One of Us is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 21 oktober 1981 yn de Polar Studios yn Stockholm en útbrocht op it album The Visitors út 1981. One of Us wie it sechsde nûmer op it album en waard op 7 desimber 1981 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer One of Us waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. It nûmer giet oer in frou dy 't wer libben besiket te blazen yn in ferrûne relaasje. It nûmer lit de wat tsjustere kant fan de teksten fan Björn Ulvaeus en Benny Andersson sjen: de echtskiedingen fan de twa manlju binne dúdlik werom te hearren yn it nûmer.
Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar Benny Andersson – Sang & Toetsen Gastmuzikanten Lasse Wellander - Gitaar & Mandoline Rutger Gunnarsson - Bas & Mandoline Ola Brunkert - drums
Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1981 Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet