Sven Tomas Gustafson (Katrineholm, 28 desimber 1959) is in earder Sweedsk reedrider.

Hy die tolve kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, trettjin kear oan it Europeesk kampioenskip en fjouwerk kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1980, 1984, 1988 en 1988). Hy waard by dizze kampioenskippen twa kear Europeesk kampioen en trije kear Olympyske kampioen. Yn 1992 stopte Gustafson nei de Olympyske Spullen mei reedriden op heech nivo.

Gustafson krige yn 1982 en 1988 de Oscar Mathisen-Troffee útrikt, yn 1985 ried er as toerrider de Alvestêdetocht fan 1985 út. Nei syn langebaan karriêre, gie Gustafson maratonriden en set er him yn om it maratonriden yn Sweden op de kaart te setten.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 38,1019 jannewaris 1990 Thialf, It Hearrenfean1000 meter1.18,4815 maart 1981 Savalen kunstisbane, Savalen1500 meter1.53,228 desimber 1990 Olympic Oval, Calgary3 km4.03,1726 desimber 1987 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell5 km6.44,514 desimber 1987 Olympic Oval, Calgary10 km13.48,2021 febrewaris 1988 Olympic Oval, Calgary

Resultaten jier EKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 197819e20ste197911e9e19804e 1500 m, 7e5 km, 12e10 km, 12e198117e6e19825e19834e19847e20ste500 m, 36ste5 km, 10 km, 19858e18e198616e198730ste 1988 5 km, 10 km, 1989 22ste199011e1991 5e199210e20ste5 km, 13e

Kategory:Sweedsk reedrider Kategory:Sweedsk Olympysk kampioen Kategory:Alvestêdetochtrider Kategory:Persoan berne yn 1959