Froukje (echte namme: Froukje Veenstra) (Nieuwkoop, 4 septimber 2001) is in Nederlânske sjongster.

Karriêre Har earste ferske Groter Dan Ik kaam begjin 2020 út, in protestliet dat de klimaatkrisis beskreau. Tegearre mei Pepijn Lanen (De Jeugd van Tegenwoordig), Leon Palmen en Jens van der Meij skreau se ûnder oare Onbezonnen. Dit ferske waard yn jannewaris 2021 útbrocht. It ferske komt fan de yn 2021 útbrochte ep Licht en donker, dêr't yn totaal seis ferskes op stean. Froukje wie yn maaie 2021 te sjen yn in reklame kampanje fan de Nederlandse Spoorwegen dêr't se it liet Morgen is het weer vandaag foar skreaun hat, dat as eftergrûnmuzyk yn de reklame tsjinne.

Priveelibben Froukje Veenstra komt út in ûnderwiisgesin wêrby 't muzyk min ofte mear in sintrale rol ferfollet. En hat oan it Rotterdamsk konservatoarium studearre.

Diskografy EP Licht en donker - (7 jannewaris 2021) - Top Notch Uitzinnig - (18 maart 2022) - Top Notch

Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk lietsjeskriuwer Kategory:Persoan berne yn 2001