Cornelis den Besten (Minnertsgea, 21 septimber 1894 - 1977) wie in Nederlânske jurist en nasjonaalsosjalistyske politikus.
Den Besten wie Dútsksinnich en sleat him yn 1933 oan by de NSB. Foar't Den Besten op 10 july 1941 ynstallearre waard as boargemaster fan Apeldoorn wie er jurist yn Utert, dêr't de dichter Hendrik Marsman syn kantoargenoat wie. Fanwegen in kûlante hâlding tsjinoer Joaden waard Den Besten op 20 augustus 1942 ûntslein en opfolge troch Dirk Pont. Nei de oarloch waard Den Besten troch it Tribunaal fan Apeldoorn feroardiele, mar waard er nei it proses fuortendaliks yn frijheid steld. Hy ferlear wol syn kiesrjochten.
Den Besten troude twaris en hie trije bern. Soan Ad den Besten (1923-2015) wie dichter, essayist en útjouwer fan poëzy.
Kategory:NSB-politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk kollaborateur yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Minnertsgea Kategory:Persoan berne yn 1894 Kategory:Persoan stoarn yn de 20e iuw