Sleeping Sun is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nightwish yn 1999 en útbrocht op it album Oceanborn fan Nightwish út 1998. Sleeping Sun wie it alfde nûmer op it album en waard op 2 augustus 1999 útbrocht as tredde en lêste single fan it album.
Oer de fideoclip Foar it nûmer is in fideoklip opnommen, wêryn't sjongeres Tarja Turunen ta gefolch fan it ljocht, read har liket te hawwen. De fideoclip befettet in soad lânskippen dy't tekenjend binne foar Finlân, lykas de bosken, de strannen en in grut nôtfjild. De fideo waard regissearre troch Sami Käyhkå en opnommen yn Ivalo en it Inarimar, Finlân, yn july 1999.
Muzikanten Tarja Turunen - Sang Emppu Vuorinen - Gitaar Sami Vänskä - Bas Tuomas Holopainen - Toetsen Jukka Nevalainen - Drums
Skriem om My
Skriem om My is in bewurking fan Sleeping Sun foar it Grutte Pier Projekt nei it Keltysk-Fryske Skriem om My en waard ynsongen troch Carla de Bruine1,5 meter sesje yn it Woudagemaal foar Omrop Fryslân.
It Grutte Pierprojekt wie in trijedielige film en musical oer it libben fan frijheidstrider Grutte Pier (1480-1520), fiifhûndert jier nei syn dea. Grutte Pier – Leaver dea as slaaf stevendejongfilms.nl
Neidat it nûmer ynsong wie troch Carla de Bruine waard it bewurke troch Nico Outhuijse. Outhuijse mikste it nûmer en drumde it opnij yn. Boppedat helle hy der in tal muzikanten by, ûnder wa ein fluitist omdat Steven de Jong woe dat it Keltysk klonk. Inspelen: Steven de Jong stortte zich op maken van liedjes in plaats van films Frysk Deiblêd, 10 augustus 2020
Skriem om my giet oer it ferlies fan in dierbere. It nûmer waard produsearre troch De Kast-drummer Nico Outhuijse.Single 'Skriem om my' voor filmtrilogie Grutte Pier LC 27 maaie 2020 It nûmer wie yn 2020 mei in alfte plak de heechste nijkommer yn de Fryske Top 100. Carla de Bruine komt mei ‘Skriem om my’ nij binnen op 11 yn Fryske top 100 Leeuwarden Nieuws.nl, 29 desimber 2020
Muzikanten Carla de Bruine – Sang Johannes Adema – Bas en moog Hubert Heeringa – Strikers en Fluit Rick Meijer – Gitaar Nico Outhuijse – Drums, Perkusje, en Eftergrûnsang
Kategory:Liet fan Nightwish Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1999 Kategory:Metalliet Kategory:Single út 2020 Kategory:Frysktalich liet