De oblast Tomsk (Russysk: Томская область, Tomskaja oblast) is in oblast fan Ruslân.

Geografy thumb|250px|left|Vasjûganmoerassen De oblast leit yn it súdeasten fan it West-Sibearyske Leechlân en grinzget oan de kraj Krasnojarsk en de oblasten Tjûmen, Omsk, Novosibirsk en Kemerovo. It gebiet is fan noard nei súd likernôch 600 km en fan west nei east 780 km. De oblast Tomsk is wat oerflak oanbelanget likernôch 1,5% grutter as Poalen.

It grutste part fan de regio is min tagonklik. It bestiet foar in grut part út taiga (63% fan it gebiet is bosk; en dat is 20% fan it hiele boskoerflak fan West-Sibearje) en sompen (28,9%; de Vasjûganmoerassen foarmje mei in oerflak fan 53.000 km² ien fan de grutste sompegebieten fan'e wrâld).

It heechste punt fan de oblast is 274 m boppe seenivo, it leechste is 34 m boppe seenivo.

De oblast hat 1620 rivieren mei in lingte fan mear as 10 km. De belangrykste rivier is de Ob, oare rivieren binne de Tom, Tsjûlym, de Ket, de Tsjaja, de Parabel, de Vasjûgan en de Tym.

Tomsk is ryk oan grûnstoffen. Der wurdt oalje, gas, ferro- en nonferrometalen fûn. De oblast hat yn it Baktsjarski rajon ien fan de grutste izerôfsettings fan 'e wrâld (en 57% fan alle foarried dêrfan yn Ruslân. Fierder binne der in soad ôfsettings foar boumateriaal. De totale grûnwetterreserves wurde rûsd op 14,2 miljard m³.

Skiednis De ûntwikkeling fan it gebiet sette yn de iere jierren fan de 17e iuw útein. Yn 1604 waard de stêd Tomsk stifte. De ûntdekking fan goud yn de jierren 1830 en de oansluting fan de regio op it Trans-Sibearyske spoar begjin 20e iuw droech by oan in flugge befolkingsgroei.

Yn 1804 waard it gûvernemeint Tomsk stifte, dat oant 1925 bestie en op 25 maaie 1925 opgyng yn de kraj Sibearje, letter de kraj West-Sibearje, weryn't Tomsk it bestjoerlike sintrum waard fan it distrikt Tomsk. Op 13 augustus 1944 waard de oblast Tomsk op 'e nij stifte, wat in lytser oerflak hat as it doetiidske gûvernemint.

Ekonomy Njonken gemy, oalje-yndustry en masinebou foarmet ek de lânbou in wichtige pylder foar de ekonomy fan de oblast.

Bestjoerlike yndieling en stêden De oblast ferdield yn 16 rajon's en 4 stedsdistrikten.

De grutste stêden binne Tomsk en de sletten stêd (ZATO) Seversk. Fierder binne der fjouwer oare stêden en ien plak fan it stedske type. thumb|260px|Leninplein yn Tomsk thumb|260px|Houten arsjitektuer yn Tomsk + Gruttere plakken Stêd / Delsetting mei stedsk karakter* Russysk Rajon/stedsdistrikt Ynwennertal Wapen Lokaasje Asino* Асино Asino 24.442 (2021) gjin Bely Jar Белый Яр Verchneketski rajon 8.324 (2021) gjin Kedrowy* Кедровый stedsdistrikt 1.918 (2021) 40px Kolpasjevo* Колпашево Kolpasjevo 22.589 (2021) 40px Seversk* Северск stedsdistrikt 6.033 (2021) 40px Strezjevoi* Стрежевой stedsdistrikt 39.903 (2021) 40px Tomsk* Томск stedsdistrikt 570.776 (2022) 40px

Befolkingsferrin Jier 1959 1970 1979 1992 2002 2022 Ynwenners 746.802 785.706 866.713 1.001.653 1.046.039 1.068.304

Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1944