Angeleyes is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 26 oktober 1978 yn de Polar Studios yn Stockholm en waard útbrocht op it album Voulez-Vous út 1979. Angeleyes wie it fjirde nûmer op it album en waard op 6 july 1979 1979 útbrocht as tredde single fan it album, tegearre mei it nûmer Voulez-Vous as dûbele A-kânt.
Oer it nûmer Angeleyes waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. Angeleyes is in nûmer wêryn't de haadpersoan froulju smeket om de ferrifeljend ûnskuldige eachopslach fan in kreaze, mar misliedende man te mijen, en warskôget harren op te passen foar it "spul dat er graach spilet".
Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar Benny Andersson – Sang & Toetsen
Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1979 Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet