260px|thumb|Nachtegaalstraat left|260px|thumb|Swierwaar oer Utert-East Utert-East (Nederlânsk: Utrecht-Oost) is in wyk yn de Nederlânske stêd Utert. De wyk hat 32.529 ynwenners (2019, boarne: gemeente Utert) en is dêrmei neffens ynwenners de sechsde wyk fan Utert. Kampus Uithof falt ûnder de wyk. Yn de wyk wenje dus in soad studinten, sawol yn De Uithof as yn oare parten fan de wyk.

Yn Utert-East steane fierder noch it Stadion Galgenwaard (FC Utert), it Nederlânsk Spoarweimuseum, it Provinsjehûs, de kampus fan University College Utrecht en yn De Uithof steane parten fan de Universiteit Utert, de Hegeskoalle Utert en it Universitêr Medysk Sintrum Utert.

De wyk grinzget yn it westen oan de wyk Binnenstêd, yn it noarden oan de wyk Noardeast, yn it suden oan de wyk Súd en yn it easten oan de gemeenten De Bilt, Seist en Bunnik.

Buerten De wyk bestiet út de folgjende buerten.

Buiten Wittevrouwen Wilhelminapark en omkriten Oudwijk (súd) Schildersbuurt (súd) Abstede (Oosterbuurt) Tolsteegsingel en omkriten Sterrenwijk Rubenslaan en omkriten Watervogelbuurt Lodewijk Napoleonplantsoen en omkriten Rijnsweerd-Noard Rijnsweerd-Súd Galgenwaard en omkriten Maarschalkerweerd en Mereveld Utrecht Science Park (De Uithof) De lêste twa lizze eastlik fan autodyk A27.

Keppelings om utens Wykrie East Wyk East - Utrecht.nl

Kategory:Wyk yn Utert (gemeente)