Lee Seung-hoon ek bekend as Seung-hoon Lee (Seoel, 6 maart 1988) is in Súdkoreaansk reedrider. Seung-hoon is twafâldich Olympysk kampioen en hat fjouwer kear meidien oan de Olympyske Winterspullen (yn 2010, 2014, 2018 en 2022).
Lee Seung-hoon begûn syn karriêre as shorttracker. Op it wrâldkampioenskip 2005 wûn er sulver mei de ôflossingsploech en waard er fiifde yn it klassemint. Op it WK shorttrack yn 2008 wûn hy de 3000 meter superfinale en waard fjirde yn it algemien klassemint. Om't er him net pleatste foar it olympysk shorttracktoernoai skeakele er oer nei it langebaanreedriden yn it olympysk seizoen 2009/2010 om him sa pleatse te kinnen foar de Winterspullen yn Vancouver. By dat Olympyske toernoai waard der ûnferwachts Olympysk kampioen op de 10 kilometer nei't de grutste kânshawwer foar de oerwinning Sven Kramer, diskwalifisearre waard fanwegen in ferkearde wiksel. Yn july 2019 waard er troch it Súdkoreaanske reedrydbûn foar ien jier út de ploech setten, om't er twa jongere ploechgenoaten meardere kearen (yn 2011, 2013 en 2016) tamtearre ha soe.
Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 36,347 maart 2015 Olympic Oval, Calgary1000 meter1.23,901 desimber 2001 Taereung International Skating Rink, Seoel1500 meter1.44,833 desimber 2017 Olympic Oval, Calgary3 km3.39,4312 augustus 2012 Olympic Oval, Calgary5 km6.07,0410 novimber 2013 Olympic Oval, Calgary10 km12.55,5415 febrewaris 2018 Science Oval, Gangneung
Resultaten jier WKAllround WKOfstannen OlympyskeSpullen 2010 5 km, 10 km, ploege-efterfolging, 5e2011 5 km, 10 km, 4e201215eploege-efterfolging, 7e2013 5 km, 8ste10 km, 4eploege-efterfolging, 2014 5 km, 12e10 km, 4eploege-efterfolging, 201513e5 km, 8ste10 km, 7eploege-efterfolging, massastart, 12e2016 10 km, 10eploege-efterfolging, 5emassastart, 2017 ploege-efterfolging, Net finisht2018 5 km, 5e10 km, 4eploege-efterfolging, massastart, 2022 ploege-efterfolging, 6emassastart,
Kategory:Súdkoreaansk reedrider Kategory:Súdkoreaansk shorttracker Kategory:Súdkoreaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1988