Peter William Krause (Alexandria, 12 augustus 1965) is in Amerikaanske akteur fan Dútsk en Ingelsk etnysk komôf.Peter Krause op Ethnicelebs.com

Jonkheid Syn âlden, Wanda Marie Krause (berne Johnson) en William Popham "Bill" Krause, wiene beide leararen yn Minnesota. Hy waard grutbrocht yn Roseville, Minnesota, in foarstêd fan St. Paul, en hat in suster en in broer, Amy en Michael.

As tsiener wie Krause aktyf yn atletyk en gymnastyk en gie er nei de Alexander Ramsey High School yn Roseville. Hy studearre yn 1983 ôf oan dy middelbere skoalle. Hy studearre ôf oan Gustavus Adolphus College yn 1987 en helle dêrnei in master (Master of Fine Arts) oan de Universiteit fan New York (1990). Hy wurke njonken syn stúdzje as barman yn New York.

Karriêre Krause spile fan 1987 ôf yn in tal films en telefyzjesearjes. Hy krige mear bekendheid troch syn langer rinnende rollen as Casey McCall yn de Night (1998 -2000) en as Nate Fisher yn Six Feet Under (2001 -2005). Foar syn rol yn Six Feet Under, waard er meardere kearen nominearre foar in Primetime Emmy Award, Emmy Award en de Golden Globe. Yn 2003 en 2004 wûn er dêrfoar in Screen Actors Guild Award. Hy spile haadrollen yn ferskate searjes. Fan 1998 oant 2000 spile er Casey McCall yn Sport Night; fan 2001 oant 2005 spile er Nate fisher yn Six Feet Under; yn 2007 en 2008 spile er in haadrol yn de searje Dirty Sexy Money, dy't lykwols fanwege tsjinfallende sjochsifers fan de buis helle waard; fan 2010 oant 2015 spile er Adam Braverman yn de searje Parenthood; yn 2016 en 2017 spile er Benjamin Joes yn The Catch en fan 2018 oant no spilet er Bobby Nash yn 9-1-1.

Keppeling om utens IMDb

Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk telefyzjeprodusint Kategory:Amerikaansk telefyzjeregisseur Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1965