thumb|IJsselmonde

IJsselmonde (of Iselmûn) is in lânstreek yn it suden fan 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân, dy't ek wol beskôge wurdt as ien fan 'e Súdhollânske Eilannen. De namme is ôflaat fan de rivier de Hollânske Isel.

De Zwijndrechter Waard (Nederlânsk: Zwijndrechtse Waard) is in diel fan it eilân IJsselmonde.

Yn it noarden foarmet de Nije Maas de grins, yn it easten de Noard, yn it suden en westen de Alde Maas. It Waaltsje streamt troch it eilân.

IJsselmonde hat seis ûnderskate gemeenten:

Gemeente Ynwenners <br/ > (2022) Albrandswaard 26.000 Barendrecht 49.000 Hendrik-Ido-Ambacht 32.000 Ridderkerk 47.000 Rotterdam (suden) 248.000 Zwijndrecht 45.000 Totaal 447.000

Kategory:Diel fan Súd-Hollân Kategory:Eilân yn Súd-Hollân