De oblast Magadan (Russysk: Магаданская область; Magadanskaja oblast) is in bestjoersdistrikt yn it fiere easten fan Ruslân.
It gebiet is tige tin befolke en mear as de helte fan alle ynwenners wenje yn de haadstêd mei deselde namme. Geografy thumb|left|250px|Lânskip rajon Jagodnoje De oblast leit oan de See fan Ochotsk en omfiemet in diel fan it East-Sibearyske Berchlân, fral it Kolymaberchtme. Likernôch de helte fan it gebiet ûntwettert op de See fan Ochtotsk, de oare helte op de Kolyma. It oerflak is mei 462.464 km² net folle grutter as Sweden.
Befolking De Russyske kolonisaasje sette yn de 17e iuw útein. Yn de Sovjet-Uny stie dit diel fan it lân op in minne namme troch it grutte tal strafkampen. De stêd Magadan waard yn 1939 stifte as in stasjon, dêr't twangarbeiders fierder nei de minen transportearre waarden. Folle mear as oare gebieten fan de Russyske Federaasje wenje de measte minsken yn de oblast Magadan yn stêden. Yn 2020 wie dat 97,73%.
It al tin befolke gebiet hat sûnt 1989 in hiel soad ynwenners ferlern. Fan 1989 oant 2010 rûn it ynwennertal mei wol 60% tebek. Ek minderheden lykas Oekraïners, Wyt-Russen en Tataren binne yn grutte tallen ferhûze.
Oant yn de tiid fan Joazef Stalin wennen der hast gjin minsken. By in earste folkstelling yn de Sovjet-Uny wennen yn it hiele gebiet mar 7000 minsken. De befolking naam troch de deportaasje fan twangarbeiders ta en neffens de folkstelling fan 1939 wennen der al 149.712 minsken.
Befolkingsûntwikkeling Sûnt de ûntbining fan de Sovjet-Uny binne hiele doarpen ûntfolke. Ek de stedsbefolking is sûnt 1989 sterk ôfnommen. It oandiel fan de stedske befolking yn de oblast is lykwols wol tanommen.
Jier 1927 1930 1940 1950 1961 1970 1980 1990 2000 2010 2020 2022 Ynwennertal* 12.000 20.200 178.000 161.700 245.000 352.481 478.000 390.276 201.974 156.996 140.149 137.767 * Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 2 augustus 2022
Lânseigen befolking Foar de Oktoberrevolúsje bestie de befolking fan it gebiet hast allinne út de oarspronklike bewenners, ek al hearde it gebiet doe al mear as 200 jier by it Russyske Ryk. Nei't Stalin mei de deportaasje nei de strafkampen begûn en it ûntdekken fan grûnstoffen feroare dat. Tsjintwurdich foarmet de lânseigen befoking mar in lytse minderheid fan likernôch 6.000 minsken (2002: 5995, 2010: 5854).
Ekonomy Mynbou is de belangrykse pylder fan de ekonomy fan it gebiet. Benammen goud, sulver en tin wurdt fûn. Ek is de fiskerij en de enerzjywinning fan belang.
Stêden Yn de oblast is der njonken Magadan noch de stêd Sûsûman. Dêrnjonken wiene der noch 28 plakken mei in stedsk karakter, mar troch it tebekrinnende ynwennertal hawwe guon dêrfan dy status yntusken formeel ferlern. thumb|260px|Magadan + Gruttere plakken Stêd */ Delsetting mei stedsk karakter Russysk Ynwennertal (1989) Ynwennertal Wapen Lokaasje Jagodnoje Ягодное 11.024 2.767 (2022) gjin Magadan* Магадан 151.652 91.432 (2022) 40px Ola Ола 10.122 5.985 (2022) 40px Omsûktsjan Омсукчан 9.873 3.565 (2022) gjin Palatka Палатка 10.496 3.751 (2022) gjin Sokol Сокол 8.011 4.779 (2022) gjin Sûsûman* Сусуман 16.818 4.195 (2022) 40px Ust-Omtsjûg Усть-Омчуг 11.343 2.659 (2022) gjin * Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 2 augustus 2022
Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1953