thumb|Tegelpanielen op de westmuorre fan it Ryksmuseum, Amsterdam, út Cuypers syn "Quellinusskoalle"-atelier De Keunstnijverheidsschool Quellinus (1879 -1924) wie in Amsterdamske ûnderwiisynstelling.

Skiednis De Roermondske arsjitekt Pierre Cuypers krige yn 1876 de opdracht foar de bou fan it Ryksmuseum yn Amsterdam. Yn jannewaris 1877 waard mei de bou útein set en yn april 1877 begûn yn in bouloads in kursus foar jongelju dy't har talizze woene yn (ornaminteel) byldhouwe. Dizze 'praktykskoalle' wurke feitlik as ûnderôfdieling fan it atelier Cuypers-Stoltzenberg. De deistige lieding kaam yn hannen fan de Belch Eduard Colinet, dy't beneamd wie ta bysûnder opsichter by de bou fan it museum.Ype Koopmans (1997) Muurvast & gebeiteld - Beeldhouwkunst in de bouw 1840-1940, Rotterdam: NAi Uitgevers.

Yn 1879 waard de feriening Quellinus oprjochte, mei as doel it befoarderjen fan it keunstûnderwiis. Om it doel te heljen soe offisjeel in tekenskoalle oprjochte wurde, mei in praktyske oefenskoalle anneks."Statuten der Vereeniging Quellinus", Staatscourant, 16 juny 1879. De feriening waard ferneamd nei Artus Quellinus, de byldhouwer dy't ferantwurdlik wie foar it meastepart fan de byldhouwurken fan it stedhûs fan Amsterdam. De skoalle krige de namme Kunst-Nijverheid-Teekenschool Quellinus. Colinet wie de earste direkteur, Anton Trautwein en Ben Wierink wiene de earste leararen. Yn Roermond waard inselde ûnderwiisynstelling oprjochte troch Pierre en Joseph Cuypers, de lettere R.K. Scholengemeenschap Dr. Cuypers.

Yn 1924 fusearre de Quellinusskoalle mei de Teekenschool voor Kunstambachten en de Dagteeken-en Kunstambachtsschool voor Meisjes tot het Instituut voor Kunstnijverheidsonderwijs Amsterdam; de Rijksschool voor Kunstnijverheid Amsterdam waard opheft. Yn 1968 waard de namme fan de fúzjeskoalle feroare yn Gerrit Rietveld Academie.

In kolleksje mei oanskôchlik lesmateriaal besteande út goed sânhûndert njoggentjinde iuwske foto's is yn it Ryksprintekabinet fan it Ryksmuseum Amsterdam. De foto's toane ûnderwerpen as klassyk byldhouwurk út Italië, boufragminten fan kastielen en tsjerken en ôfbyldingen fan klassyk meubilêr dêr't ryklik houtsnijwurk dekorearre tafels en Siuwske kasten by binne.

Foarbylden fan klassyk meubilêr

Lieding en dosinten Colinet, E. (Eduard), mei-oprjochter en direkteur fan 1879 ôf Cuypers, P.J.H. (Pierre), mei-oprjochter Heukelom, J.B. (Jan Bertus), dosint tekenjen Papenhuijzen, W. (Willem), learaar tekenjen oant 1921 Laars, T. van der (Tiete), dosint oant om 1900 hinne (nei alle gedachten) Bourgonjon, L.F. (Louis), dosint byldhouwen; dosint boetsearjen: 31 jier dosint Wierink, B.W. (Ben), dosint tekenjen: 3 jier fan 1879 ôf Bossche, P.E. van den (Emil), assistint fan Eduard Colinet Hove, B.J.W.M. van (Bart), direkteur fan 1902 oant 1908 Rol, C. (Cornelis), dosint tekenjen fan 1903 oant 1931 Wal, H.A. van der (Hendrik Adriaan), dosint tekenjen fan 1913 oant 1948 Jacobs, J.A. (Jacob Andries), learaar fan 1916 oant 1924 Lauweriks, J.L.M. (Jan/Matthieu), direkteur fan 1917 ôf

Kar-út bekende learlingen

Kategory:Ryksmuseum Amsterdam kategory:Skiednis fan Amsterdam Kategory:Skoalle yn Noard-Hollân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1879 Kategory:Organisaasje opheft yn 1924