Killers is it twadde studio-album fan Iron Maiden. It album waard opnommen tusken novimber 1980 en jannewaris 1981 yn de Battery studios yn Londen en waard in moanne letter op 2 febrewaris 1981 útbrocht. It is it lêste album mei Paul Di'Anno as sjonger dy't ein 1981 ûntslein waar, fanwegen Di'Anno's oermjittige drugs- en drankgebrûk en oare omstannichheden. En it is it earste album mei gitarist Adrian Smith earder fan Urchin.
It nûmer Twilight Zone soe op it album ferskine, dochs waard op it lêste momint skrast, mar waard mei Wrathchild as single mei dûbele A-kant útbrocht. In soad socht sammelobjekt foar leafhawwers is it Amerikaansk promoasje-album op finyl út 1981 fan Killers dêr't it nûmer Twilight Zone dochs op stiet. Op lettere ferzjes fan it album waard Twilight Zone as ekstra nûmer taheakke.
Spyllist nû. titel skriuwers doer1.The Ides of March (ynstrumintaal) Steve Harris1:482. WrathchildHarris2:543. Murders in the Rue MorgueHarris4:144. Another LifeHarris3:225. Genghis Khan (ynstrumintaal)Harris3:026. Innocent ExileHarris3:507. KillersPaul Di'Anno en Harris4:588. Prodigal SonHarris6:059. PurgatoryHarris3:1810.DrifterHarris4:47
Singles titel skriuwers doer utbrochtWrathchildSteve Harris2:542 maart 1981PurgatoryHarris3:1815 juny 1981
Muzikanten Paul Di'Anno - Sang Dave Murray - Gitaar Adrian Smith - Gitaar Steve Harris - Bas Clive Burr - Drums
Kategory:Album fan Iron Maiden Kategory:Album út 1981 Kategory:Ingelsktalich album Kategory:Metalalbum