Rijsoord is in plak yn 'e gemeente Ridderkerk en in eardere gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It doarp hat 3.339 ynwenners (2026).

Oant 1855 wie Rijsoord in selsstannige gemeente. Yn dat jier waard Rijsoord mei Ridderkerk gearfoege. Tusken 1846 en 1855 waard de gemeente nei in weryndieling mei de lytsere gemeente Strevelshoek "Rijsoort en Strevelshoek" neamd. It hjoeddeiske doarp leit foar it grutste part noardlik fan it Waaltsje (de Lytse Waal), bûten it gebiet fan 'e eardere gemeente.

Keunstnersdoarp Tusken 1888 en 1914 besochten talloze keunstners, akademydosinten en studinten út Parys it doarp Rijsoord om dêr te skilderjen. Hotel Warendorp (no Restaurant Ross Lovell) wie harren haadkertier. De oanset waard troch in Hollânske Amerikaan út Chicago jûn, waans âlders oarspronklik yn Rijsoord wenne hiene: de byldzjend keunstner en akademydosint John H. Vanderpoel (1857-1911), berne as Johannes van der Poel yn Haarlemmermeer. Yn 'e simmer fan 1888 besocht Vanderpoel it doarp mei in groep studinten, ûnder wa Anna Stanley. Hy útfanhûze by syn nicht Volksje Noorlander-Van Nes. Om't er tasein hie om alle jierren werom te kommen, boude it pear Noorlander yn 1889 oan 'e Waalwei in nije pleats dy't as Pension Noorlander tsjinje soe. It pension lei flak efter Hotel Warendorp. Ek oare keunstners, lykas de Amerikaanske Wilhelmina Douglas Hawley (1860-1958) dy't yn 1892 foar it earst kaam, útfanhûzen dêre. Noch altyd eksposearje ferskate keunstners tidens de Ridderkerkse Keunstrûte yn Rijsoord.

Kapitulaasje thumb|left|Museum Johannes Postskoalle. Op 15 maaie 1940 waard yn Rijsoord nei fjouwer dagen striid troch generaal Henri Winkelman de kapitulaasje ûndertekene. De formaliteit fûn plak yn in skoalgebou, dat hjoed-de-dei it Museum Johannes Postskoalle is. Foar it museum stie in monumint mei de tekst: "Een volk dat zijn verdediging verwaarloost zet zijn vrijheid op het spel" en by it museum stiet in byld fan generaal Winkelman.

Ekonomy Yn Rijsoord binne ferskate túnboubedriuwen. It wie eartiids ek in doarp dêr't in soad flaaks ferboud waard en ferwurke ta linnen en tou. Ut it flaaks waard ek lynsied helle foar it meitsjen fan lynsiedoalje.

Kategory:Plak yn Ridderkerk Kategory:Eardere gemeente yn Súd-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1855