Kaleesh (inkeltal idem; útspr.: [kɑˈliːʃ], likernôch: "ka-liisj") binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dat yn 2014 yntrodusearre waard. Hja komme fan 'e planeet Kalee.

Kaleesh binne op twa skonken geande reptilen mei in tsjûke, hurde, readbrunige hûd, besteande út skobben dy't frijwol harren hiele lichem oerdekke. Dêrtroch wurde se beskerme tsjin 'e tesinzgjende sinne op harren thúswrâld. Se hawwe hannen mei fjouwer fingers, dy't tarist binne mei lange klauwen. De measte Kaleesh drage maskers makke fan 'e skedels fan freze rôfdieren op harren thúswrâld, lykas de karabac of de mumuu.

Yn 'e Huk-oarloch keas de Galaktyske Republyk de kant fan 'e fijân fan 'e Kaleesh en ferneatige harren ekonomy. Dêrtroch boazen de dochs al drege libbensomstannichheden op Kalee noch fierder oan. De Yntergalaktyske Bankêre Groep holp harren letter út 'e depresje wei op betingst dat se har oanslute soene by de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Sadwaande fochten de Kaleesh yn 'e Kloane-oarloggen tsjin 'e Galaktyske Republyk.

Sjoch ek generaal Grievous

Keppelings om utens Artikel oer Kaleesh yn Wookieepedia, de offisjele Star Wars-Wikipedy

Kategory:Fiktive bûtenierdske libbensfoarm út Star Wars Kategory:Fiktyf elemint yntrodusearre yn 2014

en:List of Star Wars species (K–O)#Kaleesh