Ercole Baldini (Forlì, 26 jannewaris 1933 - Forlì, 1 desimber 2022) wie in Italjaansk hurdfytser. Baldini wie yn 1956 de Olympysk kampioen by it dykhurdfytsen yn Melbourne. Ercole Baldini wûn yn 1958 de Omgong fan Itaalje en it wrâldkampioenskip.

Karriêre As 21- jierrige fêstige er it wrâldoererekôr by de amateurs (44,870 km). Yn 1956 waard er Olympysk kampioen op 'e dyk yn Melbourne, en waard er Italjaansk en wrâldkampioen efterfolging op 'e baan by de amateurs en ûnttroane er Jacques Anquetil as wrâldoererekôr by de profesjonele hurdfyters; op 'e Vielli Velodroom] yn Milaan ried er 46,394 km.

As professional waard er yn 1957 Italjaansk kampioen op 'e dyk. Yn 1958 wûn hy de Omgong fan Itaalje, en waard er opnij Italjaansk kampioen op 'e dyk en ferovere er de wrâldtitel troch yn Reims de Franske hurdfytsers Louison Bobet en André Darrigade te ferslaan.

Ercole Baldini ferstoar op 1 desimber 2022, yn 'e aldens fan 89 jier

Dielnimming oan grutte omgongen Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk 1959 - 6e; winner 18e etappe. 1960 - 33e; 1962 - 8e; 1964 - Net finisht;

Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje 1957 - 3e; winner 12e etappe. 1958 - 15px 1e; winner 2e, 8ste, 15de en de 17de etappe. 1959 - 17e; 1960 - 41e; 1961 - Net finisht; 1962 - 7e; 1963 - 26e; 1964 - Net finisht;

Ploegen 1957-1958 Legnano 1959-1962 Ignis 1963 Cynar-Frejus 1964 Salvarani

Kategory:Italjaansk hurdfytser Kategory:Winner fan de Omgong fan Itaalje Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Romanjoalsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1933 Kategory:Persoan stoarn yn 2022