De FIFA, folút de Fédération Internationale de Football Association (Ynternasjonale fuotbalfederaasje), in in ynternasjonale organisaasje foar it fuotbal. De FIFA organisearret en beheart grutte ynternasjonale fuotbaltoernoaien, wêrûnder it Wrâldkampioenskip fuotbal (manlju en froulju) en it Wrâldkampioenskip fuotbal foar klups.

Foarsitters Namme Nasjonaliteit AmtsperioadeOpm. Robert Guérin 1904-1906 Daniel Burley Woolfall 1906-1918 Yn 1918 hommels ferstoarn Carl Hirschman 1918-1921 Ynterim foarsitter Jules Rimet 1921-1954 Rodolphe William Seeldrayers 1954-1955 Yn 1955 hommels ferstoarn Arthur Drewry 1955-1961 Yn 1961 hommels ferstoarn Ernst Thommen 1961 Ynterim foarsitter Sir Stanley Rous 1961-1974 João Havelange 1974-1998 Sepp Blatter 1998-2015 Yn desimber 2015 foar acht jier út 't amt set fanwegen korrupsje. Issa Hayatou 2015-2016 Ynterim foarsitter Gianni Infantino 2016-hjoed de dei

Vice-foarsitters De foarsitters fan de 6 konfideraasjes binne ek de vice-foarsitters fan de FIFA. Alinne de UEFA leverert trije vice-foarsitters.

AFCAazje UEFAJeropa CAFAfrika CONCACAFNoard-Amearika CONMEBOLSúd-Amearika OFCOseaanje Salman Bin Ibrahim Al-KhalifaSeniorAleksander ČeferinSándor CsányiDavid MartinPatrice MotsepeVictor MontaglianiAlejandro DomínguezLambert Maltock

Sekretaris-generaal Namme Nasjonaliteit AmtsperioadeOpm.Louis Muhlinghaus 1904-1906Carl Hirschman 1906-1931Dr. Ivo Schricker 1932-1951Kurt Gassmann 1951-1960Dr. Helmut Käser 1961-1981Sepp Blatter 1981-1998Michel Zen-Ruffinen 1998-2002Urs Linsi 2002-2007Jérôme Valcke 2007-2015út 't amt set fanwegen korrupsje. Markus Kattner 2015-2016Ynterim sekretarisFatma Samoura 2016–hjoed de dei

Leden Utsein Monako, Fatikaanstêd, Mikroneezje, Kiribaty, de Marshalleilannen, Naurû, Palau en Tuvalu, dy't wol elk in nasjonale ploech hawwe, binne alle ûnôfhinklike lannen lid fan de FIFA. Dêrneist is in oantal ôfhinklike gebieten ek lid fan de organisaasje. De fjouwer lânrekken fan it Feriene Keninkryk hawwe elk in apart bûn en fungearje as in selsstannich optredend lân (Wales, Noard-Ierlân, Ingelân en Skotlân). Dat is ûnder de oansluting fan dizze fuotbalbûnen as betingst steld. Yn 2016 waarden Kosovo en Gibraltar talitten as respektyflik 210e en 211e lid fan de FIFA.

Konfederaasjes De FIFA hat seis kontinintale bûnen as lid: Aazje, Asian Football Confederation, (AFC) Afrika, Confédération Africaine de Football, (CAF) Súd-Amearika, Confederación Sudamericana de Fútbol, (CONMEBOL) Noard-Amearika, Confederation of North and Central American and Caribbean Association Football, (CONCACAF) Oseaanje, Oceania Football Confederation, (OFC) Jeropa, Uny fan Jeropeeske Fuotbal Assosjaasjes, (UEFA)

Korrupsje Nei jierrenlange geroften fan korrupsje en fraude binnen de organisaasje waarden op 27 maaie 2015 meardere FIFA-bestjoerders oppakt op fertinking fan omkeaping, ôfparsing en it wytwaskjen fan jild. Ek waard der troch de Switserske plysje in ynfal op it haadkantoar fan de organisaasje dien en waarden der dokuminten meinaam. Yn 2015 trede fjouwer dagen nei syn werferkiezing Sepp Blatter as FIFA-foarsitter. As reden joech er dat it foar him net fielde dat er fan de hiele fuotbalwrâld de stipe hie om fierder te gean. Op 21 desimber fan dat jier skorste de tuchtkeamer fan de etyske kommisje fan de FIFA Sepp Blatter en Michel Platini foar acht jier fanwegen oertrêding fan de etyske koade. Blatter krigge boppedat noch in jildboete fan 50.000 Switserske frank en Platini moast 80.000 Switserske frank betelje. Beiden waarden útsletten fan alle fuotbal relatearre aktiviteiten op nasjonaal en ynternasjonaal nivo.

Kategory:Fuotbal Kategory:Ynternasjonaal sportbûn Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1904