Nicholas James (Nick) Bollettieri (Pelham, New York, 31 july 1931 – Bradenton, 4 desimber 2022) wie in Amerikaanske tennistrainer. Hy waard bekend fanwegen syn talintfolle pupillen en hie in ûnder tennisers ferneamde tennisskoalle yn de Feriene Steaten. Op syn tennisskoalle binne in soad talinten oplaat ta profesjoneel tennisser.
Nick Bollettieri ferstoar op 4 desimber 2022, yn 'e aldens fan 91 jier
Grutte nammen dy't by Bollettieri traint hawwe binne - Andre Agassi - Serena Williams & Venus Williams , - Monica Seles - Maria Sjarapova - Jim Courier - Mary Pierce - Jelena Janković - Tommy Haas , - Anna Koernikova
Kategory:Amerikaansk tennistrainer Kategory:Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2022