West-Kaap (Afrikaansk: Wes-Kaap; Ingelsk: Western Cape; Xhosa: iNtshona Koloni) is in provinsje yn it súdwesten fan Súd-Afrika. It is mei in oerflak fan 129.462 km² de fjirde yn grutte fan de njoggen provinsjes fan Súd-Afrika. De provinsje hie yn 2021 in rûsde ynwennertal fan goed 7 miljoen ynwenners dêr't twatred fan yn en om de haadstêd Kaapstêd wennet. De provinsje waard op 27 april 1994 stifte doe't de eardere Kaapprovinsje yn West-Kaap, Noard-Kaap, East-Kaap en yn in part fan de provinsje Noardwest opspjalte waard.

Geografy thumb|left|Wyngerts by Constantia thumb|left|Befolkingstichtens yn West-Kaap De provinsje mei in totaal oerflak fan 129.462 km² leit yn it súdwesten fan it lân en hat suver in L-foarm mei in kustline fan likernôch 400 km mei de Atlantyske Oseaan en 500 km mei de Yndyske Oseaan. De provinsje grinzget yn it noarden oan Noard-Kaap, en yn it easten oan East-Kaap. Kaapstêd is de haadstêd en is tagelyk ek de wetjouwende haadstêd fan Súd-Afrika mei it ymposante Parlemintsgebou. Kaapstêd hat in natuerlike haven oan de Tafelbaai. Guon oare grutte stêden binne Stellenbosch, Worcester, Paarl en George. De túnrûte rint oan de súdkust troch West-Kaap hinne en is ien fan de wichtichste fakânsjebestimmings yn Súd-Afrika.

West-Kaap is de meast súdlike krite op it Afrikaanske kontinint, dêr't Cape Agulhas it súdlikste punt fan is. De kustline fariearret fan sânstrannen ta steile rotsige kusten. Saldanha Bay, 140 km noardlik fan Kaapstêd is in natuerlike haven en de eardere neamde Tafelbaai op it Kaapske skiereilân is omboud ta de haven fan Kaapstêd.

Klimaat Troch syn lizzing oan twa oseanen en mei ferskate hichten is der in grut klimatologysk ferskaat yn de provinsje. Oan de súdkant hearsket in mediterraan klimaat mei kâlde, wiete winters en drûge waarme simmers en yn it noarden yn de Grutte en Lytse Karoo hearsket in drûch en toar klimaat mei izige winters en hjitte simmers. Mosselbaai hat njonken Hawaiï it myldste klimaat yn de wrâld.

Befolking thumb|left|Mearderheidstalen yn West-Kaap: De befolking bestie neffens de folkstelling fan 2011 5.822.734 ynwenners, en is neffens de sifers fan 2022 woeksen ta 7.433.019. Twatred wennet yn en om Kaapstêd hinne, dy't nei Jehannesburch de twadde agglomeraasje fan it lân is. De befolking fan de provinsje is nei Gauteng de fluchst waaksende. De grutste befolkingsgroep binne de kleurlingen mei goed 41,5%, dêrnei de swarten mei 40,5% en blanken mei 16%. Troch emigraasje út East-Kaap wei wenje der in soad Xhosa. De offisjele talen binne de trije meast sprutsen: Afrikaansk (41,2%), Xhosa (31,4%) en Ingelsk (22%).

De West-Kaap (Western Cape) is de "groeikampioen" fan de ôfrûne desennia. Wylst oare provinsjes groeie troch natuerlike oanwaaks, groeit de West-Kaap foaral troch migraasje. In soad minsken út de East-Kaap en Gauteng ferhúzje nei de regio om Kaapstêd fanwegen de wurkgelegenheid, de ynfrastruktuer en de libbenskwaliteit (ek wol "semigraasje" neamd).

Befolkingsûntwikkeling (1996–2022) Jier 1996 2001 2011 2022 Inwennertal 3.956.875 4.524.335 5.822.734 7.433.019 Groei (%) — +14,3% +28,7% +27,7%

Ekonomy De provinsje is in wichtich sintrum foar hannel, yndustry en lânbou en is in grutte wynprodussearjende krite. Njonken druven wurde der oare fruchten en grienten kweekt. Noardlik en eastlik fan Kaapstêd is nôt in wichtich gewaaks. By de Westkust del is fiskerij wichtich en yn Karoo wurde der in soad skiep holden. Ek toerisme is in wichtige boarne fan ynkommen. Yn Oudtshoorn is de Kangogrotte it besjen wurdich

Wet en oerheid De haadstêd is Kaapstêd, dêr't it provinsjaal parlemint fêstige is. De grûnwet fan de West-Kaap waard yn 1998 oannommen en is yn de trije offisjele talen fan de provinsje beskikber. Dy grûnwet fiert de provnsjale wetjouwing út, dy't neffens de Grûnwet fan Súd-Afrika bepaald is, op it mêd fan lânbou, ûnderrjocht, omjouwingsaken, sûnensoarch, hûsfêsting, taalbelied, toerisme, hannel en woltierigens.

Yndieling 500px|thumb|Yndieling fan West-Kaap thumb|Kaapstêd mei de Tafelberch thumb|George thumb|Hexrivierbergen West-Kaap bestiet út ien grutstedske gemeente en fiif distrikten. De distrikten binne op harren bar ûnderferparte yn 24 gemeenten.

Grutstedske gemeente Kaapstêd

Distrikten Distrikt Sentraal-Karoo Beaufort-Wes Laingsburg Prins Albert

Distrikt Garden Route (Túnrûte, oant 2018: Eden) Bitou George Hessequa Kannaland Knysna Mosselbaai Oudtshoorn

Distrikt Kaapse Wynland Langeberg Breedevallei Drakenstein Stellenbosch Witzenberg

Distrikt Overberg Kaap Agulhas Overstrand Swellendam Theewaterskloof

Distrikt Weskus Bergrivier Cederberg Matzikama Saldanhabaai Swartland

Keppeling om utens Offisjele webside fan West-Kaap thumb|left|Provinsjaal parlemintsgebou yn Kaapstêd

Kategory:Provinsje fan Súd-Afrika Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1994