. Graff nimt Ender net mei werom nei de militêre akademy, mar nei in foarútskoude legerbasis fan 'e minskheid op in ferovere planeet yn 'e neite fan 'e thúswrâld fan 'e Formics.
Dêr moetet Ender de deawaande Mazer Rackham, dy't dochs net omkommen is (sa't rûnom tocht wurdt), doe't er de Ierde mei syn heldedie fan 'e Formic-ynvaazje rêde. Rackham is in Nijseelanner dy't oan syn heitekant ôfstammet fan 'e Maöary en in gesicht hat dat oerdutsen is mei tribal-tatoeaazjes (tā moko). Hy leit Ender út hoe't er ûntdiek dat de ynvaazje oanstjoerd waard fan ien memmeskip ôf, en dat alle Formics opholden te funksjonearjen en meitiid stoaren doe't er dat memmeskip ferneatige. De legerlieding ornearret dat de Formics krekt as eamels, de bistesoarte dêr't se it faakst mei ferlike wurde, bestean moatte út folken dy't oanstjoerd wurde troch ien inkele keninginne, en dy't ferneatige wurde kinne troch de keninginne te deadzjen.
Op 'e basis moetet Ender ek de oare kadetten fan it Drakeleger wer, dy't dêrhinne oerpleatst binne om him te helpen. Mei-inoar nimme se de folgjende moannen diel oan yntinsive trainingssimulaasjes fan grutskalige romteslaggen tusken de minsklike float en dy fan 'e Formics. Rackham, dy't mei Graff de lieding oer de trainings hat, leit benammen de klam op it Molekulêr Loslittings Apparaat fan 'e float (byneamd de "Lytse Dokter"), dat eltse soarte matearje desyntegrearje litte kin. De training is sa oanhâldend en yngeand dat de bern op in stuit amper noch oan sliepen takomme en út sliepgebrek flaters begjinne te meitsjen. Dat komt harren op in beskrobbing fan Rackham te stean, dy't har foarhâldt dat sliepen yn oarlochssitewaasjes in lúkse is dy't wolris ûnbeskikber wêze kin. Majoar Anderson hat beswieren tsjin dizze gong fan saken en protestearret by kolonel Graff, dy't lykwols net nei har harkje wol, om't de tiid begjint te driuwen. Anderson tsjinnet har ûntslach yn, dat troch Graff akseptearre wurdt.
By in trainingssimulaasje dy't oankundige is as de alderlêste foar't se yn it echt de striid mei de Formics oangean sille, moatte Ender en de oare kadetten fia in ansible fan op ôfstân lieding jaan oan 'e Ynternasjonale Float as dy de thúswrâld fan 'e Formics oanfalt, dêr't de Formics ûnderwilens in grutte nije eigen float opboud hawwe. De planeet is oerbefolke en drûch, en hat oan it oerflak sa'n hege temperatuer dat libbene wêzens dêr mar in pear oeren deis fertoeve kinne, dat it is net dreech om te betinken wêrom't de Formics dêr wol wei woene. By de test is de floatlieding as waarnimmer oanwêzich, admiraal Chamrajnagar, de opperbefelhawwer, ynbegrepen.
As de simulaasje begjint, befynt de Ynternasjonale Float him deunby de thúswrâld fan 'e Formics, mar in reuseftige float fan 'e fijân blokkearret him it paad. De Formics dogge lykwols neat en Ender freget him ôf oft se soms kommunisearje wolle, mar dat kin fansels net yn in oarlochssimulaasje. Dat hy falt oan en wit troch it ynsetten fan 'e Lytse Dokter, dy't betsjinne wurdt troch Petra, de fijannige float te ferneatigjen. Om 'e Formics de genedeklap te jaan, falt er dêrnei de planeet oan. Alle skippen dy't de Formics yn reserve holden hiene, besykje him tsjin te kearen, mar Ender offeret syn troepeskippen op om 'e Lytse Dokter troch syn jagers beskermje litte te kinnen. As de Lytse Dokter wer opladen is, lit er Petra op 'e planeet sels sjitte. Op it planeetoerflak ûntstiet in keatlingreäksje wêrby't de desyntegraasje him yn in razend tempo oer de hiele wrâld ferspriedt en dêrby alle libben op 'e planeet ferneatiget. Ender en syn kadetten ferkeare yn jûchheistimming om't se de test mei goed gefolch trochstien hawwe.