thumb|Lizzing yn Ridderkerk Oostendam is in buorskip yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De buorskip leit foar in part yn 'e gemeente Ridderkerk en foar in part yn 'e gemeente Hendrik-Ido-Ambacht. De buorskip hat 650 ynwenners (2026).

Oostendam ûntstie yn 1332 doe't greve Willem III de Waal oan 'e noardkant fan 'e Zwijndrechtse Waard ôfdamje liet.

Oostendam leit relatyf isolearre yn 'e gemeente Ridderkerk, krekt súdlik fan de A15 en westlik fan 'e rivier de Noard; de bewenners binne dan ek foaral oriïntearre op it buorjende Hendrik-Ido-Ambacht. Oant 1855 hearde de buorskip ta de gemeente Hendrik Ido-Oostendam en Schildmanskinderen-Ambacht.

Doe't dy gemeente fusearre mei Sandelingen-Ambacht ta de gemeente Hendrik-Ido-Ambacht, waard it part fan Oostendam noardlik fan 'e Waal by de gemeente Ridderkerk foege.

Oan 'e Pruimendijk stiet in lyts tsjerkje, de Immanuëlkapel. De kapel waard yn 1946 yn gebrûk nommen en letter in oantal kearen ferboud en fergrutte.

Kategory:Plak yn Ridderkerk Kategory:Plak yn Hendrik-Ido-Ambacht