Suttrop is in doarp yn de Kreis Soest yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It doarp is part fan de gemeente Warstein en is yn de rin fan de jierren omtrint oan Warstein fêstgroeid; it wurdt allinnich fan Warstein skieden troch de frachtspoarline. Sûnt 1 oktober 2020 hat Suttrop 3166 ynwenners. Op 1 jannewaris 1975 waard Suttrop, dat foarhinne by it distrikt Lippstadt hearde by de gemeente Warstein yndield.
Bysûnderheden fan it doarp It besjen wurdich is it kastiel Körtlinghausen, dat 3 km eastlik fan Suttrop leit en yn de lette midsiuwen boud waard. It restaurearre Steinrücken-hûs mei it tichteby lizzende boarnegebiet is ek de muoite wurdich. It diamantpaad is in besite wurdich en de skiednis fan de kalkbaarningsproses kin ferkend wurde yn de skulpekalkûne.
Kategory:Warstein Kategory:Plak yn Noardryn-Westfalen