Westenesch is in buorskip en earder doarp by de Drintske stêd Emmen. De buorskip wie eartiids in selsstannich doarp, mar is hjoed-de-dei winliken in wenwyk fan Emmen. It doarp hat 155 ynwenners (2017) en is in beskerme doarpsgesicht.

Geografy Westenesch leit westlik fan Emmen en leit yn in iepen lânbougebiet. Tusken Emmen en Westenesch is in iezekompleks. Westenesch leit yn it suden fan de Hûnsrich.

Skiednis Westenesch waard yn 1362 foar it earst neamd as Westenesche, yn 1510 as Westenessche en yn 1867 as Westenesch. De namme betsjut "by de westlike lizzende ies" ("boulân dat byinoar leit")

Yn 1978, doe't it postkoadesysteem útfierd waard, joech de gemeente Emmen oan guon doarpen wêrûnder Noordbarge, dy't troch de útwreidings fan Emmen yn de beboude kom fan de stêd kamen te lizzen, gjin eigen postkoade. Sadwaande waarden dy doarpen formeel wiken fan de stêd. De ynwenners fan dy doarpen beskôgje harren doarpen noch hieltyd as "doarp by Emmen".

It besjen wurdich By Westenesch binne der twa hunebêden, D42 en D44, wêrfan de lêste op in boerehiem leit en de iennige hunebêd yn Nederlân dy't yn priveebesit is.

Keppeling om utens Webstee fan Westenesch Westenesch op Histoarysk Emmen

Kategory:Plak yn Emmen Kategory:Wyk yn Emmen