Anette Ingegerd Olsson Husgafvel better bekend as Anette Olzon (Katrineholm, 21 juny 1971) is in Sweedsk sjongeres. Sy is benammen bekend as sjongeres fan Nightwish. Olzon spile yn har earste band doe't se santjin wie; se spilen benammen covers fan oare bands. Dêrnei spile se yn de band Alyson Avenue: earst as studiosjongeres, dêrnei ek as leadsjongeres. Mei dy band hat se sûnt 2000 twa albums útbrocht. Op 24 maaie 2007 makke Nightwish bekend dat Anette harren nije sjongeres wurden wie. It earste nije album mei Anette, Dark Passion Play, ferskynde yn septimber dat jier. Yn novimber 2011 waard dit album folge troch Imaginaerum. Olzon waard 1 oktober 2012 wilens in toernee yn Amearika ûntslein. De Nederlânske sjongeres Floor Jansen, earder fan After Forever, waard holderdebolder ynflein om yn elk gefal it toernee ôf meitsje te kinnen. Nei Nightwish gie Olzon solo fierder mar fan 2020 ôf wurket se fulltime as ferpleechkundige.

Anette Olzon is twa kear boaske. Mei har earste man hat se in soan en mei har twadde man, bassist Johan Husgafvel, hat sy twa bêrn.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Dark Passion Play 26 septimber 2007NightwishAmaranth,Erämaan Viimeinen,Bye Bye Beautiful,The Islander Imaginaerum 30 novimber 2011 Storytime,The Crow, the Owl and the Dove

Kategory:Nightwish Kategory:Sweedsk sjonger Kategory:Sweedsk metalartyst‎ Kategory:Sweedsk hardrockartyst‎ Kategory:Persoan berne yn 1971