Manuel (Manny) Charlton (La Línea de la Concepción, Spanje, 25 july 1941 - Teksas, Feriene Steaten, 5 july 2022) wie in Skotsk gitarist. Hy waard bekend as mei-oprjochter fan Nazareth.

Karriêre Foardat er by Nazareth kaam, spile Charlton yn in pear bands, benammen de Mark 5 en letter de Red Hawks, oant er lid waard fan de band The Shadettes. Yn 1968 feroare de band syn namme yn Nazareth, ynspirearre troch de iepeningstekst fan The Weight, in liet fan The Band. Charlton wie ek jierrenlang de produsint fan de band, as opfolger fan Roger Glover fan Deep Purple, nei't de band besletten hie in nije rjochting yn te slaan foar it album Hair of the Dog. Charlton produsearre ek it titelleaze Dan McCafferty-debútalbum yn 1975, mei in single Out of Time. Hy soe in rige suksesfolle Nazarethalbums produsearje, oant en mei No Mean City yn 1979.

Axl Rose fan Guns N' Roses woe yn't earstoan dat "de man dyt Nazareth's Hair of the Dog produsearre" produsearje soe wat it trochbrekken fan de band wurde moatte soe. Charlton krige it fersyk fan Geffen Records en produsearre yn juny 1986 ferskate opnamen yn Sound City Studios te Los Angeles. Oan de ein fan de sesje hiene se 25 nûmers op tape. Nei dit earste wurk gie Charlton werom nei Nazareth yn Jeropa en Guns N' Roses hierde Mike Clink yn om it album te produsearjen. Charltons produksjes binne opnaam as bonussen op de werútjefte fan Appetite for Destruction yn 2018.

Nei it ferlitten fan Nazareth yn 1990 spile Charlton in pear soloshows yn it Skotske klupsirkwy en brocht er syn earste soloalbum Drool út yn 1997, mei Neil Miller op sang. It jier dêrnei ferhuze er nei Teksas, dêr't er de Manny Charlton Band (MCB) oprjochte. De nije band brocht in pear albums út foardat se yn 2003 útinoar giene.

Tusken 2003 en 2005 brocht Charlton wer wat solowurk út en begjin 2006 kaam Charlton by de Sweedske rockband From Behind, dy’t harren debútalbum mei de titel Game Over útbrocht en troch Europa toerde om it album te stypjen foardat se ein 2007 útinoar giene. Charlton brocht doe in solo-album Americana Deluxe út, mei nûmers as Fleetwood Mac's Tusk.

Charlton wie in oantal jierren boaske mei Isabel mei wa't er in soan en dochter krige. Yn 1997 ferhuze Charlton nei Texas yn Amearika, dêr't er boaske mei in Julie. Yn 2015 ferhuze er nei Cordoba yn Spanje.

By in besite oan de Feriene Steaten ferstoar Charlton op 5 july 2022 yn Teksas, yn 'e âldens fan 80 jier.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Nazarethnovimber 1971NazarethDear John,Morning Dew (Bonnie Dobson cover),Exercisesjuly 1972Razamanazmaaie 1973Broken Down Angel,Bad Bad Boy,RazamanazLoud 'n' Proudnovimber 1973This Flight Tonight (Joni Mitchell cover)Rampant26 april 1974 Shanghai'd in Shanghai Hair of the Dog3 april 1975Love Hurts (The Everly Brothers cover),Hair of the DogClose Enough for Rock 'n' Roll1976Carry Out Feelings,LorettaPlay 'n' the GameI Want To (Do Everything for You) (Joe Tex cover),Somebody to Roll,I Don't Want to Go On Without You (The Drifters cover)Expect No Mercy1977Gone Dead Train,Shot Me Down,Place in Your HeartNo Mean City1979May the Sunshine,StarMalice in Wonderland1980HolidayThe Fool Circlefebrewaris 19812XSjannewaris 1982Love Leads to Madness,Games,Dream OnSound Elixirjuny 1983Where Are You NowThe Catch1984Party Down,Ruby Tuesday (The Rolling Stones cover)Cinema1986CinemaSnakes 'n' Laddersjannewaris 1989Piece of My Heart (Erma Franklin cover)Drool 1999Manny CharltonBravado 2000Stonkin2002Manny Charlton BandKlone This2003Say The Word2004Manny CharltonSharp2004 Sharp Re-Loaded2005Game Over2006From BehindAmericana Deluxe 2007Manny CharltonThen There's This2008Hellacious2013Manny Charlton BandIt Does SomethingSolo2016Manny Charlton

Kategory:Skotsk gitarist Kategory:Persoan berne yn 1941 Kategory:Persoan stoarn yn 2022