De oblast Lipetsk (Russysk: Липецкая область; Lipetskaja oblast) is in oblast yn it súdwestlike diel fan Europeesk Ruslân.
Troch de oblast, dy't yn de Easteuropeeske Leechflakte leit, streamt de rivier de Don. De oblast is wichtich foar de ynfrastruktuer fan de federaasje en ferbynt bygelyks Moskou mei de noardlike Kaukasus.
Ekonomy Belangrike bedriuwsektoaren binne de masinebou en de stielferwurking. Tusken de haadstêd Lipetsk en de stêd Grjazi is sûnt 2005 de 1027 hektare grutte spesjale yndustriële sône oanlein.
Bestjoersyndieling en stêden thumb|300px|Bestjoersgebou fan de oblast yn Lipetsk De oblast bestiet út 18 rajons en de twa stedsdistsrikten Lipetsk en Jelets. Meiïnoar lizze der acht stêden yn de oblast. Bestjoerssintrum is Lipetsk.
Namme Russysk Stedsdistrikt/Rajon Ynwenners (2022) Wapen Lokaasje Dankov Данков Rajon Dankov 18.311 40px Grjazi Грязи Rajon Grjazi 46.054 40px Jelets Елец Stedsdistrikt 99.208 40px Lebedjan Лебедянь Rajon Lebedjan 18.627 40px Lipetsk Липецк Stedsdistrikt 496.447 40px Zadonsk Задонск Rajon Zadonsk 9.366 40px Tsjaplygin Чаплыгин Rajon Tsjaplygin 11.621 40px Usman Усмань Rajon Usman 19.302 40px
Befolkingsûntwikkeling Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022 Ynwenners 1.478.000 1.353.000 1.142.000 1.224.000 1.225.000 1.230.000 1.213.500 1.113.680
Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1959