Sauerlân (Dútsk: Sauerland) is in gebiet yn de Dútske dielsteaten Noardryn-Westfalen en Hessen.

De hichte yn Sauerlân ferskilt fan sa'n 200 m yn de delling fan de Ruhr oant goed 840 m yn de omkriten fan Winterberg yn Hochsauerland. Dêr leit de Kahler Asten, in ferneamde berch fan 841,9 m hichte. De Langenberg is mei 843,2 m de heechste berch fan Sauerlân en leit op de grins fan Noardryn-Westfalen en Hessen. Sauerlân leit yn it streamgebiet fan de Ryn en de Weser. Yn Sauerlân ûntspringe ferskate rivieren lykas de Ruhr en de Möhne.

In grut part fan 'e rivieren dy’t yn Sauerlân begjinne wurde ûnderbrútsen troch wetterkearingen, wêrtroch't grutte djippe marren ûntstien binne dy’t tsjinje foar wetteropslach, regulaasje fan it wetterpeil, enerzjyfoarsjenning en rekreaasje. In oantal fan de damen is yn de Twadde Wrâldkriich bombardearre. De ferneamste dêrfan is de wetterkearing yn de Möhne.

Geografy thumb|left|200px|It stedsje Hirschberg yn de gemeente Warstein. Lizzing en grinzen Sauerlân leit yn it suden fan Westfalen; it omfettet benammen it noardeastlik part fan it Rynlânske laaistienberchtme, dat krekt as oanswettende gebieten foarhinne ta it greefskip Mark en it hartochdom Westfalen hearde. Yn it westen, suden en easten folget de ôfbeakening oer it algemien histoaryske grinzen, wylst yn it noarden de feroaring yn it lânskip de grins is.

Kreisen yn it Sauerlân thumb|right|260px|Sauerlân. Bestjoerlik leit it Sauerlân yn de neikommende kreisen en gemeenten.

Njonkenlizzende regio's Yn it suden giet Sauerlân oer yn it Wittgensteiner Land en Siegerland, yn it westen yn it Bergisches Land. Alle trije lânskippen meitsje ek diel út fan it Súderberchlân en binne om histoaryske redenen ôfbeakene.

Yn it noardwesten grinzet Sauerlân oan it Ruhrgebiet. Parten fan de twa regio's oerlaapje inoar histoarysk en geografysk, mar ûnderskiede har benammen as gefolch fan ferskillende ekonomyske ûntwikkelingen.

Fierder nei it easten grinzet Sauerlân oan ’e Hellwegbörden, bygelyks de Soester Börde, en yn it noardeasten en easten oan it East-Westfaalske bisdom Paderborn. Dy regio's lizze yn it Westfaalske Bekken en ferskille dêrtroch kwa lânskip fan it Sauerlân.

Oangrinzjend gebiet yn it súdeasten en suden is it greefskip Waldeck, dat him histoarysk ôfskiedt fan Sauerlân. Upland, dat oan beide regio's tawiisd is, hat in bysûndere posysje.

It Bergisches Land is ûnderdiel fan it Rynlân, Waldeck is ûnderdiel fan Noard-Hessen en alle oare oanswettende regio's, lykas it Sauerlân, binne ûnderdiel fan Westfalen.

Bergen thumb|right|200px|Boarne fan de Lenne op de Kahler Asten by Winterberg. De heechste bergen fan it Sauerlân, dy't allegearre yn it Rothaarberchtme lizze, binne de Langenberch (843,2 m boppe seenivo) tusken Willingen en Niedersfeld, de Hegekopf (842,9 m) súdlik fan Willingen en de Kahler Asten (841,9 m). De Langenberg is it heechste punt fan it Rothaarberchtme, fan Noardryn-Westfalen èn fan Noardwest-Dútslân en de grins tusken Noardryn-Westfalen en Hessen rint oer de berchtoppen dêrfan. De Hegekopf leit folslein op Hessysk grûngebiet en is nei de Langenberg de op ien nei heechste berch yn it noarden fan Noard-Hessen.

Neist it Rothaarberchtme wurdt de regio karakterisearre troch oare berchrigen. Dy omfetsje it Saalhausberchtme (Himberg, 687,7 m), it Ebbeberchtme (Nordhelle, 663,3 m), it Lenneberchtme (Homert, 656,1 m) en Noard-Sauerlân (Plackweghöhe, 581,5 m).

Rivieren en Beekjes thumb|right|200px|Rivier de Möhne by Mülheim. It streamgebiet fan Ryn-Weser rint fan noard nei súd troch Sauerlân en oer de heechste top, de Langenberch. It grutste part fan West-Sauerlân wetteret foar in grut part oer de Ruhr en syn linker sydrivieren op de Ryn ôf, wylst guon gebieten yn it noardeasten ek ôfwetterje nei de Lippe.

It easten fan Sauerlân, yn it bysûnder hiel Upland, mûnet oer de Diemel en sydrivieren fan de Eder ôf rjochting de Weser. De wichtichste rivieren en beekjes yn Sauerlân binne:

Wetterkearingen thumb|right|180px|Möhnetalsperre yn de Möhnesee. Troch de yndustrialisaasje naam benammen yn it Ruhrgebiet de fraach nei drink-en yndustrywetter ta. Yn de ûnderrin fan de Ruhr waarden dêrom withoefolle wetterwurken boud, mar de opslachmarren stiene yn drûge simmers faak drûch. Om dat te regulearjen hawwe de wetterprodusinten yn it Ruhrgebiet harren yn 1899 ferienige yn de Ruhrtalsperrenverein. Dy organisaasje ynvestearren benammen yn de bou fan wetterkearingen op in pear lytsere rivieren yn Sauerlân. Mei dy wetterkearingen wurdt it wetter yn de hjerst en de winter opslein, en yn de maitiid en de simmer kontrolearre fuortstreamd, om altyd te soargjen foar foldwaande wetter yn de ûnderrin fan de Ruhr.

De grutste fan dy opslachmarren binne de Biggesee (mei de Listertalsperre), de Möhnetalsperre, de Sorpetalsperre, de Hennetalsperre en de Versetalsperre. Oan de noardeastlike râne en krekt yn de neistlizzende distrikten lizze de Diemelsee en de Aabachsee.

De opslachmarren binne populêre fakânsjebestimmingen foar ynwenners fan it Ruhrgebiet en Nederlân. Om de measte fan dy marren hinne is dan ek in bloeiende rekreative ekonomy ûntstien mei û.o. campings, hotels en hoareka.

Geology thumb|center|800px|Utsjoch fan ’e noardlike top fan ’e Ginsterkopf yn ’e delling fan ’e Gierskoppbach yn súdwestlike- en westlike rjochting: lofts op 'e foto de Bruchhauser Steine, midden op de foto Elleringhausen mei de Ruthenberch en dêrefter it massyf fan Heidkopf en Olsberg. Rjochts dêrfan it útsjoch yn 'e rjochting fan Olsberg nei it Oberer Arnsberger Wald mei dêr it natuerpark Arnsberger Wald. Hielendal rjochts de súdwestlike útrinners fan de Borberg.

Sauerlân makket diel út fan it Rynlânske Laaistienberchtme. De measte rotsen waarden foarme doe't it hiele gebiet in ûndjippe see wie. Dêrtroch binne laaistien, sânstien, Grauwacke en kalkstien de meast foarkommende stiennen. Dêrneist komt yn it eastlike Sauerlân fulkanysk stientme foar en op guon plakken binne ertsen foarme op de seeboaiem. thumb|left|200px|Dripstiengrot Bilsteinhöhle. Yn it Paleosoïkum (geologysk tiidrek) waard de oant dan horizontale seeboaiem omheech drukt en ûntstie der in earste berchtme. De bergen dy ’t doe ûntstiene, ferdwûnen dêrnei wer gau, sadat it gebiet fan it lettere Sauerlân wer frijwat flak wie. De hjoeddeistige Sauerlânske bergen binne ûntstien troch de ferheffing fan it Rynlânske laaistienberchtme sûnt de ein fan it Mioseen en foaral yn it Kwartêr. Sûnt dy tiid hawwe de rivieren har in wei troch it laaistienberchtme snien, benammen fan de rânen ôf. It laaistienberchte en dêrmei Sauerlân groeit hjoed-de-dei noch hieltyd stadich de hichte yn.

Guon dielen fan Sauerlân binne troch de oanwêzichheid fan kalkstien ferkarste en der binne hûnderten dripstiengrotten ûntstien, benammen yn it noarden, tusken Iserlohn en it Hönnetal en yn it gebiet om Attendorn hinne en op it Brilon-plato. Guon dêr fan binne te besjen.

De gâns gruttere en lytsere ertsôfsettingen hawwe sûnt de midsiuwen laat ta de ûntwikkeling fan in tradisjonele mynbou. De mynbou yn Sauerlân wie eartiids in wichtige ekonomyske faktor; de mynbou kaam yn de jierren 1970 fan de foarige iuw folslein ta in ein.

Natoer Sauerlân is in middelberchtme mei bûke- en spjirrebosken. Fanwegen al dy bergen wurdt it ek wol it lân fan de tûzen bergen neamd. thumb|left|180px|Wetterfal Plästerlegge.thumb|right|180px|Sauerlân yn de winter by Meschede. Yn de jierren 1960 waarden ferskate gebieten oanwiisd as natuerpark. Yn it noarden tusken de Ruhr en Möhne leit it natuerpark Arnsberger Wald. It natuerpark Ebbegebirge besloech it grutste part fan it súdwestlike Sauerlân, it natuerpark Homert lei tusken de Lennefallei yn it súdwesten en it Ruhrgebiet yn it noardeasten. It natuerpark Homert lei tusken it Lennetal yn it súdwesten en it Ruhrgebiet yn it noardeasten. It natuerpark Rothaargebirge wreide him út oant yn it noardeastlike Sauerlân, yn it Wittgensteiner Lân en yn it Siegerlân. Yn maaie 2015 binne de lêste trije gearfoege ta it natuerpark Sauerland-Rothaargebirge, dat sûnt it op ien nei grutste Dútske natuerpark is mei in oerflakte fan 3.826 km2. It natuerpark Diemelsee leit tusken Brilon en Marsberg yn de noardeastlike râne yn it grinsgebiet mei de Hessense Kreis Waldeck-Frankenberg.

De natoer fan Sauerlân fertoant in grut ferskaat, mei in protte, soms sels seldsume planten en bisten. Dat binne bygelyks de wisint, de swarte earrebarre, de oehoe, de skatekster en it paapke. Dat late njonken de natuerparken ta de oanwizing fan in grut tal beskerme gebieten (Schutzgebieten) fan ferskate grutte.

Súdlik fan Bestwig leit de Plästerlegge, mei 20 meter de heechste wetterfal fan Noardryn-Westfalen. It Rothaarberchtme hat syn heechste toppen yn it gebiet Winterberg, Olsberg en Brilon mei de Kahler Asten en it gebiet om de Hochheide Neuer Hagen hinne. Fanwege it bysûndere klimaat en de hichte fan mear as 800 meter binne hjir in tal biste- en plantesoarten, dy't yn Noardryn-Westfalen allinne hjir foarkomme, dêrûnder binne de berchslaad (Cicerbita alpina) en it twablomde fioeltsje (Viola biflora).

It kalkstiengebiet fan it Brilon-plato mei gerslân oan de kalkstientoppen hat ek in bysûndere fegetaasje. It neamen wurdich binne Orobanche alba en Seseli annuum. In oar bysûnder skaaimerk is de fegetaasje fan de karstboarnen fan de Alme mei it foarkommen fan Cochlearia pyrenaica. Yn de Meibacher Bocht leit tanksij it foarkommen fan 'e toarnekster, de skatekster en it paapke it fûgelreservaat Meibacher Bucht. It Marsberchgebiet mei it Diemelgebiet hat útwrydske kalkgerslannen op de Zechstein-ûndergrûn. De Rotsmar (Felsenmeer) by Hemer is ûntstien troch it ynstoarten fan grotten.

thumb|center|800px|Hjerst yn it Sauerlân by de Hennetalsperre.

Ekonomy thumb|right|200px|De Veltins brouwerij yn Grevenstein. Histoarysk sjoen, wie Sauerlân foaral in hannelsregio. Yn de 20e iuw en benammen nei de Twadde Wrâldkriich wiene der feroarings. Sûnt it begjin fan de systematyske tylt fan krystbeammen yn de jierren 1980 hat Sauerlân him mei 18.000 hektare krystbeammen ûntwikkele ta it grutste bougebiet fan krystbeammen yn Europa. De regio Súd-Westfalen is op basis fan in oandiel fan 40% fan 'e beropsbefolking de op twa nei sterkste yndustriële regio fan Dútslân. Yn it westen fan Sauerlân wurde de heechste wearden berikt mei in yndustrieel wurkgelegenheidsoandiel fan 43-44%. Meardere lytse en middelgrutte fabriken sitte yn Sauerlân. Hjoed-de-dei besteane de bedriuwen fral út taleveransiers fan de auto-yndustry, de aluminium ferwurkjende yndustry en fabriken dy’t ark meitsje. De farmaseutyske en gemyske yndustry binne yn Iserlohn fertsjintwurdige. Ek bekende fabrikanten fan lampen yn de regio's Arnsberg, Lüdenscheid en Iserlohn en sanitêr yn en om Hemer binne fertsjintwurdige. Yn it Schmallenbergergebiet besteane noch hieltyd wichtige bedriuwen út de Sauerlânske tekstylyndustry. In foarm fan mynbou yn Sauerlân libbet noch altyd as laaistienwinning yn Bad Fredeburg. It meast bekende Sauerlânske produkt is bier. Neist tal fan lytse brouwerijen binne Warsteiner yn Warstein en Veltins yn Grevenstein yn de buert fan Meschede ek bûten Dútslân bekend. Dat betsjut dat twa fan de grutste brouwerijen yn Dútslân mar 28 kilometer fan inoar ôf steane.

Toerisme thumb|right|200px|Attraksjepark Fort Fun Abenteuerland yn Bestwig. Sûnt de ein fan de 19e ûntwikkele Sauerlân him ta it rekreaasjegebiet foar minsken út de yndustrygebieten en de grutte stêden. Dy belangstelling soarge foar ekonomyske ympulsen foar Sauerlân. Benammen nei de Twadde Wrâldkriich waard Sauerlân in wichtich rekreaasjegebiet. De bosken, de lytse stedsjes en doarpen meitsje fan 'e regio in tige gaadlik kuiergebiet en in soad stêden waarden kueroarden fanwege de goede loftkwaliteit.