Bolnes is in doarp dat mei de doarpen Slikkerveer, Ridderkerk, Rijsoord en Oostendam diel útmakket fan 'e gemeente Ridderkerk yn 'e provinsje Súd-Hollân. Yn 2022 hie Bolnes 7.890 ynwenners. Foar postadressen leit Bolnes "yn" Ridderkerk.

Lizzing Bolnes leit oan 'e súdlike igge fan 'e Nije Maas op it eilân IJsselmonde. It wurdt fan it tichtstby lizzende Ridderkerkske doarp Slikkerveer yn it easten troch it Donckse Bos skieden, dêr't it noch bewenne 18e-iuwske ryksmonumint Huys ten Donck stiet. Yn it westen foarmet it Dijkje de grins mei Rotterdam. Yn it suden wurdt Bolnes begrinzge troch de Kievitsweg mei dêr efter ikkers.

Utwreidingsskiednis thumb|left|Doop fan 'e Genevieve op 'e werf fan 'e firma Pot Bolnes. Oant de ein fan 'e 19e iuw wie Bolnes net folle mear as in stik lintbebouwing oan 'e Ringdyk. By it begjin fan 'e Twadde Wrâldkriich wie de wyk Oud-Bolnes ree. De wichtichste wurkjouwers wiene doe de skipswerven Boele en Pot en it masinefabryk Van Dam.

Yn 'e jierren 1970 kaam der in grutte útwreiding nei it suden ta, mei hege flatgebouwen, in grutter winkelsintrum ('Bolnes-Zuid') en nije skoallen. It winkelsintrum waard letter ferskate kearen ferboud en fernijd.

Lykas in soad Nederlânske skipswerven, krigen Boele en Pot yn 'e jierren 1970 swierrichheden. In fúzje brocht gjin feroaring en yn 1986 moast de lêste skipswerf fan it plak de poarten slute, wêrtroch't hûnderten minsken harren wurk ferlearen. De frijkommen terreinen binne letter beboud mei prestizjeuze wenten en in opfallend hege toer oan it wetter. Om 1990 en 2000 hinne binne dielen fan it âlde doarp ôfbrutsen om se te ferfangen troch nijbou.

Spaanske gastarbeiders Sûnt 1961 kamen der Spaanske gastarbeiders nei Bolnes dy't op de skipswerven wurken. Hja waarden ûnderbrocht yn in barakkekamp ('Spanjoalenkamp'). In grut diel fan dy nije ynwenners is letter werom gien nei Spanje of ferhûze nei oare plakken yn Nederlân.

Kategory:Plak yn Ridderkerk