Does Your Mother Know is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 6 febrewaris 1979 yn de Polar Studios yn Stockholm en útbrocht op it album Voulez-Vous út 1979. Does Your Mother Know wie it sechsde nûmer op it album en waard op 27 april 1979 útbrocht as twadde single fan it album.
Oer it nûmer Does Your Mother Know waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. It nûmer giet oer in man dy't it flirten fan in folle jonger famke beäntwurdet. Does Your Mother Know wykt ôf fan de normale ABBA-styl, omdat de haad-sang net dien wurdt troch ien fan de sjongeressen, mar troch Björn.
Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar Benny Andersson – Sang & Toetsen
Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1979 Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet