Christine McVie berne as Christine Anne Perfect (Bouth, Kumbria, 12 july 1943 - 30 novimber 2022) wie in Ingelsk sjongeres en toetsenist. Sy waard benammen bekend as sjongeres en toetsenist fan de band Fleetwood Mac.
Karriêre McVie begûn op har alfde muzyk meitsjen. Se naam lessen yn klassike muzyk oant sy in jier as fyftjin wie. Doe krige se fan har âldere broer John in lieteboek fan Fats Domino en dêrnei gie hja oer op rock-'n-roll.
Se studearre fiif jier oan in keunstakademy yn Birmingham om keunstûnderwiis jaan te kinnen. Yn dy tiid kaam se yn oanrekking mei de Ingelske blues-scene. It jaan fan keunstlessen wie gjin fetpot en se ferhuze nei Londen om as etaleur oan it wurk te gean. Yn dy tiid waard se lid fan de bluesband Chicken Shack, dat yn 1968 in hit hie mei it troch har songen nûmer I'd rather go blind.
Nei't se earder al mei Fleetwood Mac meispile hie as gastmuzikant op in studio-album, waard se lid fan de band en boaske se mei de bassist John McVie. Begjin jierren 90 hold se op mei aktyf muzyk meitsjen om't fanalles har tsjin stean gean wie, mar kaam ein jierren 90 begjin 2000 soe se dochs wer muzyk meitsje; yn 2014 kaam se sels wer werom by Fleetwood Mac.
Christine McVie ferstoar op 30 novimber 2022 yn 'e âldens fan 79 jier nei in koart siik wêzen.
Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) 40 Blue Fingers,Freshly Packedand Ready to Servejuny 1968Chicken Shack O.K. Ken?febrewaris 1969Christine Perfect1970Christine Perfect(Christine McVie)Future Games3 septimber 1971Fleetwood MacBare Treesmaart 1972Penguinmaart 1973Did You Ever Love MeMystery to Me15 oktober 1973HypnotizedHeroes Are Hard to Find13 septimber 1974Fleetwood MacThe White Album11 july 1975Over My Head,Warm Ways,Rhiannon,Say You Love MeRumours4 febrewaris 1977Go Your Own Way,Dreams,Don't Stop,You Make Loving FunTusk12 oktober 1979Tusk,Sara,Not That Funny,Think About Me,Sisters of the Moon,AngelMirage18 juny 1982Hold Me,Gypsy,Love in Store,Oh Diane,Can't Go BackChristine McVie27 jannewaris 1984Christine McVieTango in the Night13 april 1987Fleetwood MacBig Love,Seven Wonders,Little Lies,Everywhere,Family Man,Isn't It MidnightBehind the Mask9 april 1990Save Me,Skies the Limit,In the Back of My Mind,Hard FeelingsTime10 oktober 1995I DoIn the Meantime7 septimber 2004Christine McVieLindsey Buckingham Christine McVie(mei Lindsey Buckingham)9 juny 2017In My World,Red Sun,Feel About You,Lay Down for Free
As gastmuzikant Album Utbrocht yn Mei band Then Play On1969Fleetwood MacFleetwood Mac in Chicago1969Kiln House1970
Kategory:Ingelsk sjonger Kategory:Ingelsk toetsenist Kategory:Ingelsk rockartyst Kategory:Ingelsk lietsjeskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1943 Kategory:Persoan stoarn yn 2022