De oblast Oarenburch (Russysk: Оренбургская область, Orenboergskaja oblast) is in oblast yn Ruslân. Haadstêd fan de oblast is de stêd Oarenburch.
Geografy thumb|left|250px|Karakteristyk lânskip fan de oblast (rajon Perevolotsk) It gebiet is 123.702 km² grut en dêrmei stiet de oblast op it 29e plak yn Ruslân wat grutte oanbelanget. De oblast leit yn it suden fan de federaasje en foar in part yn Europa en in part yn Aazje. De oblast leit oan de súdeastlike râne fan de East-Europeeske flakte en oan de súdlike punt fan de Oeral. Fan west nei east is de oblast 760 km en fan noard nei súd 445 km.
Yn it suden fan it gebiet rint de lânsgrins mei Kazachstan. Fierder grinzget de oblast oan de oblasten Samara yn it westen en Tsjeljabinsk yn it easten. Yn it noarden grinzget it gebiet oan de autonome republyk Basjkortostan en der is in koarte mienskiplike grins mei de autonome republyk Tatarstan.
It klimaat van de oblast hat in sterk kontinentaal karakter.
De belangrykste rivier is de Oeral.
Skiednis Histoarysk sjoen gyng de oblast foarôf troch it gûvernemint Oarenburch, dat by dekreet fan keizerin Elizaveta Petrovna yn 1744 oprjochte waard. De oblast waard op 7 desimber 1934 troch in beslút fan it presidium fan de Boppeste Sovjet fan de USSR foarme troch it te skieden fan it Midden-Wolga-gebiet. Fan 1938 oant 1957 droech de oblast de namme Tsjkalov, nei de piloat Valeri Pavlovitsj Tsjkalov.
Befolking De befolking fan de oblast bestiet foar it measte út Russen. Njonken Russen binne der gruttere minderheden fan Tataren en Kazachen en lytsere minderheden fan Oekraïeners, Basjkieren, Mordwinen en Russyske Dútsers. De Dútsers wennen benammen yn it grinsgebiet mei Kazachstan om Sol-Iletsk hinne. in soad Dútsers binne lykwols emigrearre nei Dútslân.
Ekonomy Belangrike ekonomyske aktiviteiten yn de oblast binne de winning fan oalje en gas en de raffinaazje fan oalje.
Bestjoerlike yndieling en stêden De oblast is ûnderferdield yn 35 rajon's en 9 stedsdistrikten. It stedsdistrikt Komarovski is in saneamde sletten stêd (ZATO). Meiïnoar hat de oblast tolve stêden, dêrûnder ek de haadstêd Oarenburch. Oare grutte stêden binne Orsk, Novotroisk, Bûsûlûk en Bûgûrûslan en Komarovski. thumb|260px|Regearingsgebou yn Oarenburch thumb|260px|Gorki-teäter fan Oarenburch + Gruttere plakken Stêd / Delsetting mei stedsk karakter* Russysk Rajon/stedsdistrikt Ynwennertal Wapen Lokaasje Abdûlino Абдулино Abdûlino 18.420 (2021) 40px Bûgûrûslan Бугуруслан stedsdistrikt 47.714 (2021) 40px Bûzulûk Бузулук stedsdistrikt 86.042 (2021) 40px Gai Гай stedsdistrikt 33.564 (2021) 40px Jasny Ясный Jasny 15.092 (2021) 40px Komarovski* Комаровский stedsdistrikt (ZATO) 7.162 (2021) 40px Kûvandyk Кувандык Kuwandyk 23.225 (2022) 40px Mednogorsk Медногорск stedsdistrikt 24.321 (2022) 40px Novotroitsk Новотроицк stedsdistrikt 82.463 (2021) 40px Oarenburch Оренбург stedsdistrikt 572.308 (2022) 40px Orsk Орск stedsdistrikt 224.814 (2021) 40px Sol-Ilezk Соль-Илецк Sol-Ilezk 26.655 (2021) 40px Sorotjinsk Сорочинск stedsdistrikt 26.980 (2021) 40px Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 11 augustus 2022 Befolkingsferrin Jier 1897 1928 1939 1959 1970 1979 1992 2002 2009 2022 Ynwenners 1.600.145 813.100 1.675.000 1.829.481 2.049.976 2.088.553 2.168.257 2.179.551 2.111.531 1.924.578
Kategory:Oblast fan Ruslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934