Aloysius Paulus Maria (Louis) van Gaal (Amsterdam, 8 augustus 1951) is in earder Nederlânsk proffuotballer en hjoeddeisk fuotbaltrainer.

Karriêre Hy wie trainer fan Ajax, FC Barcelona, AZ, Bayern München, Manchester United en it Nederlânsk alvetal. By it wrâldkampioenskip fuotbal fan 2014 behelle fan Gaal as bûnscoach fan it Nederlânsk alvetal it tredde plak yn it kampioenskip. Van Gaal wûn yn syn karriêre tweintich titels. Hy wûn nasjonale prizen yn fjouwer ferskillende lannen. Ek hie er ynternasjonaal sukses. Mei Ajax wûn er de UEFA Cup, de UEFA Champions League, de UEFA Super Cup en de wrâldbeker foar klupteams.

As fuotballer kaam fan Gaal kaam tweintichste telâne by it twadde alvetal fan Ajax. Tusken 1972 en 1987 wie Van Gaal aktyf as spiler (middenfjilder) yn it betelle fuotbal. By it Rotterdamske Sparta, spile fan Gaal syn measte kompetysjewedstriden yn totaal 248 wedstriden.

Fan 2000 oant en mei 2014 wie Louis van Gaal ambassadeur fan de stifting Spieren voor Spieren dy't jild ynsammelet foar wittenskiplik ûndersyk nei spiersyktes. Yn 2014 waard van Gaal eare-ambassadeur foar dizze stifting.spierenvoorspieren.nl onze ambassadeurs

Priveelibben Yn 1973 boaske Van Gaal mei syn earste frou dy't yn 1994 ferstoar oan alfleisklierkanker. Van Gaal bleau mei syn twa dochters efter. Yn 2008 boaske Van Gaal mei syn hjoeddeiske frou.

Kategory:Nederlânsk fuotballer Kategory:Nederlânsk fuotbaltrainer Kategory:Persoan berne yn 1951